Berjocht:Side fan de wike 2022/wike 35
Rotterdam is in stêd yn it westen fan Nederlân, yn de provinsje Súd-Hollân. It is nei de haadstêd Amsterdam de twadde stêd yn it lân, en teffens it haadplak fan 'e gemeente Rotterdam. De stêd leit oan de mûning fan de Nije Maas yn de delta fan de Ryn en de Maas. Rotterdam foarmet it mulpunt fan de stêdekloft fan de Rijnmond en leit yn it súdwesten fan de Rânestêd. De skiednis fan Rotterdam giet tebek oant 1270, doe't der in daam yn de rivier de Rotte boud waard. Dêrnei festigen har lju by de daam. Yn 1340 joech de greve fan Hollân stedsrjochten oan Rotterdam.
Op 1 jannewaris 2020 hie Rotterdam 651.446 ynwenners. Der wenje minsken fan sa'n 180 ferskillende nasjonaliteiten yn de stêd. De Metropoalregio Rotterdam-De Haach, dy't in befolking fan likernôch 2,7 miljoen minsken hat, is de trettjinde yn grutte yn de Jeropeeske Uny en de grutste yn Nederlân. De Haven fan Rotterdam is de grutste haven fan Jeropa en hat in skoft de grutste haven fan de wrâld west. Rotterdam is ek ferneamd om de Erasmus Universiteit, bebouwing om de rivier hinne, in warber kultureel libben en syn nijmoadrige arsjitektuer. Doe't it âlde stedssintrum hast folslein ferwoaste waard troch it bombardemint op Rotterdam yn de Twadde Wrâldkriich, waard de stêd nei de kriich fannijs opboud mei in wikseljend arsjitektoanysk stedsbyld, wolkekliuwers ynbegrepen. Soks komt net in soad foar yn Nederlânske stêden. Ferneamde arsjitekten fan it nije Rotterdam wiene: Rem Koolhaas, Piet Blom en Ben van Berkel.