Binne Lútzen Boarnstra
Binne Lútzen Boarnstra | ||
skriuwer | ||
Binne Lútzen Boarnstra | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Binne Lútzen Boarnstra | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 18 oktober 1946 | |
berteplak | Ljouwert | |
stoarn | 9 septimber 2011 | |
stjerplak | Snits | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
sjenre | Poëzy |
Binne Lútsen Boarnstra, (Ljouwert, Diakonessehûs, 18 oktober 1946 - Snits, 9 septimber 2011), wie dichter-skriuwer, skipper en historikus. Binne wie yn de jierren '80 skipper fan it beurtskûtsje 'Swanrad'. De lêste jierren wie hy benammen dichter en skriuwer.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Heit Gosse wie de earste Boonstra sûnt de 17e iuw dy't net farde, mar dy't as ûnderwizer nei Nederlânsk-Ynje gie, omdat der hjir gjin wurk wie. Gosse brocht Binne Nederlânsktalich op, want nei in tydlik ferbliuw yn Westernijtsjerk wennen se yn Inkhuzen en Wassenaar. Doe't syn heit haad fan de mulo yn Huzum waard, ferplichte heit de bern om Frysk te praten; dienen se dat goed, dan krigen se oan ’e ein fan de wike in gûne. Dy twatalige achtergrûn soe letteroan ek nei foaren komme yn syn poëzij. Syn earste Fryske gedichten krigen plak yn it dichtbondeltsje 'Ut Fryslâns boezem' (1971), dêr’t ek Jelle Kaspersma, Tsjêbbe Hettinga, Anne de Vries en Hiske Rypma oan meiwurken. Se koenen inoar fan de kweekskoalle en kofjebar De witte Kat yn Snits. It ûnderwiis lei him lykwols net, hy hie in ôfgriis fan it 'jo moatte dit en jo moatte dat'. In pear moanne foar it eineksamen hong er de aktetas oan ’e wylgen. Frijgeast as er wie, sei er: 'De dichter giet foar de boarger'. Binne gie doe nei de kweekskoalle yn Ljouwert, mar bedarre úteinlik op see as beurtskipper. Hy woe bern de werklikheid net út hokjes leare; dy moatte se yn in breder ferbân sjen leare. Boarnstra syn earste reis wie nei de Falklâneilannen, dêr't Binne Lútsen op in brulloft optrede as oargelist. De Staverder farde jierrenlang. Koart hied er ek in eigen skip. Syn dochter hat it rinnen leard op ’e klipper, de widze stie yn de roef. Hy ferlear syn njoggen moanne âlde soantsje en nei de iere dea fan syn eks-frou ferkocht hy syn skip om foar harren oare dochter en soan soargje te kinnen. Hy libbe sober en fertsjinne meast de kost troch as brune-sylfeartskipper mei toeristen te farren.
Syn freon Tsjêbbe Hettinga, mei wa't er sûnt de tachtiger jierren it boartlike "Sizzenskiplik Wurkferbân" foarme, trune him oan om dichter te wurden. Al dichtsjend hat er de dea fan syn soantsje ferwurke yn it epos "De levensboom der lage landen", dat er as syn libbenswurk beskôge. It wurk ferskynde yn 1996 yn it Ingelsk, Hollânsk en Frysk. De skiednis, dêr't hy nei it ferlies fan syn soantsje yn dûkte, brocht him yn de kunde mei archeolooch Herre Halbertsma. Op histoarysk mêd bestride er it feit dat Nymwegen âlder wêze soe as syn Starum. Mei syn "Bûtendykse Akademy" trede Boarnstra bûten de bewende paden fan de binnendykse Fryske Akademy. Troch syn eigensinnige frije geast paste er net yn wittenskiplike kanalen en koe er syn útjeften net yn boekfoarm kwyt. Syn poadium wie de webstee fan Starum 850 en de opinyside fan de Ljouwerter Krante.
Hy levere skiedkundige bydragen oan in webside oer Starum, www.stavoren950.nl.; die ûndersyk en skreau dêroer histoaryske ferhalen, benammen oer de skiednis fan Starum. It tinkboek fan 950 jier Stedsrjochten foar Starum waard syn lêste grutte publikaasje. Hy skreau der as âld-skûtsjeskipper in haadstik yn oer de Benediktiner kannunik Odulf út Oirschot, letter Sint Odulfus (± 830) en it seerjocht.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Staveren. Hoofdstad van de Friese kusten, mei Dirk Huizinga, Klaas Jansma en Johan Prins - PENN, ISBN 978-90-77948-64-4, 2011
- Onaantastbaar kleinbedrijf, Bosch en Keuning (1974), ISBN 978-90-74516-05-1
- Taaiwaar, ISBN 978-90-65701-19-0
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|