Theunis Piersma (biolooch)
Theunis Piersma (biolooch) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1958 | |
berteplak | Himmelum | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Biolooch (ornitology, dierekology, trekfûgelekology) | |
aktyf as | Heechlearaar | |
prizen | Spinozapremy |
- Dizze side giet oer de biolooch Theunis Piersma. Foar de politikus, sjoch: Theunis Piersma.
Theunis Piersma (Himmelum, 1958) is in Nederlânsk biolooch fan Frysk komôf. Hy is heechlearaar oan de Ryksuniversiteit Grins en ûndersiker by it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee. Hy hat him talein op de ekology fan trekfûgels.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Piersma studearre biology yn Grins oan de Ryksuniversiteit Grins en promovearre dêr by perf. dr. Rudi Drent. Hy docht ûndersyk nei ferskaat oan fûgels; dêr binne de mients, de skries en de leppelbek by. Hy is as heechlearaar trekfûgelekology ferbûn oan de Ryksuniversiteit Grins en ek ûndersiker by it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ) op Teksel.
Piersma's ûndersyk rjochtet him ûnder mear op de fersprieding en trekgedrach fan waad- en greidefûgels en hoe't dat gearhinget mei klimaat, fiedseloanbod, rôffijannen en de genetika fan de bisten. Piersma docht dit ûndersyk op ferskate plakken yn de wrâld, ûnder oare yn Afrika en Sina.
Piersma is fan betinken dat der yn de biology de lêste heale iuw te folle omtinken jûn is oan genen en te min foar it belang fan it miljeu. Dy iensidigens gie neffens Piersma mank mei in te grutte klam op saneamde eksakte wurkwizen dy't te beheind binne mei't in protte relevante ferklearingen net oan bod komme.
Piersma is sterk belutsen by fraachstikken fan natuerbehear en natuerbeskerming en hat bygelyks krewearre foar it útbannen fan de kokkelfiskerij yn de Waadsee. Syn learstoel wurdt finansiere troch de Fûgelbeskerming en it Wrâld Natuer Fûns (WNF).
Piersma is ferskate kearen ûnderskieden mei in priis, lykas de Prins Bernhard Kultuerfûns Priis foar Natuerbehâld en de Spinozapremy (2014). Yn 2009 is er beneamd ta lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen[1] en yn 2016 ta lid fan de Koninklijke Hollandsche Maatschappij der Wetenschappen (KHMW).[2] Op 4 april 2017 is Piersma beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.[3]
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Piersma, T. (2006). Waarom nonnetjes samen klaarkomen en andere wonderen van het wad. Utert: KNNV Utjouwerij.
- Piersma, T. & van Gils, J.A. (2011). The flexible phenotype. A body-centred integration of ecology, physiology, and behaviour. Oxford: Oxford University Press.
- van de Kam, J., Battley, P.F., McCaffery, B.J., Rogers, D.I., Hong, J.-S., Moores, N., Ki, J.-Y., Lewis, J. & Piersma, T. (2010). Invisible connections. Why migrating shorebirds need the Yellow Sea. Melbourne: CSIRO Publishing.
- van de Kam, J., Ens, B. J., Piersma, T. & Zwarts, L. (1999). Ecologische atlas van de Nederlandse wadvogels.
- van de Kam, J., Ens, B. J., Piersma, T. & Zwarts, L. (2004). Shorebirds. An illustrated behavioural ecology. Utert: KNNV Publishers
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ynterview RUG
- RUG.nl oer Piersma
- blogs.groene.nl
- Oer finânsiering learstoel Piersma trocj WNF/Vogelbescherming
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |