Anne-Goaitske Breteler
Anne-Goaitske Breteler | ||
skriuwer | ||
Anne-Goaitske Breteler (Foto: Jerome de Lint) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1996 | |
berteplak | Dokkum (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | non-fiksje | |
perioade | 21e iuw | |
útjouwer | Prometheus | |
jierren aktyf | sûnt 2018 | |
offisjele webside | ||
Hiemside fan Anne-Goaitske Breteler |
Anne-Goaitske Breteler (Dokkum, 1996) is in Frysk skriuwster, sjoernaliste, antropologe en kultuerhistoarika út Moddergat.
Anne Goaitske is hikke en tein op in boerepleats tusken Nes en Easternijtsjerk as dochter fan sjonger Gerrit Breteler en Anke Bijlsma. Nei it Dockinga Kolleezje yn Dokkum ferruile hja de bertegûn efter de seedyk foar Amsterdam en studearre oan de Universiteit fan Amsterdam kulturele antropology en publyksskiednis. Se wenne seis jier yn de stêd, mar fielde dat se har referinsjepunt – it strunen mei har hûntsjes efter de seedyk – altyd nedich hawwe soe.
Skriuwster
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Anne-Goaitske Breteler fielt har sterk ferbûn mei de Fryske skiednis en de skiednis dy’t ticht by har leit.[1]
Al yn 2016 skreau hja teksten foar it boek 'Dwalen door Dongeradeel', in fotoboek mei teksten oer har eigen oantinkens oan de gemeente Dongeradiel. Yn har middelbere skoaltiid wurke se yn kafee ‘De Bûnte Bok' yn Ljussens. Dêr hongen skilderingen mei jachttaferielen fan walfiskfarders oan de muorre. Yn it kafee kamen foarhinne walfiskfarders gear út Noardeast-Fryslân dy’t fearen op de walfiskskippen Willem Barendsz I en Willem Barendz II. Se farden nei de Twadde Wrâldoarloch nei de Antarktika. Neidat se der earst har profylwurkstik op skoalle oan dit ûnderwerp wijd hie folge se in oplieding skriuwkursus literêre non-fiksje yn de tiid fan har stúzje kulturele antropology yn Amsterdam. Nei har stúdje gie se yn 2019 werom nei har bertegrûn. [2] Se befrege de âld-walfiskfarders en skriuwt oer de sfear oan board, de eftergrûnen en motiven fan en aventoeren fan de walfiskfarders.
Mei dit ûnderwerp debutearre se yn 2018 as skriuwster mei it boek De Traanjagers. Dêrnei folgen in eksposysje yn it Frysk Skipfeart Museum en de Teätertsjerke yn Nes. Oer de tentoanstelling yn Nes wijde Omrop Fryslân in dokumintêre. Yn 2022 makke se mei stúdzjegenoate Anna Drijver in podcast oer it ûnderwerp. [3]
Breteler fielt har belutsen by it libben op it plattelân en ûndersocht de mentale sûnens op it plattelân. Hja seach benammen nei de relaasje tusken plattelân en stêd en sette it noarmative perspektyf yn in oar deiljocht. Sa stiet de geastlike sûnens fan plattelânsbewenners sintraal yn har twadde boek De laatste dagen van de dorpsgek. Wylst men yn de stêden earder twongen wurdt om jinsels te ûnderskieden fan de mannichte oan minsken, is dat foar it plattelân fan âlds krektoarsom: om oerlibje te kinnen moat men ûnderdiel bliuwe fan de groep. Dêrtroch heart de ienling him te konformearjen oan de mearderheid. Der wiene op it plattelân altiten minsken dy’t bûten de groep foelen wat by oaren soarge foar eangst om sosjaal bûten de lytse mienskip fan it plattelân te fallen. En dat wyllst dy mienskip sa wichtich is om op weromfalle te kinnen. De útjefte fan dit boek waard yn 2023 in pear kear útsteld troch de tiid fan it de sykte en it ferstjerren fan har heit Gerrit Breteler.
It berneferhaal In nuvere nacht giet oer de tsienjierrige Lyske dy’t model stean sil oan it projekt oer Rembrandt. At hja nei de fotoshoot yn in Amsterdamsk hotel sliepen bliuwt belibbet Lyske in wûnderlike nacht.
Oare aktiviteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Breteler is sûnt 2019 redakteur fan de Moanne. Sûnt 2020 is hja kolumniste foar de Ljouwerter Krante en de Friesland Post.[4]
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Anne-Goaitske Breteler krige op 10 novimber 2023 yn it provinsjehûs de Talintprijs 2023 fan it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân. De priis waard har útrikt toch Kommissaris fan de Kening Arno Brok. De útrikking foel gear mei de Fryske Anjer foar skriuwer Hylke Speerstra. De Talintpriis bestiet út in oarkunde en 1.500 euro. Brok sei út namme fan de sjuery oer har ‘Yn har earste rispinge publikaasjes hat se ynfielend in stim jûn oan minsken dy’t oars noait heard wurden wiene. Yn har sjoch ik yndie in Anjer yn de knop’.[5]
Yn febrewaris 2024 waard se útroppen ta Friese Vrouw in de Media 2023. Breteler tinget no mei nei de lanlike Vrouw in de Media Award 2023. [6]
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De laatste dagen van de dorpsgek (2024, noch te ferskinen by Prometheus) ISBN 9789044644814
- In nuvere nacht (berneboek, 2020) ISBN 9789075412239
- De Traanjagers - Herinneringen van naoorlogse walvisvaarders (2018) útjouwerij AUP ISBN 9789462983816
- De laatste dagen van de dorpsgek, Utjouwerij Prometheus (2024)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|