Springe nei ynhâld

Oansibskip

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Affiniteit (besibskip))

Oansibskip, oanbesibskip of affiniteit (fan it Latynske affinitas) is in foarm fan besibskip dy't fral ûntstiet troch it oangean fan in houlik. Dêrby giet it benammen om 'e skoanfamylje. Behalven besibskip troch houlik kinne soms ûnder oansibskip ek oare net-biologyske foarmen fan besibkip beflapt wurde, lykas styffamyljerelaasjes (eins ek feroarsake troch it oangean fan in houlik) en adopsje. It tsjinstelde begryp is bloedsibskip, dat lju fan deselde biologyske ôfstamming oangiet. Yn guon lannen, lykas Nederlân, kin oansibskip tsjintwurdich juridysk ek ûntstean troch it oangean fan in registrearre partnerskip. It tekenjen fan in gearwenningskontrakt smyt lykwols (yn Nederlân) gjin oansibskip op. Foar de wet bliuwt oansibskip altyd bestean as in houlik of partnerskip ien kear sletten is, ek nei in skieding of it ferbrekken fan 'e partnerskipsrelaasje. (Wol ferfalt dan de mei oansibskip mank geande ûnderhâldsplicht.)

It ferskynsel oansibskip is benammen fan belang foar it erfrjocht en foar de ôfdracht fan alimintaasje nei in skieding. De ûnderhâldsplicht jildt yn gelikense mjitte foar bloedsibben en oansibben. Ek yn it prosesrjocht en it bewiisrjocht is oansibskip fan belang. Sa kinne oansibben yn beskate gefallen net twongen wurde om yn in rjochtsaak tsjininoar te tsjûgjen (dêrby giet it benammen om 'e oarehelte, net om 'e eigentlike skoanfamylje). Ek kin oansibskip fan ynfloed wêze op 'e bewiiskrêft fan in ferklearring of tsjûgenis. Nei in skieding of it ferbrekken fan in partnerskip wurdt yn it deistich taalgebrûk ek wol sprutsen fan eks-oansibben: eks-frou, eks-man, eks-skoanâlden, eks-sweager, eks-skoansuster. Juridysk sjoen is dat in manear fan praten dy't himsels tsjinsprekt, om't oansibskip net beëinige wurdt troch in skieding.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Besibskip
earstegraads besibskip
âlden (heit • mem) | bern (soan • dochter) | sibling (broer • suster)
twaddegraads besibskip
pake en beppe (pake • beppe) | pake- en beppesizzer | omke | muoike | omke- en muoikesizzer | healsibling (healbroer • healsuster)
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe (oerpake • oerbeppe) | oerpake- en -beppesizzer | âldomke | âldmuoike | âldomke- en -muoikesizzer | neef | nicht | healomke | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe (betoerpake • betoerbeppe) | betoerpake- en -beppesizzer | oerâldomke | oerâldmuoike | oerâldomke- en -muoikesizzer | efterneef | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte (man • frou) | skoanâlden (skoanheit • skoanmem) | sweager | skoansuster | skoanbern (skoansoan • skoandochter) | oantroude omke | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfâlder (styfheit • styfmem) | styfbern (styfsoan • styfdochter) | styfsibling (styfbroer • styfsuster) | styfpake | styfbeppe | styfpakesizzer | styfbeppesizzer | styfomke | styfmuoike | styfomkesizzer | styfmuoikesizzer
oar
adopsje | allinnichsteande âlder | bloedsibskip | famylje | foarâlden | foarbern (foarsoan • foardochter) | generaasje | gesin | húshâlding | ienlingsbern | neiteam | oansibskip | oerwûn bern | ôfstamming | pleechgesin | probandus | list fan beneamings foar generaasjes