Springe nei ynhâld

Ferlossertsjerke (Irkûtsk)

Ut Wikipedy
Ferlossertsjerke

Спасская церковь

Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
oblast Irkûtsk
plak Irkûtsk
koördinaten 52° 17' N 104° 16' E
Arsjitektuer
boujier 1706-1710
boustyl Barok
monumintale status Monumint fan federaal belang
monumintnûmer 3810054000
Webside
spashram.irk.ru
Kaart
Ferlossertsjerke (Ruslân)
Ferlossertsjerke

De Tsjerke fan it Hillich Antlit fan de Ferlosser (Russysk: Церковь Спаса Нерукотворного Образа, Spasskaja tsjerkov) is in otterdokske tsjerke op it grûngebiet fan it eardere kremlyn fan 'e Sibearyske stêd Irkûtsk, Ruslân. It is ien fan 'e earste stiennen gebouwen fan 'e stêd en de âldste stiennen tsjerke.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ferfallen tsjerke yn de jierren 1930.

Oan d'e Ferlossertsjerke gyng in houten tsjerke út 1672 foarôf. Yn augustus 1706 baarnde de houten tsjerke ôf en noch yn itselde jier waard begûn mei de bou fan 'e tsjintwurdige stiennen tsjerke. It haadgebou wie yn 1710 foltôge en de klokketoer folge yn de jierren 1750.

Muorreskilderij fan it Hillich Antlit fan Kristus.

De Ferlossertsjerke is de iennige tsjerke fan Sibearje mei beskilderingen op 'e bûtenmuorren. Dy muorrefresko's datearje út de earste helte fan 'e 19e iuw en binne yn 'e jierren 1970 restaurearre. De fresko's yn 'e tsjerke binne spiterigernôch net bewarre bleaun. Oan 'e eastlike gevel fan 'e tsjerke binne trije foarstellings te sjen. De sintrale foarstelling betreft de doop fan Jezus troch Sint-Jan. Lofts dêrfan is in foarstelling fan in otterdokske doop en rjochts in groep minsken tidens in seremoanje. Op 'e súdlike muorre binne muorreskilderingen fan 'e hilligen dêr't de tsjerke en de kapellen fan de tsjerke oan wijd binne (it Hillich Antlit fan de Ferlosser, Nikolaas fan Myra en Mitrofan fan Voronezj).

De tsjerke waard yn 1931 tidens de ferfolging fan de Tsjerke sletten en brûkt as wurkpleats om skuon te reparearjen. Ek waarden der kantoaren foar ferskillende organisaasjes en mienskiplike apparteminten yn de tsjerke ûnderbrocht. Yn 1960 kaam it ter sprake om de ferfallen tsjerke te slopen om dan tegearre mei de Kazankatedraal en de Epifanytsjerke opblaasd wurde, mar nei't de arsjitekt G. Oranskaja út Moskou kaam om it gebou te ynpektearjen folge ynstee fan sloop in rekonstruksje. Noch itselde jier krige de tsjerke de status fan monumint fan nasjonaal belang.

Yn 1982 koe foar it earst sûnt jierren it publyk de tsjerke wer fan binnen besjen, doe't it Regionale Museum fan Irkûtsk hjir in tentoanstelling iepene.

Yn 2006 folge de weromjefte fan de tsjerke oan de Russysk-otterdokske Tsjerke. De lêste renovaasje datearret fan 2010-2011.[1][2]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: