Anke de Jong

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Anke de Jong
persoanlike bysûnderheden
echte namme Anke de Jong
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 15 septimber 1987
berteplak It Hearrenfean (Fryslân)
etnisiteit Frisian flag.svg Frysk
wurkpaad
berop/amt haadredaktrise
jierren aktyf 2016 – no
offisjele webside
Anke de Jong op Facebook

Anke de Jong (It Hearrenfean, 15 septimber 1987) is in Frysk sjoernaliste. Hja groeide op op De Gordyk, ferfear yn 2004 mei sechstjin jier nei Amsterdam, en waard yn 2016 op har njoggenentweintichste haadredaktrise fan it moadeblêd Glamour.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jong waard yn 1987 berne op It Hearrenfean en groeide op op De Gordyk, dêr't se Frysktalich grutbrocht waard op 'e maneezje fan har heit, omke en muoike. Har âlden skieden doe't se seis jier wie, mar holden in freonskiplike relaasje. Nei de pleatslike basisskoalle trochrûn te hawwen, gie De Jong nei de HAVO oan 'e Iepenbiere Skoallemienskip Sevenwolden op It Hearrenfean. Yn dyselde tiid wurke se bûten skoaltiid in protte yn in moadewinkel op De Gordyk. Se hie altyd alhiel besleifere west fan moade en klean, en mei har HAVO-diploma binnen ferfear De Jong yn 2004 mei sechstjin jier nei Amsterdam. Dêr folge se in HBO-oplieding media en kommunikaasje oan 'e Hegeskoalle fan Amsterdam, wêrby't se ôfstudearre op marketing en publishing.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As ûnderdiel fan har stúdzje yn Amsterdam rûn De Jong staazje by it tydskrift JAN, dêr't se nei ôfrin fan 'e staazjeperioade in bybaantsje wist te bemachtigjen. Nei har ôfstudearjen wurke se as marketingmanager by Hide & Chic en dêrnei beklaaide se deselde funksje by de Gijrath Media Groep, foar de tydskriften Jackie, JFK en Miljonair Magazine. Dêrnei klom se op ta brandmanager ("merkmanager") by it moadeblêd Glamour, dêr't yn 2016 oansteld waard as haadredaktrise. Mei har 29 jier wie se doe de jongste haadredakteur dy't Glamour ea hân hie.

By Glamour moast De Jong omgean mei de algemiene delgong dêr't alle printe media mei kampe troch de ûntlêzing en de opkomst fan sosjale media. De oplaach fan it blêd gie mei de helte omleech en de omset keldere. Under lieding fan De Jong sette Glamour folop yn op 'e onlineferzje. Net allinnich dat, mar it blêd begûn ek eltse moanne in evenemint foar lêzeressen te organisearjen dêr't flink oan fertsjinne wurde koe. Fierders gie Glamour yn see mei ynternasjonaal ferneamde floggers en modellen, lykas Nikkie Tutorials en Ashley Graham, sadat der ek foardiel helle waard út 'e sosjale media. It blêd sette Glamour BeautyTV en GlamourTV op, ynternetkanalen dêr't flochsters en redaktrises it publyk op meinimme nei û.m. de grutte moadeshows fan Parys en Milaan.

Under it haadredakteurskip fan De Jong kamen der ek artikels yn Glamour te stean dy't ynhâldliker wiene as oant doe ta gewoan wie. Neffens de Jong is it blêd in wichtige influencer, mei in miening dy't in soad gewicht yn 'e skaal lizze kin. Sadwaande kaam der in tema-edysje oer feminisme, wêrfan't 20% mear ferkocht waard as fan oare nûmers. De Jong sels skode oan by presintator Umberto Tan yn it praatprogramma RTL Late Night, om it te hawwen oer de salarisferskillen tusken manlju en froulju. Fierders makket Glamour mei opsetsin gebrûk fan modellen mei in normaal postuer ynstee fan 'e barnhoutmeagere mannekêns dy't men meastal yn 'e haute couture sjocht.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jong wennet troch de wike yn Amsterdam, mar bringt de wykeinen gauris troch op It Hearrenfean, dêr't se by har famylje wêze en Frysk prate kin, wat se nei eigen sizzen "sa fijn" fynt. Mids 2018 hie se al acht jier in relaasje mei tennisser Igor Sijsling.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wijbrands, Douwe, Pippi Langkous in Glamourland, yn: de Ljouwerter Krante, 16 juny 2018, wykeinbylage Sneon & Snein, s. 8-10.