Boskgimzen

Ut Wikipedy
Boskgimzen
De Sumatraanske boskgims (Capricornis sumatraensis).
De Sumatraanske boskgims (Capricornis sumatraensis).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: evenhoevigen (Artiodactyla)
(sûnder rang): baarch- en walfiskeftigen
   (Artiofabula)
(sûnder rang): walfiskeftigen en wjerkôgers
   (Cetruminantia)
ûnderskift: wjerkôgers (Ruminantia)
tuskenskift: hoarndieren (Pecora)
famylje: holhoarnigen (Bovidae)
ûnderfamylje: geiteftigen (Caprinae)
tûke boskgeitantilopen
   (Nemorhaedini)
skaai: boskgimzen (Capricornis)
Ogilby, 1836

De boskgimzen of boskgemzen (wittenskiplike namme: Capricornis) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e wjerkôgers (Ruminantia), it tuskenskift fan 'e hoarndieren (Pecora), de famylje fan 'e holhoarnigen (Bovidae), de ûnderfamylje fan 'e geiteftigen (Caprinae) en de tûke fan 'e boskgeitantilopen (Nemorhaedini). Fossilen fan boskgims-eftige bisten geane tebek oan yn it Let Plioseen, 2 oant 7 miljoen jier lyn. Saakkundigen binne fan betinken dat de ierste mienskiplike foarâlder fan 'e geiteftigen wierskynlik tige by tige op 'e moderne boskgimzen like hat.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De binne seis soarten boskgimzen, dy't oant resint as ûnderskaai oan it skaai fan 'e goarals (Nemorhaedus) tafoege waarden. Se komme foar yn Sintraal-, East- en Súdeast-Aazje, en libje almeast op rotsige berchskeanten, hoewol op in legere hichte as de goarals. De boskgimzen binne grutter, trager en minder linich as goarals, mar se kinne lykwols noch altyd prima op steile skeanten út 'e fuotten. Oars as goarals sette boskgimzen mei klieren oan 'e foarkant fan har eagen geurflaggen ôf om har territoarium te markearjen. Beide geslachten fan 'e boskgimzen hawwe in sik en hoarnen dy't faak koarter binne as de earen.

Skaai-opbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.