Springe nei ynhâld

Anthony Coulon

Ut Wikipedy

Anthonius Coulon (Marseille, tusken 11-5-1681 en 11-5-1684[1] - Ljouwert, 1753) wie in arsjitekt.

Coulon waard berne yn Frankryk en flechte mei syn famylje ein 17e iuw as Hugenoat nei Amsterdam. Yn 1710 boaske er yn Ljouwert, dêr't er yn de geast fan Daniël Marot wurke. Coulon hat grutte ynfloed hân op 'e 18e-iuwske boustyl yn Ljouwert en Fryslân (de 'Hollânske' Loadewyk XIV-styl), dêr't noch hieltiten geve foarbylden fan besteane - lykas it Coulonhûs. Yn 1713 boude er as boumaster fan "Syn Hoogheit" it Coulonhûs en yn 1713 wurke er oan It Prinsessehof. In portret fan de húshâlding hinget yn it stêdhûs fan Ljouwert. Wurke foar steedhâlder Johan Willem Friso, syn widdo 'Marijke-muoi' en harren soan, dy't letter - as Willem IV - de earste algemien steedhâlder fan 'e Feriene Nederlannen waard.

Coulon is yn 1753 ferstoarn. Syn wurk waard mei fierder gien troch ien fan syn soannen dy't as boumaster foar steedhâlder Willem V wurke. In oare soan waard útjouwer fan de Universiteit fan Frjentsjer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J. H. en oaren (red), Encyclopedie van Friesland, 1958. Coulon, Anthonius
  • De iepening fan de Fryske Akademy, -(1938) side 27-41
  1. Meischke, R. 1978, s. 231