Springe nei ynhâld

Bertetsjerke (Irkûtsk)

Ut Wikipedy
Bertetsjerke

Церковь Рождества Христова

Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
oblast Irkûtsk
plak Irkûtsk
koördinaten 52° 21' N 104° 12' E
Arsjitektuer
arsjitekt Aleksandr Jakovlev
boujier 1998-1999
boustyl Tradisjonele Russyske arsjitektuer
Kaart
Bertetsjerke (Ruslân)
Bertetsjerke

De Tsjerke fan de Berte fan de Hear (Russysk: Церковь Рождества Христова; tsjerkov Rozjdestva Christova) is in otterdokske tsjerke yn 'e Sibearyske stêd Irkûtsk, Ruslân.

Yn 1998 fûn der yn Irkûtsk by de lâning in ramp mei in Airbus plak, wêrby't 124 minsken omkamen en 68 minsken ferwûne rekken. Ta oantinken fan de slachtoffers waard op it plak fan 'e ramp de Bertetsjerke boud. Op 8 oktober 1999 fûn de konsekraasje fan 'e tsjerke plak.

De tsjerke fertsjintwurdiget de tradisjonele Russyske tsjerke-arsjitektuer sa't dy ek yn Sûzdal en Vladimir en oare dielen fan it lân foarkomt, mar dy't yn Sibearje frjemd is.

De ikonostase fan de tsjerke is mei tapassing fan CAD-CAM-technology boud.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Рождества Христова (Иркутск)