Springe nei ynhâld

Bisdom Helsingør

Ut Wikipedy
Domtsjerke fan Helsingør

It Bisdom Helsingør (Deensk: Helsingør Stift) is ien fan 'e alve bisdommen fan 'e Deenske Folkstsjerke, wêrfan't tsien yn Denemark en ien yn Grienlân lizze. De Deenske Folkstsjerke is in evangelysk-luthersk tsjerkegenoatskip.

It bisdom waard op 1 jannewaris 1961 troch in ôfsplitsing fan it bisdom Kopenhagen stifte. Under it bisdom falt de regio Hovedstaden, útsein de stêd Kopenhagen mei in pear rânegemeenten fan Kopenhagen.

Sjoch: Domtsjerke fan Helsingør foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

De domtsjerke is de Sint-Olaftsjerke (Sct. Olai Domkirke) yn Helsingør.

It bisdom bestiet út trettjin proasdijen (provstier), dy't ûnderferdield binne yn 147 parochy's (sogne) en 165 tsjerken (sifers fan 2023).[1]

Under it bisdom falle de folgjende proasdijen:

  • Ballerup-Furesø Provsti
  • Fredensborg Provsti
  • Frederikssund Provsti
  • Frederiksværk Provsti
  • Gentofte Provsti
  • Gladsaxe-Herlev Provsti
  • Glostrup Provsti
  • Helsingør Domprovsti
  • Hillerød Provsti
  • Høje Taastrup Provsti
  • Kongens Lyngby Provsti
  • Rødovre-Hvidovre Provsti
  • Rudersdal Provsti
  • 1961–1980: J.B. Leer-Andersen
  • 1980–1995: Johannes Johansen
  • 1995-2021: Lise-Lotte Rebel 1995 - 2021
  • 2021-  : Peter Birch

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Bisdommen fan de Deenske Folkstsjerke
Bisdom Aalborg · Bisdom Århus · Bisdom Fún · Bisdom Grienlân · Bisdom Haderslev · Bisdom Helsingør · Bisdom Kopenhagen · Bisdom Lolland-Falster · Bisdom Ribe · Bisdom Roskilde · Bisdom Viborg
· · Berjocht bewurkje