Annwn
Annwn (útspr.: ['anu:n], likernôch: "an-nûûn"), yn âldere teksten soms ek skreaun as Annwfn of Annwfyn, is de Oare Wrâld yn 'e Welske mytology. It waard foarsteld as in wrâld fan geniet en ivige jeugd dêr't gjin sykte wie, mar wol altyd iten by 't folop. Annwn waard neffens de âldere myten regearre troch de Arawn, de Welske god fan 'e dea, mar letter, ûnder ynfloed fan 'e Arthurleginden, naam Gwyn ap Nudd dy funksje oer.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Midwelske boarnen wolle hawwe dat de betsjutting fan 'Annwn' yn 'e Midsiuwen begrypt waard as "hiel djip". In ynskripsje út 'e Aldheid yn it Gallysk, dêr't it wurd antumnos yn foarkomt, mei de betsjutting "oarewrâld" (fan an, "oare", en tumnos, "wrâld") wiist der lykwols op dat 'Annwn' ôfstammet fan it Gallo-Brytoanyske wurd *ande-dubnos, dat in oantsjutting wie foar de ûnderwrâld. Nei de kerstening fan Wales rekke Annwn identifisearre mei it kristlike hjirneimels yn it paradys.
Lokaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sawol yn 'e Welske as de Ierske mytology lei de Oare Wrâld op in eilân of oars ûnder de grûn. Yn Pwyll Pendefig Dyfed, it earste fan 'e fjouwer dielen fan 'e Mabinogion, in Midsiuwske Welske tekst, wurdt suggerearre dat Annwn in diel fan Dyfed is, wylst it Arthuryske gedicht Preiddeu Annwfn wiist op in lokaasje op in eilân.
Yn de Midsiuwske literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Annwn spilet in wichtige rol yn 'e Mabinogion, dy't in rige fan fjouwer ûnderling ferbûne mytologyske ferhalen omfettet út 'e Iere Midsiuwen. Yn Pwyll Pendefig Dyfed (letterlik: "Pwyll, Prins fan Dyfed"), it earste diel, komt prins Pwyll fan Dyfed de god Arawn, de hearsker fan Annwn, op it sear as er syn jachthûnen oanset om it kadaver fan in hartebok oan te fretten dy't troch de hûnnen fan Arawn deade is. Om it goed te meitsjen ruilet de prins foar in jier fan plak mei Arawn. Yn dy tiid ferslacht er Hafgan, de fijân fan Arawn, wylst Arawn sels oer Dyfed regearret. Pwyll soarget der lykwols foar dat er it hiele jier net mei de frou fan Arawn sliept, wêrmei't er de tankberens en ivichduorjende freonskip fan 'e god wint. Nei't er weromkeard is yn Dyfed, komt Pwyll bekend te stean ûnder de earetitel Penn Annwn, "Haad [of Hearsker] fan Annwn". Yn it fjirde diel fan 'e Mabinogion wurdt Arawn neamd as er by wize fan geskink in keppel bargen út 'e Oare Wrâld stjoerd oan Pwyll syn opfolger Pryderi. Dat liedt úteinlik ta in oarloch tusken Dyfed en Gwynedd, in oar diel yn Wales.
Yn it epysk gedicht Cad Goddeu wurdt in fjildslach beskreaun tusken de troepen fan Gwynedd en it leger fan Annwn, oanfierd troch Arawn. It docht bliken dat Amaethon, de omkesizzer fan Math fab Mathonwy, de kening fan Gwynedd, in hûneteef, in ljip en in reebok út de Oare Wrâld stellen hat, wat ta de oarloch laat hat. De bewenners fan Annwn wurde foarsteld as bizarre en helske wêzens. Harren leger wurdt lykwols ferslein troch tuskenkomst fan 'e held en tsjoender Gwydion, dy't earst de beammen betsjoend om 'e manlju fan Gwynedd te help te kommen en dêrnei mei súkses de namme riedt fan Bran, de foarfjochter fan it leger fan Annwn, wat de striid besljochtet.
It Preiddeu Annwfn, in gedicht út 'e Iere Midsiuwen dat foarkomt yn it Boek fan Taliesin, beskriuwt in reis ûnder oanfiering fan kening Arthur troch ferskate keninkriken yn de Oare Wrâld. It doel fan dy reis is wat dizenich, en giet om 'e rêding fan de finzene Gweir of om it sykjen nei de tsjettel fan it Haad fan Annwn. De ferteller fan it gedicht moat nei alle gedachten de druïde Taliesin sels foarstelle. Hy docht út 'e doeken hoe't er mei kening Arthur en trije boaten fol krigele helden ôfset nei Annwn, mar weromkeart as ien fan sân oerlibbenen. Hoe't dat krekt komt, bliuwt ûnútlein.
Meitiid waard de rol fan kening fan Annwn oerdroegen op Gwyn ap Nudd, in jager en natoergeast dy't oarspronklik yn de Welske mytology mooglik de personifikaasje fan 'e winter west hat. Yn it kristlike hilligelibben de Vita Collen, oer de hillige Collen, wurdt fertelt hoe't de hillige Gwyn ap Nudd en syn oarwrâldske hof fan de heuvel Glastonbury Tor yn Ingelân ferdreau troch mei wijwetter om him hinne te snjitten. Yn Culhwch en Olwen, in iere Welske Arthurleginde, wurdt sein dat God Gwyn ap Nudd de hearskippij oer de demoanen joech om foar te kommen dat de wrâld yn demoanyske gaos ferwoastge wurde soe. Yn 'e Welske folkloare is Gwyn ap Nudd benammen bekend as de lieder fan de Wylde Jacht, dy't nachts mei syn Cŵn Annwn ("Hûnen fan Annwn") op stjerlike sielen jaget.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Sources, op dizze side. |