Ta dizze taksonomyske groep hearre 4 libbene soarten, dy't allegear foarkomme yn Súd- en/of Midden-Amearika. Se wurde ûnderferdield yn 2 libbene skaaien, fan 'e kapibara's (Hydrochoerus) en de moko's (Kerodon). De bekendste soarte is de (gewoane) kapibara (Hydrochoerus hydrochaeris), dat de grutste kjifdieresoarte fan 'e wrâld is, mei in lingte fan 1.34 m lang en in gewicht fan wol 66 kg.
Klassifikaasje
ûnderfamylje kapibara's en moko's (Hydrochoerinae)