Maria Kotarba
Maria Kotarba (4 septimber 1907, by Nowy Sącz — 30 desimber 1956) wie koerierster fan it Poalsk ferset yn de Twadde Wrâldoarloch. Sy smokkele geheime boadskippen en iten nei de pleatslike partisanen. Sy waard arrestearre, tramtearre en ûnderfrege troch de Gestapo en dêrnei as polityk finzene yn Tarnów fêstset en op 6 jannewaris 1943 nei it ferneatigingskamp Auschwitz oerbrocht. Maria Kotarba krige erkenning as Rjochtfeardige ûnder de Folken fan Yad Vashem yn septimber 2005 meidat sy har libben riskearre hat by it rêden fan it libben fan Joadske finzenen yn twa konsintraasjekampen.[1]
Nei de Dútske ynvaazje fan Poalen yn septimber 1939, wie de Katolike Maria Kotarba tsjûge fan it útrûgjen fan har Joadske buorlju by Gorlice, dêr't sy doe wenne, en swarde dat sy eltse Joad helpe soe dy't dat nedich hie.[2] By oankomst yn Auschwitz yn de winter fan 1943 krige hja finzennûmer 2799. Nei in ferskaat oan kampbaantsjes hân te hawwen, waard hja mids 1943 tawiisd oan Kommando Gartnerei, de finzennegroep foar túnkjen. Sy moast wurkje yn konfiskearre tunen yn it doarp Rajsko, net fier fan it kamp. Dêr wie hja dwaande mei de bou fan griente en besibbe putsjes.[3] Tsjin simmer 1943 wie de fersetsbeweging yn it kamp goed organisearre en Kotarba sleat har der by oan. Har reputaaasje as betûft koerierster wie yn it kamp bekend. Maria wie belutsen by it smokkeljen fan iten, medisinen en boadskippen fan fersetsgroepen fan bûten it kamp yn.
Freonskippen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it kamp moete Kotarba Lena Mankowska (berne Bankier) deportearre út it getto fan Białystok. Lena wie by fersin regisrearre as Poalsk polityk finzene meidat hja gjin Joadsk úterlik hie. Beide froulju waarden dikke freonen. Kotarba wie har tige bewust fan de libbensgefaarlike sitewaasje fan de oare froulju en die wat se koe om harren te helpen, lykas ek har suster Guta die, dy't yn Auschwitz kaam út it konsintraasjekamp yn Lublin-Majdanek wie, mei har freondinne Henia Trysk. Lena Mankowska ferwiisde nei Kotarba as de "Mem fan Auschwitz" (Poalsk: Mateczka).[4] Kotarba soarge foar medisinen foar finzene dokters en helle as koerierster ek oare dingen yn dy't se meiïoar dielden. As lid fan de fersetsgroep koe se soargje foar lichter wurk en sop foar Lena Mankowska doe't dy siik waard.
Januewaris 1945 evakuearre de SS it kamp oer Birkenau fierder Nazy-Dútslân yn. De twa froulju kamen apart fan elkoar yn Ravensbrück oan yn iepen stienkoalwagons. Kotarba fûn har Joadske freondinne benei dea yn de snie en brocht har nei har eigen barrak. [5] Febrewaris 1945 brocht de SS de finzenen oer nei it subkamp Neustadt-Glewe, dat maaie 1945 troch it Reade Leger befrijd waard. Nei de befrijding giene de freondinnen út elkoar. Maria Kotarba gie werom nei har thús yn Poalen, troude net en stoar yn 1956, yn de âldens fan 49 jier; har sûnens fan foar de oarloch hie se nea werom krige. Sy waard beïerdige yn Owczary.
Lena Mankowska troude en emigrearre nei Grut Brittanje. Yn 1997 besocht Lena fergees om Maria, har "Ingel fan Auschwitz",[6] erkend te krijen as Rjochtfeardige ûnder de Folken troch Yad Vashem yn Jeruzalem. Acht jier letter tsjinne James Foucar har ferklearring op 'en nij yn en doe waard dy wol goedkard troch Yad Vashem op 8 desimber 2005.[7]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|