Franche-Comté
Appearance
| ||||
Haadstêd | Besançon | |||
Arrondisseminten | 9 | |||
Kantons | 116 | |||
Gemeenten | 1 786 | |||
Departeminten | Doubs (25) Jura (39) Haute-Saône(70) | |||
Oerflakte | 16 202 km² | |||
Ynwenners - Totaal - Befolkingstichtens |
1 117 059 (1999) 69 ynw/km² | |||
Folksliet | {{{folksliet}}} {{{folksliet}}} | |||
webstee | {{{webstee}}} |
De Franche-Comté (Franko-Provansaalsk: Franche-Comtât) wie fan 1982 oant 2016 in bestjoerlike regio fan Frankryk. It gebiet leit yn it úterste easten fan it lân en wurdt yn it noarden begrinze troch de Elzas, Loataringen en Sjampanje-Ardinnen. Yn it westen grinzget it oan de eardere regio Boergonje, yn it suden oan de eardere regio Rône-Alpen en yn it easten oan Switserlân. Foar 1678 foarme de Franche-Comté it Frijgreefskip Boergonje (dêrfandinne de namme: franche = "frij" en comté = "greefskip"). Fan 1678 oant de Frânske revolúsje wie it in provinsje fan it Keninkryk Frankryk. Sûnt 1 jannewaris 2016 heart de Franche-Comté mei de eardere regio Boergonje ta de nije bestjoerlike regio Boergonje-Franche-Comté.