Springe nei ynhâld

Ashmore- en Cartiereilannen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ashmore Reef)
Ashmore- en Cartiereilannen
Ashmore and Cartier Islands
flagge wapen
Ingelsk: Australia ("Austraalje")
De Ashmore- en Cartiereilannen, dy't ûnbewenne binne, fiere de flagge, it wapen en it biedwurd fan Austraalje.
geografyske lokaasje
algemien
gebietsdiel fan Austraalje
pol. status ekstern territoarium (sûnt 1978)
haadstêd n.f.t.
offisjele taal Ingelsk
sifers
ynwennertal (ûnbewenne)
befolkingstichtens 0 / km²
oerflak 199,4 km² (ynkl. wetter)
259,4 ha (allinnich lân)
bykommende ynformaasje
muntienheid n.f.t.
tiidsône UTC+8
tillefoan n.f.t.
ynternetekstinsje n.f.t.
webside n.f.t.

De Ashmore- en Cartiereilannen (Ingelsk: Ashmore and Cartier Islands) binne in ekstern territoarium fan Austraalje, dat ûnder direkt bestjoer stiet fan it Australyske federale regear. It territoarium bestiet út in pear ûnbewenne eilantsjes, eins suver mear sânbanken, yn 'e Timorsee, healwei tusken Austraalje en Yndoneezje. De eilannen hawwe mei-inoar in oerflak fan krapoan 200 km², de lagunes en omlizzende territoriale wetters ynbegrepen.

It territoarium fan 'e Ashmore- en Cartiereilannen bestiet út fjouwer tropyske eilantsjes dy't mar kwealk boppe de see útkomme, ferdield oer twa ûnderskate koraalriffen, mei dêropta de lagunes binnen dy riffen en de territoriale wetters fan tolve seemyl om 'e eilannen hinne. De eilannen lizze yn 'e Timorsee, dy't diel útmakket fan 'e Yndyske Oseaan, sa'n 320 km noardwestlik fan 'e Australyske kust, en 144 km besuden it Yndonezyske eilân Roty.

Satellytfoto fan Ashmore Reef.

Ashmore Reef, dat yn it Yndonezysk Pulau Pasir hjit, en yn it Rotineesk Nusa Solokaek (beide kearen "Sâneilân"), hat in oerflak fan 155,4 km². It bestiet út in rif mei twa lagunes en trije eilantsjes binnen it rif. De eilantsjes hawwe de net bot fantasijrike namme Westeilân, Middeleilân en Easteilân krigen. Westeilân hat in oerflak fan 54 ha (0,5 km²), Middeleilân is 93 ha (0,9 km²) grut, en Easteilân mjit 112 ha (1,1 km²). Cartier Reef, likernôch 50 km súdeastlik fan Ashmore Reef, hat in oerflak fan 44,0 km², ynkl. in lagune en it eilân Cartier. It eilân, dat in ûnbegroeide sânplaat is, mjit net mear as 0,4 ha (0,004 km²). Mei-inoar hawwe de Ashmore- en Cartiereilannen in kustline fan 74,1 km, metten by de bûtenkant fan 'e riffen lâns. Der binne gjin havens, inkeld ankerplakken op see.

Satellytfoto fan Hibernia Reef.

Hibernia Reef, dat 42 km noardeastlik fan Ashmore Reef leit, makket gjin ûnderdiel fan it territoarium út, mar falt ynstee direkt ûnder de steat West-Austraalje. It hat gjin permanint lân, mar by êb komt in grut diel fan it rif drûch te lizzen.

De Ashmore- en Cartiereilannen foarmje in ekstern territoarium fan Austraalje, dat ûnder direkt bestjoer fan it Australyske federale regear yn Canberra falt. Op 23 july 1931 waarden de eilannen troch de Britske Kroan ûnder it gesach fan Austraalje pleatst, mar Austraalje akseptearre it bestjoer oer de eilannen formeel pas op 10 maaie 1934, doe't de Wet op de Oanname fan de Ashmore- en Cartiereilannen út 1933 fan krêft waard. Yn dy wet wie regele dat de gûverneur fan West-Austraalje foar it nije gebiet ferantwurdlik wêze soe. Dat feroare yn july 1938, doe't de eilannen by it Noardlik Territoarium kamen te hearren, dat doedestiden ûnder bestjoer fan it Australyske federale regear stie. Doe't it Noardlik Territoarium op 1 july 1978 selsbestjoer krige, behold it federale regear it bestjoer oer de Ashmore- en Cartiereilannen, dat doe sadwaande in aparte bestjoerlike ienheid waard.

Mei't de eilannen yn it tradisjonele fiskerijgebiet fan Yndonezyske fiskers lizze, dy't dêr al iuwenlang harren berop útoefenje, hâlde guon lju yn Yndoneezje út dat de eilannen eins ta harren lân hearre, en ûnderdiel foarmje fan it regintskip Roti Ndao, fan 'e provinsje fan 'e Eastlike Lytse Sûnda-eilannen. It Yndonezyske regear liket Austraalje it besit fan 'e eilannen lykwols net aktyf ûntstride te wollen. De oanspraken fan Austraalje stamje út 'e koloniale tiid, doe't de Ashmore- en Cartiereilannen net troch Nederlân (de eardere koloniale macht yn Yndoneezje) bestjoerd waarden, mar troch Grut-Brittanje (dat it doe yn Austraalje foar it sizzen hie). Troch in memorandum fan ferstânhâlding tusken de Australyske en Yndonezyske regearings kinne Yndonezyske fiskerslju ûnder betingsten harren berop yn 'e territoriale wetters fan 'e eilannen útoefenje sûnder dêrfoar in fisum brek te wêzen.

Satellytfoto fan Cartier Reef.

Floara en fauna

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Ashmore- en Cartiereilannen meitsje diel út fan twa natoerreservaten: it Mienebêstseereservaat Ashmore Reef (foarhinne it Nasjonaal Natoerreservaat Ashmore Reef), dat oprjochte waard yn 1983, en it Mienebêstseereservaat Cartier Island (foarhinne it Nasjonaal Natoerreservaat Cartier Island), dat oprjochte waard yn 2000. It Ashmore Reef-reservaat beslacht in gebiet fan 583 km² mei seegersgreiden, sânkwelders, koraalriffen en lagunes, dêr't û.m. 14 ûnderskate soarten seeslangen, 45 soarten seekomkommers en in populaasje doejongs (in soarte fan seeko) libje. Ek hearre der nêstgebieten ta fan 'e groukop-, karet- en sopskylpodden, en plantsje har der 50.000 pearkes fan ferskate seefûgelsoarten fuort. It Cartier Island-reservaat beslacht in oerflak fan 172 km², en omfiemet û.m. in ûnderseeske rotspjuts dy't fan Wave Governor Bank hjit.

Minskesmokkelproblematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei't Ashmore Reef it Australysk grûngebiet is dat it tichtst by Yndoneezje leit, wie it yn it ferline in populêre bestimming foar minskesmokkelders en asylsikers, ek al binne de iennichste swietwetterboarnen dêre besmet mei goalera en sadwaande ûndrinkber. As se ienris op Ashmore Reef wiene, befûnen de flechtlingen har yn Austraalje en koene se dêr dus asyl oanfreegje. Sûnt 2001 hat it Australyske regear der alles oan dien om dizze praktiken tsjin te gean, lykas it opfieren fan 'e patrûljes fan 'e Keninklike Australyske Marine yn it gebiet, en it trochwizen fan asylsikers nei trêde lannen yn Oseaanje, lykas Papoea Nij-Guineä en Naurû.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References op dizze side.


 
              Austraalje
Flagge fan Austraalje
steaten
Fiktoaria • Nij-Súd-Wales • Queenslân • Súd-Austraalje • Tasmaanje • West-Austraalje
territoaria
Australysk Haadstedsk Territoarium • Jervis Bay Territoarium • Noardlik Territoarium
eksterne territoaria
Ashmore- en Cartiereilannen • Australysk Antarktysk Territoarium • Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan (Kokoseilannen - Krysteilân) • Heard en de McDonaldeilannen • Koraalsee-eilannen • Norfolk
oare eksterne gebietsdielen
Lord Howe • Macquarie • Torresstrjitte-eilannen
· · Berjocht bewurkje