Springe nei ynhâld

Argentynje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Argentynske Republyk)
República Argentina
Flagge fan Argentynje Wapen fan Argentynje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Argentynje
Offisjele taal Spaansk
Haadstêd Buenos Aires
Steatsfoarm Federale republyk
Gebiet
% wetter
2.766.890 km²
1,1­%
Ynwenners (2022) 47.327.407
Munt Argentynske peso (ARS)
Tiidsône UTC -3
Nasjonale feestdei 25 maaie
Lânkoade ARG
Ynternet .ar
Tillefoan 54

Argentynje of República Argentina (letterlik: "Argentynske Republyk"), is in lân yn Súd-Amearika. Argentynje is it twadgrutste lân yn Súd-Amearika en it achste grutste lân fan de wrâld.

Argentynje is fan noard nei súd hast 3.700 km lang en likernôch 1.400 km fan east nei west. De haadstêd is Buenos Aires, ien fan de grutste stêden op 'e wrâld, oan de eastkust. It lân leit tusken de Andes berchrige yn it westen en yn it easten de súdlike Atlantyske Oseaan. It lân grinzget oan Paraguay en Bolivia yn it noarden, Brazylje en Urûguay yn it noardeasten, Sily leit west en eastlik fan Argentynje. It regear fan Argentynje hat besocht en besiket noch hieltyd de macht oer de Britske Falklâneilannen (Spaansk: Islas Malvinas) en de Súd-Geörgje en de Súdlike Sandwicheilannen te krijen.

Cerro Aconcagua, is mei in hichte fan 6960 meter de heechste berch fan noard en súd-Amearika. De wichtichste rivieren binne de Rio de la Plata, de Paraguay, Bermejo, Kolorada, Urûguay en de grutste rivier is de Parana.

Stêden en stêdekloften

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Oroño Singel, Rosario.
Salta.

Yn 2005 wienen neikommende stêden en stêdekloften de fyftjin grutste yn Argentynje:

Rang Stêd Provinsje Tal ynwenners Regio
1 Buenos Aires (stêd en provinsje) 19,251,433 Pampean
2 Córdoba Córdoba 1,513,200 Pampean
3 Rosario Santa Fe 1,295,100 Pampean
4 Mendoza Mendoza 1,009,100 Cuyo
5 La Plata Buenos Aires 857,800 Pampean
6 San Miguel de Tucumán  Tucumán 833,100  NOA (northwest) 
7 Mar del Plata Buenos Aires 699,600 Pampean
8 Salta Salta 531,400 NOA (northwest)
9 Santa Fe Santa Fe 524,300 Pampean
10 San Juan San Juan 456,400 Cuyo
11 Resistencia Chaco 399,800 Gran Chaco
12 Neuquén Neuquén 391,600 Patagonian
13 Santiago del Estero Santiago del Estero  389,200 Gran Chaco
14 Corrientes Corrientes 332,400 Mesopotamia
15 Bahía Blanca Buenos Aires 310,200 Pampean

De namme Argentynje komt fan it Latynske argentum (sulver), neffens in Spaanske ekspedysje hie it gebiet sulver.

It âldste fynst fan oanwêzigens fan minsken is fûn yn Patagoanje (Piedra Museo, Santa Cruz), mear as 13.000 jier âld. Yn 1480 ferôvere it Inka Ryk it noardwesten fan Argentynje, dat dernei in part fan it ryk wie.

De Spanjerts ûntdutsen Argentynje yn 1502. De stêd Buenos Aires is stifte yn 1580, Viceroyalty of the Río de la Plata yn 1776. Yn 1806 en 1807 besocht Grut-Brittanje de macht fan de Spanjerts oer te nimmen, mar it folk befjochte de Britten en slagge. Op 25 maaie 1810 nei de delfal fan Napoleon, setten de pommeranten fan Buenos Aires útein mei it Earste Regear Jûnta. Op 9 july 1816 waard de ûnôfhinklikens fan Spanje útroppen. Sintralisten en federale groepen (Spaansk: Unitarios and Federales) hienen in kriich oant yn 1853 it útstel fan 'e grûnwet akseptearre waard.

Provinsjes fan Argentynje

De Argentynske grûnwet fan 1853 (wersjoen yn 1994), betsjut in skieding fan machten (Trias Politika) tusken útfierende, wetjouwende en rjochtsprekkende macht, sawol lanlik as provinsjaal. De presidint en vise-presidint wurde direkt keazen foar in rite fan fjouwer jier. Beide kinne maksimaal foar twa riten tsjinje, mar harren nei in skoft fan op syn minst 1 amtsperioade werkiesber stelle foar in tredde perioade. De presidint beneamt de ministers. De grûnwet jout him aardich wat macht mei in dûbelfunksje as steats en regearslieder. Hy hat û.ô de mooglikheid yn "driuwende en needsaaklike" situaasjes presidinsjele dekreten út te feardigjen en in feto tsjin ûnderdielen út te sprekken.

It Argentynsk parlemint (Nasjonaal Kongres/Congreso Nacional) hat in Senaat (Senado) mei 72 sitten en in Keamer mei Fertsjinwurdigers (Cámara de Diputados) mei 257 sitten. Sûnt 2001 wurde de senatoaren direkt keazen, wêrby't eltse provinsje, de federale haadstêd ynbegrepen, fertsjintwurdige wurdt troch trije senatoaren. Senatoaren sitte seis jier, fertsjinwurdigers fjouwer jier. Eltse twa jier wurde der ferkiezings hâlden foar in tredde fan de senaat en de helte fan de fertsjinwurdigerssitten.

Bestjoerlike ôfdielings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Argentynje is opdield yn 23 provinsjes (provincias; singular: provincia), en ien autonome stêd (yn it generaal ferneamd as capital federal):

  1. Ciudad Autónoma de Buenos Aires*
  2. Buenos Aires (Provinsje)
  3. Catamarca
  4. Chaco
  5. Chubut
  6. Córdoba
  7. Corrientes
  8. Entre Ríos
  9. Formosa
  10. Jujuy
  11. La Pampa
  12. La Rioja
  1. Mendoza
  2. Misiones
  3. Neuquén
  4. Río Negro
  5. Salta
  6. San Juan
  7. San Luis
  8. Santa Cruz
  9. Santa Fe
  10. Santiago del Estero
  11. Tierra del Fuego
  12. Tucumán

Der wenje sa likernôch 47 miljoen minsken yn Argentynje (2022). Spaansk is de wichtichste taal, mar der is likegoed in ferskaat oan talen. Guon dêr fan binne Gûarany, Mapudungum en Kuechûa en yn Patagoanje binne sels in tal Welsk praters.

In grut tal natoerlike helpboarnen dogge Argentynje fertuten, elkenien kin skriuwe en ek de kombinaasje fan yndustry en lânbou soarget derfoar dat Argentynje in ekportlân is. Om 1980 hinne hie Argentynje in waaksende ynternasjonale skuld. As it regear jild nedich hie, liet hja ienfâldich nije pesos printsje. Dêrtroch skêt de ynflaasje rap omheech oant likernôch 200% en de produksje stoarte yn troch min behear en korrupsje. Om eat tsjin de ekonoamyske krisis te dwaan, kaam it regear ta it beslút him yn te setten foar de frije hannel, deregulearring en privatisearring. Yn 1991 fûn in radikale monetêre werfoarming plak, dy't de wearde fan de peso ferbûn oan de Amerikaanske dollar en de jildwaakst beheinde ta de waakst fan de nasjonale reserves.

Dy herfoarmings hawwe fertuten dien. De ynflaasje gie omleech en it bruto nasjonaal produkt waakste. Mar oare neikommende ekonomyske krisissen yn Meksiko, Aazje, Ruslân en Brazylje laten ta in gruttere ekonoamyske delgong nei 1999. It regear gie oer ta it ferheegjen fan de belêstings en besocht minder út te jaan mei as doel it lytser meitsjen fan it begruttingstekoart, dat woeksen wie ta in 2,5% fan it bruto nasjonaal produkt yn 1999. Ynlânske en ynternasjonale ynfestearders wienen der net wis fan oft it regear de skulden wol betelje koe en de fêste wikselkoers tusken de peso en de US-dollar wol oan koe.

Yn 2001 wie it noch minder steld mei de situaasje troch in waakst fan it tal obligaasjes, it opnimmen fan in soad jild by banken en in fierdere delgong yn it konsuminten- en produsintenbetrouwen. Pogingen fan it regear om in slútende begrutting te meitsjen om sa ta it stabilisearjen fan it banksysteem te kommen en ekonomyske waakst werom te krijen, hie net al tefolle opsmiten. De nij-keazen presidint Eduardo Duhalde wist fan it Ynternasjonale Monetêr Fûns 20 miljard dollar te lienen, mar fierdere konsekwinsjes hienen der net west. Yn jannewaris 2002 waard de peso loskeppele fan de dollar.

Argentynje hat in goed ûntwikkeld sneldyk systeem en ferhurde diken troch it hiele lân. Der is hast 640.000 kilometer sneldyk en normale diken. De grutte stêden binne meiïnoar ferbûn troch mearspoarige sneldiken en mear binne no ûnder konstruksje.

It treinnetwurk wie ien fan de grutste op 'e wrâld, mei mear as 40.000 kilometer spoar. Nei desennia fan minne tsjinsten en mei likemin ûnderhâld, kaam der in ein oan it iepenbear ferfier. Yn 1992 is de trein organisaasje privatisearre, en tûzenen kilometers spoar wurde reparearrre. Op dit stuit ride der wer treinen tusken ferskate stêden.

It lân hat likernôch 3.000 kilometer wetterrûtes, meast nijsgjirrich binne de Río de la Plata, Paraná, Urûguay en Paraguay rivieren.

Ferneamde Argentynjers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Argentina fan Wikimedia Commons.