Springe nei ynhâld

Tiny Mulder

Ut Wikipedy
De ferzje fan 3 mrt 2024 om 10.28 troch Hurkonides (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Tiny Mulder
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tiny Mulder
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 2 april 1921
berteplak Beetstersweach
stoarn 4 novimber 2010
stjerplak Jellum
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk
sjenre Romans,
Poëzy,
Berneboeken
bekendste
  wurk(en)
Tin Iis
prizen Rely Jorritsmapriis (1958), (1961 - 1970)
Gysbert Japicx-priis (1986)

Tiny Mulder (Beetstersweach, 2 april 1921 - Jellum, 4 novimber 2010) wie skriuwster, sjoernaliste en fersetsstrider.

As bern wenne se lange tiid yn Assen, mar doe't se trettjin jier wie, ferhuze de famylje Mulder nei Drachten. Dêr learde Tiny Frysk praten, foar it lêzen en skriuwen folge sy in kursus. Se gyng yn Drachten nei de mulo en letter yn Ljouwert nei de hbs.

Doe’t se njoggentjin jier wie, briek de Twadde Wrâldoarloch út. Nei har eineksamen hie se graach de sjoernalistyk yn wollen, mar troch de tiidsomstannichheden slagge dat doe net. Se krige wurk op it gemeentehûs fan Smellingerlân en letter op it distribúsjekantoar, dêr't Pieter Wybenga har sjef waard. Yn 1942 frege dy har om mei te dwaan yn syn fersetsgroep. Dêr hoegde se net lang oer nei te tinken en as fersetsfrou holp se alliearde piloaten en socht se ûnderdûkadressen foar joadske minsken. Hja krige de Medal of Freedom ûnderskieding mei Silver Palm yn 1946 fan de Amerikaanske regearing. Fan Ingelân krige se de 'King's Medal for Courage in the Cause of Freedom'. Ek de âlden fan Tiny Mulder hawwe postúm de Yad Vashem ûnderskieding takend krigen yn 2010.

Krekt nei de oarloch kaam Tiny Mulder as sjoernaliste te wurkjen by it Friesch Dagblad. Dêr hat se fjirtich jier yn dieltiid wurke. Ek wie se foar guon regionale kranten korrespondint yn Ingelân en Skotlân, letter hat se dêrfoar ek noch reizge troch Amearika, Kanada en Denemark. Yn 1949 troude se mei kollega-sjoernalist Jildert Sudema (1923-1998) en tegearre krigen se twa bern. Tiny Mulder is yn 1985 opholden mei it sjoernalistike wurk.

Tiny Mulder skreau sawol gedichten en romans as kritiken. Hja hat berneboeken skreaun en makke Fryske oersettings fan klassikers as Alice in Wonderland en Mijnheer Prikkebeen. As wurdearring foar har wurk hat se in protte literêre prizen wûn.

Tiny Mulder wie de frou fan wurden en dieden, fan fersen en polemyk, fan gefoel en ferstân, fan rjocht en ferset, fan moed en oerjaan. Har krewearjen foar it plak fan de frou yn in maatskippy dêr’t mannen it foar it sizzen hiene, har iver foar de diskusje oer rjocht en ûnrjocht, har moed om nije dingen te ûntdekken, har krêft foar de opbou fan it Friesch Dagblad. En yn it hege ryk fan taal en tinzen: yn it poëtyske en yn it lyriske. It oeuvre fan Tiny Mulder is ryk yn ferskaat.

De histoarikus Geart de Vries hat yn 2006 de biografy Foar alles is in tiid oer Tiny Mulder skreaun. Yn 2019 waard yn de Frijheidswyk yn Ljouwert it Tiny Mulderplantsoen nei har ferneamd.

  • 1954 - It Boek foar de Fryske Bern (mei Jant Visser-Bakker)
  • 1957 - Juffer Kuorkebier
  • 1959 - In Kibich Span
  • 1975 - De Túnkabouter en Oare Fytmannen
  • 1976 - 25 Jaar Us Eigen Herntsje (2e printinge 1977)
  • 1981 - Rare Dokter Dingdong
  • 1962 - Oranje Paraplu
  • 1965 - Viadukt
  • 1968 - Wite Swan – Swarte Swan
  • 1975 - Op Slach fan Tolven
  • 1983 - Oh in Stêd, Ah in Lân – In Syklus
  • 1986 - Tinkskrift – Samle Gedichten
  • 2001 - Bitterswiet – Samle Fersen
  • 1981 - Tin Iis
  • 1987 - Gevaarlijk IJs (oersetting fan Tin iis)
  • 1991 - In Moaie Leeftyd
  • 1998 - De Bêste Fryske Ferhalen
  • 1971 - Hwer Hast it Wei – Petearen mei Skriuwers

Biografy fan Tiny Mulder

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1958 - foar ferhaal Nachttrein nei Chicago
  • 1961 - foar fers beam fan it biminnen
  • 1962 - foar fers brief encounter
  • 1963 - foar fers nettsjinsteande
  • 1965 - foar fers Reisboek
  • 1966 - foar fers Ars Brevis
  • 1967 - foar ferhaal Wykein by de Donetti's
  • 1968 - foar ferhaal Machtich as de miggen
  • 1969 - foar fers La mise en mots
  • 1970 - foar ferhaal Leaf dinkje

Yn 1986 krige hja as beleaning foar har hiele oeuvre de Gysbert Japicx-priis.

Erkenning Nederlands Letterenfonds

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2010 krige hja fan it Nederlands Letterenfonds in wichtige erkenning foar har grutte ferskaat Fryske bydragen oan de literatuer yn Nederlân.

  • Walle, Hessel de, Vrouwen van het Friese verzet: gevecht op vele fronten, Dokkum, 2024 (Wijdemeer), ISBN 9789083344843.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: