Domtsjerke fan Helsingør
Domtsjerke fan Helsingør | ||
Lokaasje | ||
lân | Denemark | |
Regio | Haadstêd | |
plak | Helsingør | |
adres | Sct. Anna Gade 12 | |
koördinaten | 56° 2' N 12° 36' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
bisdom | Helsingør | |
patroanhillige | Sint-Olaf | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1200-1599 | |
boustyl | Gotyk | |
Webside | ||
Hiemside bisdom Hiemside domtsjerke | ||
Kaart | ||
De Domtsjerke fan Helsingør of de Sint-Olaftsjerke (Deensk: Helsingør Domkirke of Sct. Olai Domkirke) is de lutherske domtsjerke fan it bisdom mei deselde namme yn 'e Deenske stêd Helsingør.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard om 1200 hinne as in romaanske doarpstsjerke fan 19,25 by 11,5 m boud. In earste útwreiding fûn oan it begjin fan 'e 15e iuw ta plak. De tsjerke waard oan 'e westlike kant langer makke en der kaam in toer fan goed 15 meter heech yn goatyske styl mei trepgevels. Yn 'e twadde helte fan 'e 15e iuw waard noardlik fan de romaanske tsjerke de Trije-ienheidskapel, in grêfkapel foar de famylje Oxe, oanboud. Wat letter waard der fierder wurke mei de bou fan in nij koer, de ferbreding fan it gebou ta in trijeskippige basilyk en de tafoeging fan de sakristy oan 'e noardlike kant. Yn 1559 wie de tsjerke mei it ynbringen fan 'e lêste ferwulften foltôge. Tagelyk waard ek de toer mei likernôch 10 meter ferhege.
Fan 'e romaanske tsjerke is de noardlike muorre yn it muorre fan it noardlike sydskip yntegrearre, de rest fan de romaanske tsjerke waard by de fergrutting fan 'e tsjerke ôfbrutsen.
Yn 'e jierren 1578-1579 waard oan 'e súdlike kant fan 'e tsjerke de foarhal boud. De toer krige yn 'e earste helte fan 'e 17e iuw in slanke hege spits, mar by in orkaan yn 1737 foel de spits op de foarhal. De foarhal waard renovearre, mar de toer bleau sûnder spits oant Hermann Baagøe Storck yn 1898 de hjoeddeiske spits boude.
Yn it ramt fan in grutte renovaasjes fan 'e tsjerke yn 'e jierren 2000-2001 waarden in grut tal grêfkelders iepene. Likernôch 50 kisten waarden dokumintearre en ûndersocht troch it Stedsmuseum fan Helsingør. It die bliken dat de omskotten noch tige goed bewarre wiene. Mei it lizzen fan in nije flier waarden de grêven nei it ûndersyk wer sletten.
Domtsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1961 waard in diel fan it gebiet fan it bisdom Kopenhagen ûnderbrocht by it nij oprjochte bisdom Helsingør. Sûnt dy tiid is de tsjerke de sit fan de lutherske biskop.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke is oarspronklik wijd oan 'e Noarske hillige Sint-Olaf. Fan de hillige Olaf hawwe ferskillende ôfbylden yn 'e domtsjerke werom te finen.
De preekstoel fan 'e tsjerke stamt út 1567 en is ien fan 'e âldste preekstuollen fan it lân. Yn 1624 binne der in pear oanpassings west, lykas in nij klankboerd en de tafoeging fan nije pylders.
It alter is mei in hichte fan 12 meter ien fan 'e heechste alters fan Denemark. It waard troch Lorentz Jørgensen út Holbäk fike en yn 1664 oan 'e tsjerke levere. Oarspronklik wie it alter yn syn natuerlike ikekleur, mar yn 1775 waard it fergulde. Op it alterblêd steane twa goatyske kandelers, dy't mooglik noch út 'e âlde Olaftsjerke stamme.
Efter it alter binne fresko's fan wapens en it jiertal 1559, it jier fan 'e foltôging fan de bou. Oan 'e sydkanten steane twa lytsere hûsalters fan Cornelis Floris út Antwerpen, dy't yn 1560 skonken binne troch Herluf Trolle en Birgitte Gjøe.
It koerhek waard yn 'e jierren 1652-1653 troch Claus Brameyer en Jens Mortensen makke. De man oan 'e sudlike wand fan it paneel tusken de earste en de twadde pylder mei in ûntbleat boppelichem en slaggen yn it hier, stelt neffens de tradysje Claus Brameyer foar. It krúsbyld boppe it hek stamt nei alle gedachten út de tiid dat it nije koer ynwijd waard (1521).
Yn 'e tsjerke binne fierder in grut tal epitafen te sjen. Ek hat de tsjerke in pear ryk útfierde 17e-iuwske kroanluchters.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel fan de domtsjerke waard yn 1969 troch P.G. Andersen út Kopenhagen boud. Mei 54 registers en 3300 pipen heart it ta ien fan 'e grutste oargels fan Denemark.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|