Springe nei ynhâld

Klau

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 jul 2017 om 17.54 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De ynlûkbere neil (klau) fan in kat.

In klau (Latyn: falcula), by rôffûgels ek kloer neamd, is de kromme, yn 'e lingterjochting dûbeltearde neil fan in bist. Krekt as minskeneilen besteane klauwen út hoarnstof (keratine), deselde substânsje dêr't ek hier, hoeven en it skyld fan skylpodden út opboud binne. By de measte kateftigen binne de klauwen ynlûkber yn fleizige skieën yn 'e teannen; as se de spieren yn dat diel fan it lichem gearlûke, komt de klau foar 't ljocht, wylst er wer ferdwynt as se de oangeande spieren ûntspanne.

Klauwen hawwe útinoar rinnende funksjes. Rôfdieren, lykas kateftigen, bearen, rôffûgels en ûlen, brûke se faak by de jacht. By û.m. hûneftigen en jachtloaihoarsen binne de klauwen sa stomp dat se nutteleas binne om proaien mei fêst te hâlden; ynstee fungearje se by dy bisten as ûnderstiping by it hurddraven, allyk de noppen ûnder de skuon fan in fuotballer. By herbivoaren en omnivoaren (wêrûnder bearen) wurde de klauwen (ek) as ark brûkt foar it opknappen fan alderhanne putsjes, lykas klimmen en it berikken fan fretten (bgl. it iepenjen fan skelpdieren).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.