Bisdom Haderslev

Ut Wikipedy
Domtsjerke fan bisdom Haderslev

It Bisdom Haderslev (Deensk: Haderslev Stift) is ien fan 'e alve bisdommen fan 'e Deenske Folkstsjerke, wêrfan't tsien yn Denemark en ien yn Grienlân lizze. De Deenske Folkstsjerke is in evangelysk-luthersk tsjerkegenoatskip.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It bisdom ûntstie nei de weryndieling fan dielen fan it hartochdom Sleeswyk by Denemark nei it referindum fan 1920. Oarspronklik omfieme it bisdom Sleeswyk ek it hjoeddeiske suden fan Denemark, dat yn Dútslân yn 'e regel oantsjut wurdt mei Noard-Sleeswyk en yn Denemark mei Súd-Jutlân. Nei't it gebiet by Denemark kaam waard ek de fiertaal dêr Deensk.

It Deenske bisdom Haderslev hat oer de Dútske grins ek in ferantwurdlikens foar de Deensktalige minderheid yn Sleeswyk-Holstein. De Deenske Tsjerke yn Súd-Sleeswyk (Dansk Kirke i Sydslesvig) is in federaasje fan Deenske gemeenten yn 'e Dútske dielsteat.

Domtsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Domtsjerke fan Haderslev.

De domtsjerke fan it bisdom is de Us-Leaffrouwetsjerke (Vor Frue Kirke)) yn Haderslev.

Oantal leden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2023 wenne yn it bisdom in befolking fan 478.084 minsken, wêrfan 374.918 lid wiene fan 'e Deenske Folkstsjerke. Dat is 77,1% fan 'e befolking.[1]

Organisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It bisdom bestiet út sân proasdijen (provstier), dêr't 173 parochy's (sogne) en 208 tsjerken ûnder falle. De proasdijen binne:

  • Aabenraa Provsti
  • Fredericia Provsti
  • Haderslev Domprovsti
  • Hedensted Provsti
  • Kolding Provsti
  • Sønderborg Provsti
  • Vejle Provsti

List biskoppen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1923–1936: Valdemar Ammundsen (1875–1936)
  • 1936–1955: Carl W. Noack (1885–1960)
  • 1956–1964: Frode Beyer (1894–1976)
  • 1964–1980: Thyge Vilhelm Kragh (1910–1999)
  • 1980–1999: Olav Christian Lindegaard (* 1929)
  • 1999–2013: Niels Henrik Arendt (1950–2015)
  • 2013–  : Marianne Christiansen (* 1963)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Bisdommen fan de Deenske Folkstsjerke
Bisdom AalborgBisdom ÅrhusBisdom FúnBisdom GrienlânBisdom HaderslevBisdom HelsingørBisdom KopenhagenBisdom Lolland-FalsterBisdom RibeBisdom RoskildeBisdom Viborg