Springe nei ynhâld

Broekster tsjerke

Ut Wikipedy
Broekster tsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
plak De Broek
adres It Noard 21
koördinaten 52° 58'N 5° 46'E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige oarspr. Sint-Kristoffel
Arsjitektuer
boujier 1913
Webside
Side Broekster tsjerke
Kaart
Broekster tsjerke (Fryslân)
Broekster tsjerke

De Broekster tsjerke is in earder tsjerkegebou út 1913 yn De Broek yn de gemeente De Fryske Marren. Sûnt 2014 hat de PKN-gemeente De Jouwer de tsjerke oerdroegen oan de Stifting Behear Broekster Tsjerke. Yn opdracht fan de stifting is it gebou renovearre as doarpshûs en iepene foar oare aktiviteiten.

De skiednis fan de tsjerke giet werom op it ûntstean fan De Broek. Patroanhillige fan de Broekster tsjerke wie eartiids Sint-Kristoffel, de hillige fan de reizgers en elkenien dy't mei ferfier te meitsjen hie. Oant 1580 bleau de tsjerke roomsk. Dêrnei waard de roomske misse ferbean; preesters krigen de kar om mei oer te gean op de nije protestantske leare of op te hâlden mei preekjen. De pastoar fan 'e Broek, hear Lubbert, woe de nije lear net ferkundigje en hy ferfear.

Der wie yn dy tiid in grut tekoart oan dûmny's en dêrom waard yn 1585 de Hegeskoalle yn Frjentsjer oprjochte. De earste dûmny dy't nei De Broek kaam, Melchior Clant, moast dield wurde mei Goaiïngaryp. Dat soe sa bliuwe oan 1951 ta. Clant kaam yn De Broek om 1601 hinne. Wannear 't er fuortgien of ferstoarn is, is ûnbekend. Syn opfolger Cornelis Meiledamius stie fan 1619 oant syn ferstjerren yn 1635 of 1636 yn 'e Broek. Op 28 desimber 1636 waard de Harnzer Elias Hannonius befêstige. Hy ferfear yn 1641 nei Langwar. De Langwarder predikant Abrahamius Oberti Miederhuys kaam doe nei De Broek. Hja ruilen fan plak om't Miederhuys noch al wat lijen hie mei ferskate gemeenteleden yn Langwar. Ien fan de gemeenteleden dêr't er spul mei hie wie grytman Osinga.

Miederhuys bleau net lang. Yn it selde jier waard er noch beroppen te Haskerhoarne, Alde- en Nijehaske. Grytman Osinga aksele fûl tsjin, mar moast lang om let belies jaan doe't de klassis besleat dat Miederhuys fuort mocht. Wol moast de gemeente fan Haskerhoarne in fergoeding betelje fan fjirtich gûne fanwege syn koarte ferbliuw oan de gemeente Broek/Goaiïngaryp. Ek moast Haskerhoarne de kosten fan it mienskiplike miel op de dei fan de beropping betelje. De gemeente bleau twa jier fakant. Doe waard Gerarder Sixti, kandidaat te Frjentsjer, beroppen. Hy bleau oant syn dea, yn 1679, yn de gemeente. Seisentritich jier hat er yn de Broek stien. Nicolaas Heijnema waard op 6 oktober 1680 befêstige. In jier letter wie er lykwols al stoarn.

De âldste ôfbylden fan it tsjerkegebou steane op de Schotanuskaart fan 1690. Doe hie de tsjerke in stompe toer. In akte fan 1618 beskriuwt it ynterieur fan de tsjerke (oernommen út De Vrije Fries 19). It giet oer de keap fan een seeckere legestede in Broexter karck, hebbende de langhte van een graff ende den breedte tusschen de bancken, streckende vanne toorn een treedtlanckte aff tot int oosten, so ende ghelijck d selve legerstede als nu benodigt is, te weten dat sij tusken den toorn ende de graven een treedslanckte ledich sullen laten leggen.... .....oock mede is gheprecaveert dat coper gheholden sullen sijn de graeffen off haer legersteeden, hier voren verhaelt, ten minsten met alsulcke steen aen te floeren ghelijck die op nu ghefloert is off naemaels ghefloert mochte worde.

Broekster klokkestoel

De toer stie yn 1618 dus noch foar de tsjerke en yn de tsjerke wienen grêven. Yn it jier 1723 makke de tekener Jacobus Stellingwerf in tekening fan de tsjerke. Op dy tekening wie de toer al sloopt. Nei alle gedachten hie de toer te folle te lijen hân fan it lieden fan de klok en dêrom waard de klok yn in klokkestoel hongen. Oepke Santema hat útfûn dat it wier is dat de Snitsers in klok stellen ha. Mar dat wie net de klok fan Goaiïngaryp, it wie de klok fan 'e Broek (It Beaken 1973). Hy fûn yn âlde boeken prosesstikken oer de klokkerôf. It fûnis is útsprutsen op 3 april 1593. De oarspronklike klok is nea werom komd. Yn 1600 kaam der in nije klok, deselde dy't hjoed-de-dei noch yn de klokkestoel hinget. Hy is getten yn Kampen, waacht 910 kg en hat in diameter fan 108 sm. Op de râne stiet: Henric Wegewart goot mi op dat pas als Anno 1600. De klok waard altyd let by tsjerketsjinsten, begraffenissen en alle dagen in pear kear om de tiid oan te jaan. Dat barde om 8.00, 12.00 en 16.00 oere.

Yn de Twadde Wrâldoarloch waard de klok foardere troch de Dútsers. Hja wiene fan doel de klok om te ranen en it metaal te brûken foar it meitsjen fan wapens, mar de oarloch einige foar de klok op 'e tiid en op de kade fan Harns waard de klok noch geef en hiel werom fûn.

Eartiids hat in lykhúske ûnder de klokkestoel stien. De klokkestoel rekke yn de maitiid fan 1976 slim skeind by in stoarm. Der folge in restauraasje en yn 1977 waard de fernijde klokkestoel yn gebrûk nomd. Mei de restauraasje is it dak wat heger set om de galm better útkomme te litten.

Yn 1913 waard de âlde tsjerke sloopt en de nije boud. Yn 1936 waard de gemeente tydlik kombinearre mei dy fan Terkaple en omkriten. Fan 1936-1947 wie dûmny T. Dokter de sielehoeder fan dy gemeente. De gemeente wie fakant fan 1947 oant 1951. Yn 1951 waard de kombinaasje mei Goaiïgaryp en Terkaple ferbrutsen. Sûnt dy tiid heart de herfoarme tsjerke fan De Broek by dy fan De Jouwer en Sniksweach.

De tsjerke krige yn 1994 brânskildere ramen fan Ale Hosper út De Broek mei ôfbylden út de omkriten fan it doarp. Yn 2014 waard de Broekster tsjerke troch de PKN-gemeente De Jouwer oerdroegen oan in stifting. Dêrnei folge in ferbouwing fan it gebou ta doarpshûs.

It oargel yn 'e tsjerke waard yn 1907 troch de firma M. Vermeulen út Woerden boud foar de tsjerke fan Boarnwert. Yn 1969 ferhûze it oargel nei De Broek. Yn 2002 restaurearre de firma Mense Ruiter út Súdwâld it oargel.

Sint-Kristoffel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de oarspronklike leginde dy't út it 'fiere easten' komt, wie der in reus mei in hûnekop. Hy hiet Reprobus; doe't er doopt waard krige er as nije namme Christophorus. Dat is Gryksk foar Kristusdrager. De namme waard ferbastere ta Kristoffel, en de betsjutting joech ynspiraasje ta in nije leginde. Kristoffel wie net allinnich de hillige fan de reizgers, hy wie ek ien fan de Fjirtjin Needhelpers dy't oanroppen waard by de pest, heilstiennen en deadsgefaar. De feestdei fan dizze hillige hat altyd 25 july west. It byld fan Sint-Kristoffel stiet faak by de yngong fan de tsjerke. Hy wurdt útbylde as in reus mei in jonge beam yn de hân dy't er as stêf brûkt. Op it skouder sit yn 'e regel it Kristusbern.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • De tekst fan dizze side is ôfkomstich fan de Wikipedy-side oer it doarp De Broek (sjoch: De Broek). De tekst oer de tsjerke op de side fan De Broek wie sa lang, dat in apart artikel better is. Boarnen yn it lemma oer De Broek wurde net neamd. De tekst is in lyts bytsje bewurke en de skiednis is yn in gronologyske folchoarder set.
  • Skiednis Broekster tsjerke