Springe nei ynhâld

Nûnatsiavût

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 okt 2019 om 23.12 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Sjoch ek: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Nûnatsiavût
Nunatsiavut
flagge wapen
gjin offisjeel biedwurd
lokaasje yn Kanada

De provinsje Nijfûnlân en Labrador, mei
Nûnatsiavût yn read en Nûnatûkavût yn giel.
algemien
ôfkoarting n.f.t.
lân Kanada
status (jier) autonome regio binnen
Nijfûnlân en Labrador (2005)
haadstêd Nain (sit f.i. regear)
Hopedale (sit f.i. parlemint)
grutste stêd Nain
offisjele taal Ingelsk, Inûttût
sifers
ynwennertal 2.160 (2006)
befolkingstichtens 0,2 / km²
oerflak 15.800 km² (aut. gebiet)
72.520 km² (lânrjochten)
bykommende ynformaasje
tiidsône UTC -4
webside www.nunatsiavut.com

Nûnatsiavût (Inûttût: Nunatsiavut, útspr.: [nu:'nɑ:ʦiəvʉt]; Ingelsk: Nunatsiavut) is in autonoom gebiet 'e Nunatsiavummiut, de eastlike Arktyske Inûyt fan 'e regio Labrador, binnen de grinzen fan 'e Kanadeeske provinsje Nijfûnlân en Labrador. It moat net betize wurde mei Nûnavût, ien fan 'e trije noardlike territoaria fan Kanada, noch mei Nûnavik, dat it noardlike part fan 'e oangrinzgjende provinsje Kebek beslacht. De namme "Nunatsiavut" betsjut "ús moaie lân" yn it Inûttût, de pleatslike Inûyt-taal (nuna betsjut dus "lân", en dêrom begjinne de nammen fan sa'n protte Inûyt-gebieten dêrmei, krekt sa't yn it Frysk in protte gebietsnammen einigje op "-lân").

Yn 1977 tsjinne de Labradorske Inûytferiening (Labrador Inuit Association, LIA) formeel in petysje yn wêryn't oanspraak makke waard op in grut diel fan Labrador. Alve jier letter, yn 1988, giene de ûnderhannelings oer de lânrjochten fan 'e Inûyt yn Labrador offisjeel fan start, mei as de trije dielnimmende partijen de LIA, de provinsjale oerheid fan Nijfûnlân en Labrador en de Kanadeeske federale oerheid. Yn 2001 waard in prinsipe-akkoart berikt, wêrnei't de dêryn fêstleine lânrjochten yn 2004 by in referindum ûnder de ynwenners fan 'e oangeande gebieten goedkard waarden.

Underwilens hie de LIA yn 2002, foarútrinnende op dy goedkarring, al in útstel yntsjinne foar in beheinde foarm fan autonomy foar it gebiet, binnen de provinsje Nijfûnlân en Labrador. Op 22 jannewaris 2005 waard ek dêroer oerienstimming berikt mei de provinsjale en federale regearings, en waard de Lânrjochte-oerienkomst fan 'e Labradorske Inûyt (Labrador Inuit Land Claims Agreement) troch de trije partijen ûndertekene. Dêr wie in gebiet fan 72.520 km² mei muoid, de hiele noardlike punt fan Labrador benoarden Nain ynbegrepen, en teffens in grutte hoeke lân oan 'e Atlantyske kust súdlik dêrfan omfiemjend. Hoewol't net dy hiele krite yn eigendom fan 'e Labradorske Inûyt kaam, waarden harren fiergeande rjochten yn en op dat gebiet erkend, resultearjend yn spesjale privileezjes oangeande it gebrûk fan it (ûnbewenne) lân. In lytser (bewenne) gebiet binnen dy gruttere krite, besteande út 15.800 km², krigen de Inûyt ek wier-wier yn besit. Dêropta krigen se ek seerjochten yn in gebiet fan 44.030 km² foar de Labradorske kust.

Fierdersoan wie yn it akkoart fêstlein dat yn it frijwol hielendal ûnbewenne noardlike trêdepart fan it gruttere gebiet it Nasjonaal Parkreservaat de Torngatbergen stifte waard. Ek stie deryn dat de federale oerheid in bedrach fan K$130 miljoen oan 'e Labradorske Inûyt betelje soe as skeafergoeding foar in twongen ferhuzing (of deportaasje) fan 'e Inûytbefolking yn 'e 1950-er jierren, nochris K$120 miljoen om 'e oprjochting fan in eigen autonoom regear mei te bekostjen, en dêrnjonken ek royaltys foar de ûnderskate dylchstoffen dy't yn noardlik Labrador wûn wurde. Ta einbeslút wie der noch sprake fan in net spesifiëarre finansjele fergoeding foar de Inûyt dy't bûten it oerdroegen gebiet wennen.


De oerienkomst waard ratifisearre troch de Labradorske Inûyt en de parleminten fan Nijfûnlân en Labrador en fan Kanada, wêrnei't it spul op 23 juny 2005 keninklike goedkarring krige. De grûnwet fan it nije gebiet waard op 1 desimber 2005 oannommen; dêrmei ûntstie Nûnatsiavût as in steatsrjochtlike entiteit, wylst op datselde stuit de LIA ophold te bestean. De rie fan bestjoer fan 'e eardere LIA foarme in ynterim-regear, wêrnei't der yn oktober 2006 foar it earst ferkiezings holden waarden foar it 18 leden tellende parlemint fan it nije gebiet. It earste reguliere regear fan Nûnatsiavût waard op 16 oktober 2006 ynsward.

Sûnt 2012 wurdt op it súdlike trêdepart fan Nûnatsiavût oanspraak makke troch de Súdlike Labradorske Inûyt, dy't in eigen autonoom gebiet stiftsje wolle mei de namme Nûnatûkavût (Nunatuĸavut).

It parlemint fan Nûnatsiavût, de wetjaande macht, hat syn sit yn Hopewell, mar de sit fan it regear, de útfierende macht, is Nain, dat dêrom gauris foar it haadplak oanmurken wurdt. It parlemint fertsjintwurdiget alle Labradorske Inûyt, wêr ek yn Kanada, en omfettet dêrom net inkeld folksfertsjintwurdigers út Nûnatsiavût sels, mar ek út oare dielen fan Labrador, en teffens ien parlemintslid dat alle Labradorske Inûyt om utens fertsjintwurdiget. Alle parlemintsleden sitte op eigen titel yn 'e folksfertsjintwurdiging; der binne gjin politike partijen.

Yn it begjin wie it regear fan Nûnatsiavût inkeld ferantwurdlik foar wolwêzen, ûnderwiis en kulturele saken, mar letter is dêr ek justysje bykommen. In earsten doel fan it hiele krewearjen foar selsbestjoer wie it behâld fan 'e eigen kultuer en taal, en de beskerming fan it miljeu. Nûnatsiavût is ûnderferdield yn fiif distrikten dy't "mienskipsregearings" (community governments) neamd wurde: Nain, Hopewell, Makkovik, Postville en Rigolet. Sokke "mienskipsregearings" binne eins gemeenterieën, dy't troch sawol de Inûyt- as de oare bewenners fan it distrikt keazen wurde, en foarsitten wurde troch de boargemaster, de angajukĸâk, dy't fan Inûyt-komôf wêze moat. Eltse angajukĸâk is tagelyk it parlemintslid foar syn of har distrikt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.