Berjocht:Side fan de wike 2022/wike 15

Ut Wikipedy

Frozen is in Amerikaanske romantyske fantasy-aventoerekomeedzjefilm út 2013 yn 'e foarm fan in lange kompjûteranimearre tekenfilmmusical. De film, de 53e jûnfoljende tekenfilm dy't makke waard troch de Walt Disney Animation Studios, stie ûnder rezjy fan Chris Buck en Jennifer Lee. De wichtichste rollen waarden ynsprutsen troch stimaktrises Kristen Bell en Idina Menzel. De titel betsjut "Beferzen". It ferhaal, dat ynspirearre is troch it mearke De Sniekeninginne, fan 'e Deenske skriuwer Hans Christian Andersen, giet oer in manmoedige jonge prinsesse dy't ûnferskrokken ôfset mei in fernimstige iishouwer, syn trouwe rindier en in naïve libbene snieman om har fan har ferfrjemde suster te finen dy't mei har boppenatuerlike izige krêften by fersin foar in ivige winter yn harren keninkryk soarge hat.

Frozen krige oer it algemien tige positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en woeks yn 'e bioskopen út ta de meast opbringende animaasjefilm aller tiden. De film waard bekroane mei twa Oscars, twa Golden Globes, twa Grammy Awards, in BAFTA, fiif Annie Awards en ferskate oare prizen. Troch it ûnbidige súkses waard Frozen it begjin fan in mediafranchise mei deselde namme. Yn 2019 kaam in ferfolchfilm út ûnder de namme Frozen II, nei't yn 2015 al de koarte film Frozen Fever ferskynd wie. Oer de produksje fan Frozen waard yn 2014 de dokumintêre The Story of Frozen: Making a Disney Animated Classic makke.

Lês fierder