Springe nei ynhâld

Bonifatiustsjerke (Damwâld)

Ut Wikipedy
Bonifatiustsjerke
bouwurk
De tsjerke fanút it súdwesten
De tsjerke fanút it súdwesten
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Dantumadiel
plak Damwâld (Moarrewâld)
adres Foarwei 2
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 13e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 11675
offisjele webside
Side fan de gemeente

De Bonifatiustsjerke is in romaanske tsjerke yn Damwâld. It doarp Damwâld hat twa hjoeddedei noch twa oarspronklik romaanske tsjerken, de Bonifatiustsjerke yn it eardere Moarrewâld en de Benediktustsjerke yn it eardere Dantumawâld. De romaanske tsjerke fan Ikkerwâld waard yn 1849 ôfbrutsen en ferfongen troch nijbou. De trije doarpen waarden yn 1971 gearfoefge ta it hjoeddeisk Damwâld.

Oargel

De Bonifatiustsjerke waard ± 1200 boud en is ien fan de âldste Fryske tsjerken dy't fan reade bakstien boud is. De bakstiennen muorren binne wer foar it ljocht komd nei de restauraasje yn de sechtiger jierren fan de 20e iuw, doe't de plasterlaach fan de tsjerke der ôfhelle waard. De oarspronklike romaanske sparnissen, ôfwiksele mei lytse rûnbôgefinsters binne goed ûnder de daksrâne fan de sydmuorren te sjen. Oarspronklik hie de tsjerke in rûne koarôfsluting, dy't grif yn de 16e iuw weihelle is en doe ferfongen is troch in rjochte ôfsluting. De toer is hast tagelyk mei de tsjerke boud en is út de 13e iuw. Wol is it oarspronklike fjouwer- of achtsidige helmtek fan de toer mooglik by 16e-iuwske feroarings ferfongen troch in sealtek. De laaien fan it tek fan de tsjerke binne yn 1772 ferkocht en ferfongen troch dakpannen. Yn de toermuorre binne romaanske ornaminten te werkennen.

De tsjerke is in ryksmonumint.

Neffens it folksferhaal soene der yn de tsjerketoer fan de tsjerke stiennen bôlen fan Bonifatius ynmitsele wêze. Dy bôlen figurearje yn ferskate sêgen om de persoan fan Bonifatius, de hillige dêr't de tsjerke oan wijd west hat.[1]

De mei de kristlike deugden (Leauwe, Hope en Leafde) fersierde preekstoel datearret fan 1818. It achterskot is âlder en hat mooglik fykwurk fan Yge Rintjes út Ljouwert. It klankboerd is fersierd mei de wapens fan Van Kleffens-Botnia. De ienfâldige banken foar de tsjerkeried oan wjerskanten fan de preekstoel drage 18e-iuwske fersierings.

It oargel út 1895 is fan Bakker & Timmenga. It ynstrumint krige in neoromaansk front, in ûntwerp dat letter yn Oerterp nochris wjerhelle waard.[2]

De tsjerke makket diel út fan de herfoarme gemeente fan Damwâld, dy't oansletten is by de PKN. De oare tsjerkegebouwen fan de PKN yn Damwâld binne:

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Meertens Ynstitút: Dokkum, H. Bonifatius
  2. Vijf Eeuwen Friese Orgelbouw, Jan Jongepier, ISBN 90 330 1199 9 / CIP