Westermar (wenwyk)
Westermar | ||
polityk | ||
Gemeente | De Fryske Marren | |
Plak | De Jouwer | |
sifers | ||
oerflak | 0,52 km² |
Westermar is in wenwyk fan De Jouwer dy 't boud waard yn de jierren santich en tachtich fan de 21e iuw. De wyk wurdt begrinze troch de Geert Knolwei, E.A. Borgerstrjitte, Haskerfjildwei en yndustryterrein Sewei. Westermar is neamd nei it eardere doarp Westermar dat oant 1954 om de Geert Knolwei lei. Yn 1958 stelde de doedestiidske boargemaster Hoekstra foar om de nijbouwyk oan de eastkant fan de Skien de namme Westermar te jaan. Dy wyk, mei dêryn ek de tsjerketoer fan Westermar, soe úteinlik Suderfjild hjitten gean.[1]
Histoarje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foardat de wyk boud waard, wie it gebiet ynrjochte foar túnbou en as greidlân. Lykrinnend mei de hjoeddeiske Geert Knolwei, sirka 200 meter noardliker, rint it Hurdspytsje. Dizze feart, dy 't mooglik troch muontsen út Haskerdiken groeven waard yn de 13e iuw, foarme in ferbining tusken de Jouster haven en It Hearrenfean. Ein jierren '50 is de feart yn ferfal rekke, en pleiten omwenjenden foar tichtsmiten.[2] De feart bleau bestean en rint as in lange fiver troch de wyk. In ferbining mei oare doarpen is der lykwols net mear; tusken de wyk en yndustry Sewei rint it dea.
Yn 1905 waard yn it doarp Westermar, heaksk op de hjoeddeiske Geert Knolwei, in rige arbeiderswennings boud troch koöperative bouferiening "Volharding". Dit waard de Easterstrjitte. Yn 1920 waard tusken dizze strjitte en de grins mei De Jouwer in relatyf grutskalich nijbouplan folboud foar wenningbouferiening Patrimonium. De strjitten Suderstrjitte, E.A. Borgerstrjitte en Patrimoniumstrjitte kamen bekend te stean as Patrimoniumbuert. Yn 1973 waard de ferfallen buert platsmiten, op inkele huzen yn de E.A. Borgerstrjitte en Easterstrjitte nei. In diel fan strjitte De Stelle kaam op it pak fan de buert.[3]
Nijbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ein jierren '60 rekke de nijbouwyk Suderfjild fol en liet de gemeente Haskerlân in bestimmingsplan mmeitsje foar De Jouwer-Noard. It plan út 1969 besloech it hiele gebiet benoarden de Midstrjitte en de Geert Knolwei en oan de súdkant fan de plende rûnwei.[4] Sintraal yn dit plan rint de E.A. Borgerstrjitte, dêr 't ferskate maatskiplike ynstânsjes har oan fêstigje sille. It plan foar De Jouwer-Noard waard yn ferskillende fazes útfierd, elk diel krige in dúdlik eigen karakter.[5] Westermar is yn twa haadfazes folboud, de skieding hjirtusken wurdt foarme troch de Westermarwei.[5]
Westlike diel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de earste helte fan de jierren santich is it westlike diel fan de wyk boud. As earste waarden de strjitten oan de noardkant fan it wetter it Hurdspytsje boud. Nei de sloop fan de Patrimoniumbuert yn 1973 folge it stik oan de súdkant fan it Harspytsje. Yn de tiid dat it westlike part fan Westermar boud waard, wie in soad ferlet fan sosjale wenningbou. Rychjeshuzen binne dan ek in soad yn dit diel fan de wyk te finen. It strjittenpatroan is regelmjittich en rjocht.[5]
Strjitnammen yn dit diel ferwize nei stikken lân as 'De Finne' (greide brûkt foar molkfee) en 'De Hofcamp' (lân mei in freding). De nammen binne ientalich Nederlânsk of Frysk, sa binne der bygelyks "De Scharcamp" en 'De Ûlekamp'. Alle strjitten fan dit diel fan Eastermar begjinne mei it lidwurd "De". Yn it noardlike diel fan de wyk hawwe strjitten it efterheaksel -kamp of -camp.
De wyk waard destiids sjoen as griene nijbouwyk mei in romme opset. De Ljouwerter Krante fan 1 maart 1975 skreau: "Opvallend is de ruimte in de Jouster nieuwbouw. In de wijk „Westermeer", waar wekelijks woningen worden opgeleverd, lacht het groen de mensen toe. Nog veel meer dan in de wijk „Zuiderveld", waarover destijds al zoveel positiefs is gezegd."[6]
Eastlike diel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pas nei de foltôging fan de wyk Skippenkertier, healwei de jierren tachtich, waard it eastlike diel fan de wyk Westermar boud. Dit útwreidingsplan leit oan de eastkant fan de destiidske Westermarderfjildwei, in wei dy 't de Geert Knolwei ferbynt mei de Haskerfjildwei. De Westermarderfjildwei waard dêrnei oar in diel omlein en omneamd ta Westermarwei. It nijbouplan bestiet fierders út trije strjitten en in verlinging fan de Geert Knolwei rjochting Knooppunt De Jouwer.
Yn it eastlike diel fan Westermar leit it aksint op frijsteande- en twa-ûnder-ien-kapewenningen ynstee fan hierwenningen. It strjittenpatroan is tige slingerjend.[5] De strjitnammen binne ientalich Frysk en ferwize nei it ferline fan de omkriten lykas 'Pealskar' (in âld tsjerkhôf by it doarp Westermar).
Tún fan Zeldenthuis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1986 waard it destiidske tunenterrein foar de Easterstjitte beboud. Sa'n 23 wenningen, frijsteande-, twa-ûnder-ien-kaps- en aldereinwenningen, wurde boud oan de strjitte 'De Tunen'.[7]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Wenwiken fan De Jouwer | feroarje |
---|---|
Blaauwhof · Broek-Súd · Jonkerslân · De Jouwer Sintrum · Skippekertier · Skipsleat · Westermar · Wyldehoarne · Suderfjild |