Springe nei ynhâld

Grenadakapibara

Ut Wikipedy
Grenadakapibara
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje kavia-eftigen (Caviidae)
skaai kapibara's (Hydrochoerus)
soarte
Hydrochoerus gaylordi
MacPhee, Singer & Diamond, 2000
IUCN-status: n.f.t. (fossyl)

De Grenadakapibara (Latynske namme: Hydrochoerus gaylordi) is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e kavia-eftigen (Caviidae) en it skaai fan 'e kapibara's (Hydrochoerus), dat yn it Let-Plioseen op it Karibyske eilân Grenada libbe.

Dizze soarte hie in boppekaak mei trije kiezzen. Fossile resten fan 'e Grenadakapibara waarden yn 1991 ûntdutsen troch de paleöntologen Ronald Singer, Ross MacPhee en Michael Diamond, dy't it bist yn 2000 foar it earst wittenskiplik beskreaune. De wittenskiplike namme, Hydrochoerus gaylordi, is in tankbetsjûging fan Singer oan syn mentor Joseph Gaylord.

Ynsafier't fêststeld wurde kin mei de beheinde resten dy't fûn binne, ferskilde de Grenadakapibara mar yn ien opsicht fan 'e oare beide, noch libbene kapibarasoarten (de gewoane kapibara en de lytse kapibara): der bestie ntl. in ferbining tusken de lamellen op 'e twadde kies. By de oare beide soarten ferdwynt dy ferbining as de bisten folwoeksen wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • MacPhee, Ross D.E.; Singer, Ronald; en Diamond, Michael, Late Cenozoic Land Mammals from Grenada, Lesser Antilles Island-Arc, 2000 (American Museum Novitates 3302), s. 1-20.