Springe nei ynhâld

Rjochtfeardige ûnder de Folken

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Yad Vashem ûnderskieding)
Paadwizer nei de tún fan de 'Rjochtfeardigen ûnder de Folken'
De oarkonde dy't Maria Kotarba ûntfong yn 2005

Rjochtfeardige ûnder de Folken, (Hebriuwsk: חסיד אומות העולם - Chassid Umot ha-Olam) is in earetitel dy't Israel (sûnt 1963) jout oan gojim (net-Joaden) dy't mei gefaar foar eigen libbenyn 'e Twadde Wrâldkriich Joaden holpen hawwe te ûnderdûken, ûntkommen en oerlibjen. De takenning wurdt dien troch de lieding fan it yn 1953 oprjochte Yad Vashem, in oerheidsynstelling dy't de lieding hat oer it tinkteken dêr't it Joadske folk de slachtoffers fan de troch de nazys organisearre genoside op de Joaden betinkt.

De term komt fan it konsept "rjochtfeardige gojim", in oantsjutting yn it Joadendom foar net-Joaden dy harren hâlde oan de Sân geboaden fan Noäch.

De dekorandus kriget in medalje en in oarkonde mei fernijing fan syn as har namme. Ek wurdt dy namme yn Jeruzalem yn in muorre beitele, yn it park wijd oan de "Rjochfeardige ûnder de Folken".

Tusken 1953 en 1 jannewaris 2021 waarden oer de hiele wrâld 27.921 minsken út 51 lannen as 'Rjochtfeardige' troch Yad Vashem erkend; dêr binne 5.910 Nederlanners en 1.774 Belgen by. Nei Poalen is Nederlân it lân mei de measte ûnderskiedings. (Nettsjinsteande it feit dat mar 26% fan de Nederlânske Joaden de Holocaust oerlibbe, it leechste persintaazje fan West-Jeropa.) Ek anno 2023 wurdt de ûnderskieding noch úrikt.

Der binne in tal ûnderskiedingen oan in kollektyf takend.[1] Bekend binne ûnder oaren it hiele Deenske ferset,[2], it hiele Noarske ferset, it Drintske doarp Nieuwlande[3] en it Frânske plak Le Chambon-sur-Lignon.[4] Fierder hawwe allinne persoanen de ûnderskieding krigen. Ferneamde 'Rjochtfeardigen ûnder de Folken' wiene paus Jehannes XXIII, keninginne Elisabeth fan België, prinsesse yn Beieren, prinsesse Alice van Battenberg, de Sweedske diplomaat Raoul Wallenberg en de Sudete-Dútske yndustrieel Oskar Schindler.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) Yadvashem.org
  2. (in) Yadvashem.org, sjoch noat dêre
  3. (in) Yadvashem.org
  4. (in) Vadvashem.org