Jan Goeverneur

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jan Goeverneur oaljeferveportret troch J.H.Egenberger. De skriuwer draacht syn krús út de Tsiendeiske Fjildtocht yn syn knoopsgat

Jan Jacob Antonie Goeverneur, (Hoevelaken, 14 febrewaris 1809 - Grins, 18 maart 1889), wie in Nederlânske letterkundige, dichter, (berneboeken)skriuwer en oersetter. Hy wurdt yn de Grinzer Folksalmanak fan 1890 Jan Jacob Anthony neamd.

Heit Goeverneur wie dûmny yn Beetstersweach en waard yn 1816 beroppen yn Grins, dêr't de jonge Jan Antonie yn 1825 teology studearjen gie. Hy feroare al rillgeau fan stúdzje om't de letteren him mear lutsen.

Oersetter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy sette oer yn in foar dy tiid nije, losse styl. Sa sette er sa'n 180 boeken oer, ûnder oaren "1812" fan Rellstab mar ek wurk fan Hans Christian Andersen. Goeverneur hat ek út it wurk fan de bruorren Halbertsma oerset: Twijgen uit een ouden stam opgeschoten (1841) en De lappenkorf van Gabe-snijder (1860). Yn syn oersettings en yn syn oarspronklike wurk foar bern briek Goeverneur mei de stive en belearderige toan dy't sûnt Hieronymus van Alphen wenst wie yn Nederlânske berneboeken.

Bekend wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op twee haasjes

Al in een groen groen knolle-knolle-land

daar zaten twee haasjes heel parmant’

en de een die blies de fluitefluite fluit

en de ander sloeg de trommel


Mop en mopje (1865)

Toen onze mop een mopje was,

was 't aardig om te zien;

Nu bromt hij alle dagen

En bijt nog buitendien.


Je bent een recht bedorven dier!

Eerst at je, wat ik bood;

Nu wil je lekkre beetjes

En lust niet eens meer brood.


De mop zei hierop tot de knaap:

Hoe dwaas praat gij daar toch!

Hadt gij mij niet bedorven,

'k Was een lief mopje nog.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • J.J.A. Goeverneur, De Keesiade. Een heldendicht, door verschillende dichters. Ingeleid en vertaald door Nop Maas, met medewerking van Rody Chamuleau en Rudy van der Paardt, Uitgeverij Passage, Grins, 1996.
  • Harry Bekkering, Kees Fens en Aukje Holtrop, ‘De eeuw van Sien en Otje De twintigste eeuw’.
  • Harry Bekkering Onvoltooid verleden tijd, ‘Van poesie tot poëzie - Het kindervers’In: 'De eeuw van Sien en Otje. De twintigste eeuw' (1989)
  • G. Kalff, Goeverneur (1809-'89). Yn: Geschiedenis der Nederlandsche letterkunde. Diel 7 (1912)
  • Anton Korteweg, ‘J.J.A. Goeverneur / Jan de Rijmer 1809-1889’ Yn: 't Is vol van schatten hier... (1986)
  • Patrick De Rynck en Andries Welkenhuysen, De Oudheid in het Nederlands (1992)
  • ‘Gedichten en Rijmen, van J.J.A. Goeverneur.’ Yn: De Gids. Jaargang 1 (1837)
  • ‘Gedichten en Rijmen, van J.J.A. Goeverneur.’ Yn: De Gids. Jaargang 1 (1837)
  • Ab Visser, ‘Jan de Rijmer’ In: Leven van de pen (1965)
  • Dr. W. Zuidema In memoriam in de "Groninger Volksalmanak" van 1890 (1890)

Yn dit lêste wurk wurdt dúdlik sein dat "Jan Jacob Antony Goeverneur den achtienden maart 1889, 's avonds te zeven ure, had opgehouden te lijden." Op oare plakken wurdt ek de 17e maart as datum fan syn ferstjerren opjûn.

Wurk (publisearre)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Gedichten en rijmen (1836)
  • Verstrooide rijmen (1850)
  • Prettige tijdkorting - een nieuw prentenboek voor kleine en groote kinderen (om 1857)
  • Reizen en avonturen van mijnheer Prikkebeen (1858)
  • Wijs en dwaas (1860)
  • Oude sprookjes (1861)
  • Rijm en onrijm voor kinderen (1869)
  • Robinson Crusoë (1871)
  • Gullivers reizen (1872)
  • Tijl Uilenspiegel (1872)
  • Fabelen en gedichtjes (1873)
  • Gezamenlijke gedichten en rijmen (1874)
  • Kinderpoëzie (1875)
  • De Keesiade (1878)
  • De negerhut van oom Tom (1881)
  • Sprookjes van Andersen (1882)
  • Het Zwaardlied (z.j. )
  • Dichtwerken (1889)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]