Bricquebec (band)
Bricquebec | ||
band | ||
‘’Bricquebec op Tsjoch’’ | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
sjongtaal | Frysk | |
sjenre | Rock | |
bestean | 1986 - 2008, 2018 - No | |
label(s) | Frigram | |
prizen | NCRV’s Popslag 1997 | |
âld-leden | Errit de Vries bas Johan Boxem drums Jaap Louwes mûlharp & sang Bert van Manen gitaar Mark Maas drums Gert Scheffer gitaar Simon Voogd drums Bowe van der Wal gitaar | |
leden | ||
Sang & Gitaar |
Else van der Greft | |
Gitaar | Rinze Akkerman | |
Toetsen | Jan Roorda | |
Bas | Marius Bamberger | |
Drums | Gilbert Terpstra |
Bricquebec is in Fryske rockband oprjochte yn 1986 yn Bakkefean. De band brocht yn 1987 syn debútalbum Ik Doch't Moarn Wol út. Yn 2008 hold de band der mei op, mar makke yn 2018 in trochstart. Bricquebec hat fiif studio-albums útbrocht.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De band makket sûnt 1986 lûde Fryske muzyk mar ek akoestyske nûmers. De eardere bassist, Errit de Vries, seach yn syn fakânsje yn Normandje it komboerd fan it plak Bricquebec. Troch de namme op syn Frysk út te sprekken ûntstie de bandnamme. It plakje Bricquebec stammet út de tiid fan de Wytsingen Sûnt de oprjochting fan de band hie Bricquebec oer belangstelling net te kleien en hawwe se nammebekendheid opboud. Yn de begjinperioade spile de band benammen yn súdeast Fryslân, mar yn de rin fan de jierren wie de rockformaasje in bekende ferskining op alle Fryske poadiums wurden.
De leden fan Bricquebec hiene elk foar himsels troch de jierren hinne frijwat rûtine en poadiumerfaring opdien. Foar harren ynset foar de Fryske muzyk waard de band troch de provinsje Fryslân nominearre foar de Bernlef kultuerpriis 2002 dy’t yn novimber útrikt waard. De stifting Conamus hie wyls ek ynteresse foar de musyk fan Bricquebec. De muzyk fan de band waard troch Fryske muzykresinsiinten " in stik bûter yn 'e brij " neamd en bleau ek net ûngemurken by RTV Drenthe, RTV Noord én de lanlike stjoerders. De resinsint fan de Leeuwarder Courant skreau destiids oer muzyk dy’t “likefolle ambachtlikheid as leafde foar muzyk útstrielt”. Yn 1992 wie de besetting Marius Bamberger (fretleaze bas en sang), Bowe van der Wal (solo-, slachgitaar en sang), Jaap Louwes (sang en mûleoargel), Johan Boxem (drums en sang) en Bert van Manen (slachgitaar en sang). Jaap Louwes en Bert van Manen ferlieten de band yn itselde jier. Else van der Greft en Gert Scheffer namen harren plak yn. Yn 2000 wie de besetting Else van der Greft (sang en gitaar), Marius Bamberger (basgitaar), Mark Maas (drums), Gert Scheffer (gitaar) en Jan Roorda (toetsen). Drummer Simon Voogd naam wer letter it plak yn fan Mark Maas.
Bricquebec waard yn 1997 winner fan it NCRV-programma Popslag. Yn de simmer fan 1998 joech de band in konsert yn it Normandyske stedsje, dêr't Bricquebec syn namme oan ûntliende. Yn 2007 is der noch hurd wurke oan it nije album “Nachtrave”. It is in kompilaasje wurden fan alle muzikale streamingen binnen de band. De manier fan komponearjen en arranzjearen joech de band it label fan melodieuze rockband; fan akoestyske- en stevige uptempo nûmers oant en mei gefoelige ballades. Yn febrewaris 2008, inkele moannen nei it útbringen fan it album ‘Nachtrave’, besleat de band om der na mear as 22 jier muzyk meitsjen in punt efter te setten. It alderlêste konsert wie op 28 novimber 2008 by de Fryske Music Night yn it WTC yn Ljouwert. Op 25 augustus 2018 lykwols wie op útnoadiging fan it Dodo festival yn Bakkefean in reüny optreden fan Bricquebec. It noaske de bandleden sa goed dat der besletten waard om nei al dy jierren de ynstruminten wer op te pakken. Yn 2021 is de band de studio yngien en binne der fjouwer nije nûmers opnaam. Der binne plannen om wer in kompleet album op te nimmen.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Studio-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht yn | Label | singles |
---|---|---|---|
Ik Doch't Moarn Wol | 1987 | Frigram | |
Lit Us Mar Rinne | 1992 | ||
Salang Lyn | 1996 | útbroch yn eigen behear | Strjitlizzer |
Hjoed | 2002 | Hjoed, Dyn Stapke | |
Nachtrave | 2007 |
Kompilaasje-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht yn |
---|---|
Aaipop: Earizer | 1992 |
Juster Hjoed Of Moarn | 1995 |
Aaipop: En Daverje | 1996 |
Fryslân Muzyklân, 2 | 2001 |
Fryslân Muzyklân: 12 Fryske Hits 5 | 2004 |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bricquebec (band) fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |