Springe nei ynhâld

Mijnheer Prikkebeen

Ut Wikipedy
De orizjinele Mijnheer Prikkebeen fan Rodolphe Töpffer
Prikkebeen, bewurking J.J.A. Goeverneur

Mijnheer Prikkebeen is de haadpersoan út Reizen en avonturen van mijnheer Prikkebeen (1858), it klassike berneferhaal fan de Nederlânske skriuwer Jan Goeverneur (1809 - 1889). Mijnheer Prikkebeen kin beskôge wurde as it earste Nederlânske tekenteltsje.

J.J.A. Goeverneur brocht in bewurke, suvere oersetting út fan Fahrten und Abenteuer des Herrn Steckelbein troch Julius Kell. Dat boek wie skreaun by yllustraasjes út Monsieur Cryptogame (1846) fan Rodolphe Töpffer.

Prikkebeen (Frysk: prikstôk, swevelprikke) is it ferhaal oer in hampelman fan in flinterfanger en syn suster Ursula dy't allerhanne healwize en ûnmooglike avontoeren belibje. It boek wie tige populêr by de bern en waard faak werprinte. It is yn 1980 troch Gerrit Komrij op 'e nij bewurke mei as titel De zonderlinge avonturen van Primus Prikkebeen (ISBN 90-6213-110-7) mei in neiwurd fan Dirkje Kuik.

Yn it Frysk oerset troch Tiny Mulder as De Bjusterbaarlike reis fan Menear Prikkeskonk, Amsterdam/Leeuwarden/Ljouwert, Becht/Friese Pers.

Ferwizings troch Lennart Nijgh

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Boudewijn de Groot song in liet (mei tekst fan Lennart Nijgh en muzyk fan De Groot) Meester Prikkebeen (Master Prikkebeen): Hij staat in de sneeuw aan de poort van de stad / En prikt de dagen van december op zijn hoed. (Hy stiet yn 'e snie oan de poarte fan de stêd / En prippet de dagen fan desimber op syn hoed fêst.) Dit ferwiist nei Prikkebeen, dy't fongen kapellen (flinters) op syn hoed stiek.
  • Rob de Nijs song in liet (mei tekst en muziek fan Lennart Nijgh en Boudewijn De Groot) Dag, zuster Ursula (Goeie, suster Ursula): Dag vader en dag moeder, dag zuster Ursula; / Ik zie het hier niet zitten, ik ga naar Amerika. (Goeie, heit en mem; goeie suster Ursula; / Ik kin it hjir net fine; ik gean nei Amearika.). Dat ferwiist nei de ôfskiedsbrief fan mynhear Prikkebeen oan Ursula: Lieve zuster Ursula / ik ga naar Amerika / Dat is't ware kapellenland / Ik schrijf je dit met eigen hand / En blijf evenals voorheen / je getrouwe Prikkebeen. (''Leave suster Ursula / ik gean nei Amearika / Dat is it wiere flinterlân / Ik skriuw dy dit mei eigen hân / En bliuw krekt as yn it ferline / dyn trouwe Prikkebeen.)
  • Beaumont, Elie de - Mons. Cryptogame en zijn metamorphose, Trio, Den Haach 1960.
  • Kossmann, F.K.H. - Rodolphe Töpffer, de vader van Mr. Cryptogame, Ad. Donker, Rotterdam 1946.
  • Tresoar.