Bisdom Kopenhagen (Deenske Folkstsjerke)

Ut Wikipedy
Domtsjerke fan it bisdom Kopenhagen

It bisdom Kopenhagen (Deensk: Københavns Stift) is ien fan 'e alve bisdommen fan 'e Deenske Folkstsjerke, wêrfan tsien yn Denemark en ien yn Grienlân lizze. De Deenske Folkstsjerke is in evangelysk-luthersk tsjerkegenoatskip.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2022 wie it 100 jier lyn dat it bisdom Kopenhagen ûntstie troch de opdieling fan it âlde bisdom Seelân yn it bisdom Kopenhagen en it bisdom Roskilde. De biskop fan it bisdom Seelân wenne yn Kopenhagen, wylst de domtsjerke fan it bisdom yn Roskilde stie.

Op 1 jannewaris rekke it bisdom Kopenhagen mei de stifting fan it bisdom Helsingør in diel fan it gebiet kwyt. It bisdom bestiet út de stêd Kopenhagen mei in pear oangrinzgjende gemeenten en it eilân Bornholm.

Domtsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Us-Leaffrouwetsjerke (Kopenhagen).

De domtsjerke fan it bisdom is de Us-Leaffrouwetsjerke yn Kopenhagen.

Leden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2021 telde it bisdom 469.759 leden, itjinge 56% fan 'e befolking yn it bisdom útmakket.[1]

Organisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It bisdom is ûnderferdield yn 9 proasdijen (provstier).

  • Amagerbro Provsti
  • Amagerland Provsti
  • Bispebjerg-Brønshøj Provsti
  • Bornholms Provsti
  • Frederiksberg Provsti
  • Holmens og Østerbro Provsti
  • Nørrebro Provsti
  • Valby-Vanløse Provsti
  • Vor Frue-Vesterbro Provsti

List biskoppen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1922-1934 Harald Ostenfeld
  • 1934-1960 Hans Fuglsang-Damgaard
  • 1960-1975 Willy Westergaard Madsen
  • 1975-1992 Ole Bertelsen
  • 1992-2009 Erik Norman Svendsen
  • 2009- Peter Skov-Jakobsen

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Bisdommen fan de Deenske Folkstsjerke
Bisdom AalborgBisdom ÅrhusBisdom FúnBisdom GrienlânBisdom HaderslevBisdom HelsingørBisdom KopenhagenBisdom Lolland-FalsterBisdom RibeBisdom RoskildeBisdom Viborg