Springe nei ynhâld

Irkûtsk

Ut Wikipedy
De ferzje fan 31 mrt 2024 om 05.59 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (stedsplattegrûn tafoege, ynwenners aktualisearre.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Irkûtsk
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Ruslân Ruslân
Oblast Irkûtsk
Sifers
Ynwennertal 611.215 (2023)
Oerflak 305 km² (ynkl. wetter)
Befolkingsticht. 2.206,55 ynw./km²
Oar
Stifting 1661, 1686 (stedsstatus)
Tiidsône UTC+8
Koördinaten 52° 17' N 104° 18' E
Plattegrûn Irkûtsk.
Plattegrûn Irkûtsk.
Offisjele webside
admirk.ru
Kaart
Irkûtsk (Ruslân)
Irkûtsk

Irkûtsk (Russysk: Иркутск) is in stêd yn de Russyske Federaasje, haadstêd fan de oblast Irkûtsk. De stêd leit oan de rivier de Angara tusken de opslachmar fan Irkûtsk en de Baikalmar.

Irkûtsk is it grutste ekonomyske, kulturele en fersoargjende sintrum fan East-Siberië; der is in grutte yndustriële sektor, dy't ûnder mear aluminiumyndustry (bauksyt út de Oeral), gemyske fabriken, masinebou (foar de mynbou yn de omkriten), houtferwurking en fiedingsmiddelenyndustry omfiemet. Der binne wetterkrêftsintrales by de keardaam en der is in piipline mei de ierdoalje- en ierdgasfjilden fan it Wolga-Oeralgebiet. It is in wichtich ferkearsknooppunt yn East-Siberië mei in stasjon oan it Trans-Sibearysk spoar en in belangrike lofthaven. De âlde stêd is frijwat rom oanlein en hat noch tal fan histoaryske pânen, meast fan hout. Fierders hat de stêd in universiteit (1918) en ferskate hegeskoallen, in polytechnysk ynstitút, de Sibearyske ôfdieling fan de nasjonale Akademy fan de Wittenskippen, ferskaat oan museums en teäters, in planetarium en de steatsbibleteek.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Irkutsk fan Wikimedia Commons.