Goarals

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Goarals
De Himalayagoaral (Nemorhaedus goral).
De Himalayagoaral (Nemorhaedus goral).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: evenhoevigen (Artiodactyla)
(sûnder rang): baarch- en walfiskeftigen
   (Artiofabula)
(sûnder rang): walfiskeftigen en wjerkôgers
   (Cetruminantia)
ûnderskift: wjerkôgers (Ruminantia)
tuskenskift: hoarndieren (Pecora)
famylje: holhoarnigen (Bovidae)
ûnderfamylje: geiteftigen (Caprinae)
tûke boskgeitantilopen
   (Nemorhaedini)
skaai: goarals (Nemorhaedus)
Hamilton Smith, 1827

De goarals (wittenskiplike namme: Nemorhaedus, soms stavere as Naemorhedus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e wjerkôgers (Ruminantia), it tuskenskift fan 'e hoarndieren (Pecora), de famylje fan 'e holhoarnigen (Bovidae), de ûnderfamylje fan 'e geiteftigen (Caprinae) en de tûke fan 'e boskgeitantilopen (Nemorhaedini).

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Goarals binne lytse geiteftigen, dy't yn Aazje libje en ferpraat binne oer de Himalaya en East- en Súdeast-Aazje. Se jouwe de foarkar oan steile, rotssige berchskeanten heech boppe seenivo, dêr't net in protte begroeiïng te finen is. It binne behindige bisten mei in lichemslingte fan 80-130 sm en in gewicht fan 25-40 kg. Fierders hawwe se koarte, nei efteren wizende hoarnen en in pels dy't yn kleur útinoar rint fan griis oant readbrún mei ljochtere plakken op it boarst, de kiel en de bealch en in dûnkerder stripe oer de wringe.

De wittenskiplike namme is basearre op it Latynske nemor-haedus, fan nemus of nemoris, dat "bosk" betsjut en haedus, dat "lytse geit" betsjut. Dy namme waard troch de beskriuwer fan dizze taksonomyske groep, Charles Hamilton Smith, yn 1827 lykwols misstavere as Naemorhedus. De oantsjutting 'goaral' (goral) komt fan in namme út eastlik Yndia foar de Himalayagoaral (Nemorhaedus goral). Der binne fjouwer soarten goarals. Oant resint waarden ek de seis soarten boskgimzen ta dit skaai rekkene, mar dy binne no ûnderbrocht yn it aparte skaai Capricornis.

Skaai-opbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.