Angara (rivier)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Ofwetteringsgebiet fan de Angara

De rivier de Angara (Russysk: Ангара́) ûntspringt yn de Baikalmar en mûnet út yn de Jenisej by Strelka. De rivier is net oer de hiele langte befarber. It wetter fan de Angara befriest nea troch de streaming en it opwâljend wetter út de djipten fan de Baikalmar fan sa'n 3 gr. Celsius dat de rivier fuorret.

Wetterkrêft[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 1950 binne der fjouwer keardamen yn de rivier boud foar it meitsjen fan elektrisiteit. By Irkûtsk leit in opslachmar en de wetterkrêftsintrale Boguchany is it lêst oplevere. Yn 2012 begûn de stroomproduksje dêr't in part fan ornearre is foar in grutte smelter fan it Russyske aluminiumbedriuw Rusal.