Springe nei ynhâld

Krúsferheffingstsjerke (Irkûtsk)

Ut Wikipedy
Krúsferheffingstsjerke

Крестовоздви́женская це́рковь

Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
oblast Irkûtsk
plak Irkûtsk
koördinaten 52° 16' N 104° 14' E
Arsjitektuer
boujier 1747-1758
boustyl Sybearyske barok
monumintale status Monumint fan stêdebou en arsjitektuer
monumintnûmer 3810050005
Kaart
Krúsferheffingstsjerke (Ruslân)
Krúsferheffingstsjerke

De Tsjerke fan de Ferheffing fan it Hillige Krús (Russysk: Церковь Воздвижения Честного Креста Господня; Krestovozdvizjenskaja tsjerkov) is in otterdokske tsjerke yn it histoaryske sintrum fan Irkûtsk, Ruslân. De Krúsferheffingstsjerke is ien fan de âldste tsjerken fan de stêd en is boud yn de styl fan de Sibearyske barok.

De tsjerke yn de jierren 1890 mei de spits fan foar de ferbouwing

Op de Heuvel fan it Krús waard tusken 1747 en 1758 in nije barokke tsjerke boud, dy't fanwegen in brân in âldere houten tsjerke út 1717-1719 ferfong. De houten tsjerke waard oarspronklik wijd oan de Hillige Trije-ienheid, mar de ynwenners fan Irkûtsk bleaune de tsjerke steech nei de namme fan de heuvel Krústsjerke neamen en sa kaam it dat de tsjerke letter dochs de hjoeddeiske namme krige. De bou fan de stiennen tsjerke duorre alve jier en de wijing fûn plak op 11 septimber 1758. Yn 1779 waard oan de noardlike kant fan de tsjerke in oan de Mem Gods wijde kapel tafoege. It westlike portaal waard yn 1860 oanboud en de spits fan de klokketoer waard oan de ein fan de 19e iuw ferboud.

Fanwegen de bysûndere arsjitektuer waard de tsjerke al yn de 19e iuw ynskreaun in it register fan nasjonale monuminten.

Ek nei de oktoberrevolúsje erkende de Sovjet-oerheid de monumintale wearde fan de tsjerke. Yn 1925 waard de tsjerke registrearre op de list fan monuminten fan de heechste kategory. Tidens de ferfolging fan religy yn it Sovjet-tiidrek funksjonearre de tsjerke nei de sluting fan de Kazankatedraal fan 1929 oant 1936 en fan 1948 oant 1991 as katedraal fan it bisdom. Mar yn de midden fan de jierren 1930 moast ek de Krúsferheffingstsjerke de doarren foar earetsjinst slute om romte te meitsjen foar in Museum fan it Ateïsme. Fanút oare tsjerken yn Irkûtsk dy't troch de autoriteiten sletten of ôfbrutsen waarden kamen weardefolle saken nei de Krúsferheffingstsjerke om dêr opslein te wurden. Tal fan ikoanen waarden hjir opslein, de measten út de 18e iuw mar ek guon âldere. Yn tsjinstelling ta oare tsjerken bleau yn de Krúsferheffingstsjerke sels de barokke ikonostaze bewarre en de Krúsferhefingstsjerke fan Irkûtsk is de iennige tsjerke fan hiel Sibearje mei in noch yntakt 18e iuwsk ynterieur. De autoriteiten stiene fan ôf 1943 wer earetsjinsten yn de tsjerke ta. [1]

Portaal

De tsjerke foarmet in typysk foarbyld fan de arsjitektuer fan de Sibearyske barok. It gebou bestiet út trije aparte dielen en is tige ryk dekorearre. De dekoraasjes binne foar in part ûntliend oan de Sibearyske folkskeunst en benammen it súdlike portaal is útsûnderlik orizjineel. Yn de tsjerke binne trije ikonostases, de belangrykste ikonostse is 18e iuwsk. De tsjerke hie foar lange tiid in wite kleur, mar by in resinte restauraasje waard de oarspronklike reade kleur wer wertafoege.

De Russyske kosmonaut Anatoli Ivanisjin troude yn de Krúsferheffingstsjerke fan Irkûtsk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: