April Hunter

Ut Wikipedy
April Hunter
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
April Kincaid, Big Red
echte namme April Hunter
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 24 septimber 1974
berteplak Philadelphia (Pennsylvania)
etnisiteit Dútsk
Iersk
Skotsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodelglamourmodel,
fitnessmodel
jierren aktyf ±19951999
offisjele webside
www.aprilhunter.com

April Hunter (Philadelphia, 24 septimber 1974), is in Amerikaansk glamourmodel, fitnessmodel, ûndernimster, Amerikaansk wrakselster en rêstend neakenmodel. Hja hat yn it ferline ek wol wurke ûnder de artystenammen April Kincaid, Big Red, The Prize en Beautiful Soldier. Hunter wennet yn Louisville, yn 'e steat Kentucky.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hunter, dy't fan mingd Dútsk, Iersk en Skotsk etnysk komôf is, waard yn 1974 berne yn Philadelphia, yn 'e noardeastlike Amerikaanske steat Pennsylvania. Doe't har âlden skieden, ferhuze hja lykwols nei Enterprise, yn 'e súdlike steat Alabama, dêr't se opgroeide. Letter studearre Hunter fotografy oan 'e New England School of Photography.

April Hunter.

Neakenmodellewurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mids jierren njoggentich, doe't se omtrint 20 jier wie, sette Hunter útein mei in karriêre as neakenmodel, wêrby't se foar ferskate neakenblêden posearre, wêrûnder Score. Yn 1999 stie se yn 'e Amerikaanske edysje fan 'e Playboy. Dêrnjonken wie Hunter doe al dwaande mei fitness en bodybuilding, sadat se ek yn glamourreportaazjes yn ferskate fitnesstydskriften stie.

Amerikaansk wrakseljen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1999 begûn Hunter mei in nije karriêre yn it Amerikaansk wrakseljen. Oars as dat de namme suggerearret, binne wedstriden dêryn gjin echte foarm fan sport, mar mear goreografearre opfierings fan gefjochten. It is miskien noch it bêste te ferlykjen mei de keunstkes dy't stuntlju yn films opfiere. Likegoed is it yn Amearika in tige populêre foarm fan fermaak. Hunter sette útein as omgongsmiss by it World Championship Wrestling, wêrby't se mei ferskate oare modellen de wrakselders nei de ring ta begelate.

Fan 2001 oant 2007 die Hunter sels oan wrakseljen, wêrfoar't se yn Boston yn trening gie by Killer Kowalski. Tegearre mei Nikki Roxx, dy't ek treend wie troch Kowalski, behelle se yn 'e World Xtreme Wrestling in protte prizen. Dêrnjonken wie se ek wurksum as manager foar de wrakselder Slyck Wagner Brown en wurke se yn 2002 ek foar Total Nonstop Action Wrestling (TNA). Behalven foar World Xtreme Wrestling wraksele Hunter yn 2005 ek foar it Kanadeeske Action Wrestling Entertainment, en yn 2006 die se mei oan Carmen Electra har Naked Women's Wrestling League. Letter wie se ek aktyf foar Women's Extreme Wrestling, Queens of Chaos en Great Canadian Wrestling.

Yn 2007 loek Hunter har werom as wrakselster om't se tsjin dy tiid ferskate blessueres oprûn hie, mar doe't by har mem yn 2009 terminale kanker fêststeld waard, makke se in comeback om't der jild nedich wie om 'e sikehûsrekkens te beteljen. Mei American Rampage Wrestling gie se ein 2009 en op 'e nij yn it neijier fan 2010 op toernee troch ferskate lannen yn Jeropa. Yn 2012 makke Hunter har debút as wrakselster foar Shine Wrestling, en yn 2014 foar High Impact Wrestling Canada.

Oare beuzichheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

April Hunter as bokster.

Behalven as wrakselster is Hunter ek aktyf as dielnimster oan fitness- en bodybuildingwedstriden. Fierders hat se as aktrise meiwurke oan 'e Japanske film Â! Ikkenya Puroresu (2004) en de Amerikaanske films Just Another Romantic Wrestling Comedy (2007), Ultimate Death Match II (2009), Hell House (2010), The Meat Puppet (2012) en Gravedigger (2013). Foar har rol yn 'e horrorfilm The Meat Puppet, waard se op it Filmfestival fan Downbeach nominearre foar de priis foar bêste byrol fan in aktrise. Ek hat se te sjen west yn ferskate reklamespotsjes yn Japan en it Feriene Keninkryk. Yn 'e Feriene Steaten ferskynde se yn it praatprogramma The Howard Stern Show en wurke se mei oan ferskate dokumintêres. Der is ek in striprige oer Hunter ferskynd, besteande út 'e albums Code Red, Code Red II, Stripper Viking en Stripper Viking II. Yn 2013 stie se model foar it personaazje Agony yn 'e nije strip She Devils, fan striptekener George Pérez.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hunter troude op 30 augustus 2006 yn Las Vegas mei de Kanadeeske wrakselder Jordan Danyluk (yn fermiddens fan it Amerikaansk wrakseljen better bekend as J.D. Maverick). Se hiene inoar foar it earst met by in wrakselshow yn 2005, en wiene ferloofd sûnt Falentynsdei 2006. Njonken har mear publike aktiviteiten runt Hunter ek in lyts ienmansbedriuw as fotografe. Sûnt 2013 hâldt se in blôch by mei as titel Putting the Clothes On, Taking the Gloves Off, dêr't se har priveelibben yn beskriuwt.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.