Leviathan
Leviathan | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Leviathan | |
auteur | Pablo Neruda | |
taal | Spaansk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | gedicht | |
1e publikaasje | 1950, Meksiko-Stêd | |
bondel | Canto General | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Leviathan | |
publikaasje | 1983, yn HJIR | |
oersetter | Klaas Bruinsma |
Leviathan, mei deselde titel yn it oarspronklike Spaansk, is in gedicht besteande út 53 fersregels fan 'e hân fan 'e Sileenske dichter, skriuwer, politikus, kommunist en Nobelpriiswinner Pablo Neruda (1904-1973). It makket diel út fan Neruda syn magnum opus Canto General, in wiidweidich wurk oer de skiednis fan Noard- en Súd-Amearika, dat yn 1950 publisearre waard. Yn Leviathan, in namme dy't ferwiist nei it mytyske seewêzen dat yn 'e Bibel neamd wurdt, stelt Neruda de ferskrikkings fan 'e walfiskfeart oan 'e kaak. Dêrmei komt er werom op ien fan syn fêste tema's, nammentlik hoe't it him tsjinstiet dat de minske, of "de beskaving" yn it algemien, de natoer feroveret en nuet makket, kultivearret ta in skym fan syn eardere sels, wêrby't mei de woestheid ek de skientme fierhinne ferlern giet.
Yn 'e earste tsien regels fan Leviathan skilderet Neruda op tûke wize de eftergrûn fan it gedicht: ferkeardelingen út fiere lannen binne ûnderweis nei Antarktika om 'e walfisken te bejeien. Harren freeslike fjoerspijende skip steamt stadichoan fierder op nei it suden. Yn regels 11-14 komt de lêzer foar it earst yn 'e kunde mei de grasjeus foarbyswimmende walfisk. Yn regels 15-41 wurdt de walfisfarder yn detail beskreaun, en Neruda brûkt dêrfoar in helske byldspraak, wêrby't er safier giet dat er it skip "berne fan mem Medusa" neamt. De ûnbidigens fan 'e walfiskfarder komt op 't aljemint, it wâld oan mêsten; it skip is in ynkarnaasje fan 'e nacht en fan it kwea. Yn regels 42-53 berikt Leviathan dan einlik syn skriklike hichtepunt, as Neruda it harpoenearjen fan 'e walfisk beskriuwt, en de stadige, bluodderige, aaklike dea fan it grutte bist. Leviathan einiget mei te sizzen dat de dea fan 'e walfisk in reuseftige, tesmoarende tekken fan bloed op it oerflak fan 'e see efterlit.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Leviathan waard ûnder deselde titel yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma, dy't benammen bekend is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee en in hiele rige Aldgrykske toanielstikken fan skriuwers as Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes. Hy publisearre syn fertaling fan Leviathan yn it tydskrift HJIR, yn ôfl. 3 fan 1983.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|