Aartsingel Michaeltsjerke (Irkûtsk)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Aartsingel Michaeltsjerke

Михайловская церковь

Харлампиевская церковь, Иркутск.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Flag of Irkutsk Oblast.png Irkûtsk
plak Flag of Irkutsk (Irkutsk oblast).png Irkûtsk
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1779-1790
boustyl Barok
oare ynformaasje
webside harlamp.ru

De Tsjerke fan de Aartsingel Michaël (Russysk: Церковь Михаила Архангела) is in tusken 1779 en 1790 boude barokke tsjerke yn de Sibearyske stêd Irkûtsk, Ruslân. De tsjerke stiet ek bekend ûnder de namme fan de Tsjerke fan de Hillige Haralampos (Харла́мпиевская це́рковь) en heart ta de âldste otterdokske tsjerken fan de stêd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lykas by de measte tsjerken fan Irkûtsk wie de oarspronklike foargonger fan de Michaëltsjerke fan hout boud. Tusken 1779 en 1806 waard de hjoeddeiske, twa ferdjippings tellende tsjerke boud. Oarspronklik wie de tsjerke allinnich oan de hillige Haralampos wijd, mar yn 1782 waard de ûndertsjerke wijd oan de aartsingel Michaël en sa krige de hiele tsjerke de namme fan de aartsingel. Twa jier letter waard de noardlike kapel wijd oan Haralampos. Mei de tsjerke waard ek in klokketoer boud.

Op 6 augustus 1839 late in ierdskodding ta slimme skea oan it noardlike part fan de tjerke. Yn ferskillende jierren waarden der dêrnei reparaasjes oanbrocht. Yn 1948 moasten der noch mear reparaasjes útfierd wurde, foaral oan de klokketoer, dy't mooglik noch gearhongen mei de ierdskodding fan 1839. Yn de jierren 1850 fûnen der likegoed ferbouwings plak en dat wurk wie noch mar twa jier klear, doe't op 31 desimber 1861 Irkûtsk op 'en nij troffen waard troch in ierdskodding, de swierste yn de skiednis fan de stêd. In soad gebouwen waarden fernield, benammen hege gebouwen lykas de Michaëltsjerke. Nei in lange restauraasje wachte de tsjerke op 24 juny 1879 in nije ramp: in grutte stedsbrân ferneatige it hiele ynterieur fan de boppetsjerke.[1]

Nei de revolúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Michaël- of Haralampostsjerke yn 1910

Yn 1917 rûn de boppetsjerke by gefjochten tusken de Witen en de Readen troch in granaatynslach grutte skea op. Nei de ôftocht fan de Readen folgen reparaasjes yn 1918, mar de Sovjets kamen werom en yn 1920 waarden de geastliken fan de tsjerke arrestearre en harren huzen, dy't fan de tsjerke wiene, ûnteigene. De tsjerke bleau noch in gebrûk oant 1932. Nei de sluting fan de tsjerke troch de ateïstyske autoriteiten waard in lyts part fan de ynrjochting oerbrocht nei it museum, mar it grutste part waard ferneatige en gie foar altiten ferlern. It gebou rekke al gau yn de nederklits, de krusen waarden ferwidere, de toer ôfbrutsen en de koepel toppe. De autoriteiten brûkten it tekoart oan wenromte om de tsjerke te ferbouwen foar de húsfêsting fan studinten. Der waarden mear ferdjippings oanbrocht en de ûntsteane romten waarden ferdield yn rigen keamers, faninoar skaat troch grutte ikoanen dy't ta doarren ferarbeide wiene.

De folgjende eigner fan it bouwurk wie de biblioteek fan de Universiteit fan Irkûtsk en dêrnei waard it ferhierd oan ferskate organisaasjes.

De ommekear kaam yn 1995, doe't de eardere tsjerke útroppen waard ta in kultureel monumint fan federaal belang. Yn 1998 waard it gebou weromjûn oan it bisdom Irkûtsk. Mei de restauraasje fan de tsjerke waard yn juny 2006 úteinset. Koepel en toer waarden op 'en nij boud. Op 13 augustus 2009 wie de ûndertsjerke foltôge en koe de tsjerke iepene wurde foar de earetsjinst. Mei it besteansjubileum fan de stêd wie de restauraasje fan de Michaëltsjerke foltôge.[2]

Maritime tradysje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke is de iennichste tsjerke yn de fiere omkriten mei in maritime tradysje.[3] It tige rike ynterieur fan de tsjerke wie ôfkomstich fan parochianen en foaral ek fan ferneamde keapmansfamyljes, dy't in rige fan maritime ekspedysjes organisearren. Lju dy't oan in maritime ekspedysje nei Kamtsjatka, de Aleoeten en de Koerilen dielnamen, krigen yn de Michaëltsjerke harren seine foar de reis. In parochiaan fan de tsjerke wie de ferneamde ûntdekkingsreizger Grigori Sjelichov. Op 5 maart 1905 troude de eardere poalreizger en lettere admiraal fan de Russysk Keizerlike Marine Aleksandr Koltsjak mei Sofia Fjodorovna Omirovojyn yn de tsjerke, doe't er yn Irkûtsk ferbleau. [4]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: