Arnold Rüütel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Arnold Rüütel
Arnold Rüütel 2006.jpg
nasjonaliteit Flag of Estonia.svg Estysk
bertedatum 10 maaie 1928
berteplak Laimjala (Estlân)
etnisiteit Flag of Estonia.svg Estysk
partij Folksuny fan Estlân
presidint fan Estlân
amtsperioade 20012006
foargonger Lennart Meri
opfolger Toomas Hendrik Ilves
lid fan it Estyske Parlemint
amtsperioade 19952000
foarsitter fan de Heechste Ried fan
de Republyk Estlân
amtsperioade 19901992
foargonger himsels
(as foarsitter f.d. Opperste Sovjet)
opfolger Lennart Meri (as presidint)
foarsitter fan de Opperste Sovjet fan de Estyske Sosjalistyske Sovjetrepublyk
amtsperioade maartmaaie 1990
foargonger Enn-Arno Sillari
opfolger himsels
(as foarsitter f.d. Heechste Ried)
presidint fan de Estyske Sosjalistyske Sovjetrepublyk
amtsperioade 19831990
foargonger Johannes Käbin
opfolger himsels
(as foarsitter f.d. Opperste Sovjet)

Arnold Rüütel (útspr.: ['ɑrnolʲdʲ 'ryːtelʲ], likernôch: "arnoldj rúútelj"; Laimjala, 10 maaie 1928) is in Estysk lânboukundige, learaar en politikus, dy't fan 1983 oant 1990 ûnder it Sovjet-bewâld tsjinne as de lêste presidint fan 'e Estyske Sosjalistyske Sovjetrepublyk. Nei't it lân yn 1991 syn ûnôfhinklikheid weromwûn hie, wie Rüütel fan 2001 oant 2006 de twadde presidint fan Estlân.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en iere karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rüütel waard yn 1928 berne yn Laimjala, op it eilân Saaremaa. Yn 1949 studearre er ôf oan it Lânboukundich Kolleezje fan Jäneda, en dêrnei wurke er fan 1949 oant 1950 as lânboukundige foar it regionale Departemint fan Lânbou fan Saaremaa. Letter stied er fan 1955 oant 1957 as learaar lânboukunde oan 'e Skoalle foar Lânboumeganisaasje yn Tartu, op it Estyske fêstelân.

Yn 1957 waard Rüütel oansteld as liedend fee-ekspêr en direkteur fan 'e eksperimintele buorkerij fan it Estysk Feefokkerij- en Feterinêr Ynstitút, in posysje dy't er oant 1963 behold. Oanslutend tsjinne er oant 1969 as direkteur fan 'e foarbyld-sovchoz fan Tartu en dêrnei wied er oant 1977 rektor fan 'e Estyske Lânbou-akademy yn Tartu. Yn 1971 waard oan him in prestizjeuze Sovjet-ûnderskieding yn 'e Oarder fan Lenin takend.

Politike karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanôf 1977 hie Rüütel ferskate hege funksjes yn 'e Estyske amtnerij, en op 8 april 1983 waard er beneamd as foarsitter fan it presidium fan 'e Estyske Sosjalistyske Sovjetrepublyk. Dêrmei wied er mei-iens ek ien fan 'e fyftjin ôffurdigen dy't sit hiene yn 'e Opperste Sovjet fan 'e USSR. Yn 'e mande mei oare herfoarmingsgesinde kommunisten, lykas Vaino Väljas, spile Rüütel in wichtige rol by de tarieding foar en it opstellen fan 'e Estyske soevereiniteitsferklearring, dy't op 16 novimber 1988 troch de Estyske Opperste Sovjet oannommen waard as earste stap op 'e wei nei it weromwinnen fan 'e Estyske ûnôfhinklikheid.

Op 29 maart 1990 waard Rüütel keazen as foarsitter fan 'e Opperste Sovjet fan 'e Estyske Sosjalistyske Sovjetrepublyk, in funksje dy't op 8 maaie omset waard yn foarsitter fan 'e Heechste Ried fan 'e Republyk Estlân. Hy tsjinne as de facto-presidint ûnder it hiele ûnôfhinklikheidsproses en ûndertekene op 20 augustus 1991 de proklamaasje wêryn't de Estyske folksfertsjintwurdiging ferklearre dat Estlân op 'e nij in selsstannich lân wie. Neitiid bleau er oan it regear oant 6 oktober 1992. Dêrnjonken hie Rüütel fan 1991 oant 1992 sit yn 'e konstitúsjonele gearkomste, dy't de nije Estyske grûnwet opstelde.

By de presidintsferkiezings fan 1992 wie hy kandidaat foar de Estyske Koälysjepartij en ferskate lytse boerepartijkes, en behelle er yn 'e earste omgong, wêrfoar't alle stimgerjochtige ynwenners fan it lân nei de stimbus koene, mei 43% de measte stimmen. De twadde omgong, dêr't yn 'e Riigikogu, it Estyske Parlemint, foar stimd waard tusken de beide kandidaten mei de measte stimmen út 'e earste omgong, ferlear Rüütel it lykwols fan syn tsjinstanner Lennart Meri. Underwilens wie Rüütel yn 1991 promovearre yn lânboukunde. Fan 1994 oant 2000 tsjinne er as lieder fan 'e Folksuny fan Estlân, in politike partij, wêrfoar't er fan 1995 ôf yn 'e Riigikogu siet. Fan 1995 oant 1997 ferfolle er fierders de funksje fan fise-parlemintsfoarsitter. By de presidintsferkiezings fan 1996 (wêrfan't de stimming doe beide omgongen yn it parlemint plakfûn) stelde Rüütel him wer kandidaat, mar op 'e nij ferlear er it fan Meri.

Op in topmoeting yn Riga yn 2005, f.l.n.rj.: de Amerikaanske presidint George W. Bush, de Letske presidinte Vaira Vīķe-Freiberga, Arnold Rüütel en de Litouske presidint Valdas Adamkus.

By de presidintsferkiezings fan 21 septimber 2001 wie Rüütel foar de trêde kear fan 'e partij, en diskear wûn er it fan syn tsjinstanner Toomas Savi. Mei't Rüütel de kandidaat fan 'e opposysje wie, wie dat in bittere pil foar de regearjende koälysje fan premier Mart Laar, dy't mei dêrtroch letter dat jiers kaam te fallen. Rüütel waard op 8 oktober 2001 ynsward as de twadde presidint fan Estlân sûnt dat yn 1991 syn selsstannigens weromwûn hie. Syn presidintskip stie yn it teken fan syn saneamde Ühiskondlik Kokkulepe ("Maatskiplike Oerienkomst" of "Maatskippij-Deal), wêrmei't er de negative effekten oanpakke woe dy't de flugge ekonomyske feroarings yn Estlân foar in protte minsken opsmiten hiene. Syn útsprutsen stipe foar de oansluting fan it lân by de Jeropeeske Uny wurdt beskôge as fan trochslachjaand belang by it Estyske referindum oer it lidmaatskip fan dy ynternasjonale organisaasje, yn 2003.

Rüütel syn presidintskip waard lykwols ek beskade troch in stikmannich skandalen. Sa lokwinske er soldaten by de militêre parade op Unôfhinklikheidsdei (24 febrewaris) 2005 ferskate kearen mei de fiering fan Oerwinningsdei (23 juny), wat fragen oprôp oer de geastlike sûnens fan 'e doe 76-jierrige presidint. Yn jannewaris 2006 ûntstie der in skandaal dat yn 'e media breed útmetten waard, doe't Rüütel syn minderjierrige pakesizzers yn it presidinsjeel paleis in feest organisearre hiene wêrby't alkohol ynnommen wêze soe. Letter dat jiers publisearre de krante Eesti Ekspress argyfstikken dy't suggerearren dat Rüütel as topfunksjonaris fan 'e Estyske Sosjalistyske Sovjetrepublyk persoanlik belutsen west hawwe soe by de ferfolging troch de KGB fan 'e wittenskipper Johannes Hint, dy't úteinlik nei in showproses ta in lange finzenisstraf feroardiele waard. Sels sei Rüütel dat hy krekt besocht hie om Hint de hân boppe de holle te hâlden.

Doe't de presidintsferkiezings fan 2006 neieroan kamen, kundige Rüütel oan dat er allinnich meidwaan soe oan 'e ferkiezings as dy plakfine soe yn it kieskolleezje. Neffens de Estyske wet bard dat allinnich mar as net ien fan 'e beide oerbleaune kandidaten yn 'e twadde omgong in twatrêde mearderheid yn it parlemint hellet. Dêrmei koed er him fierders ôfsidich hâlde fan 'e ferkiezings en beare dat er boppe de partijen stie, al kaam dy strategy him op fûleindige krityk fan 'e opposysje te stean. Doe't de ferkiezings yn augustus 2006 yn 'e Riigikogu plakfûnen, koe der yn 'e twadde omgong gjin twatrêde mearderheid fûn wurde foar lykfol hokker kandidaat, mei't Rüütel syn oanhingers it spul blokkearren troch blanko te stimmen. Sa waard dus in ferkiezing yn it kieskolleezje ôftwongen, dêr't Rüütel it opnimme moast tsjin Toomas Hendrik Ilves. Neffens opinypeilings wie Rüütel tsjin dy tiid fral populêr ûnder de âlderein en leden fan 'e grutte Russyske minderheid yn Estlân. By de stimming yn it kieskolleezje ferlear er it lykwols mei 162 tsjin 174 stimmen fan Ilves, dy't sadwaande op 9 oktober ynsward waard.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Arnold Rüütel is troud mei de yn Estlân ferneamde folkloriste en folkekundige Ingrid Rüütel. Hja hawwe twa dochters.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.