Systema Naturæ
Systema Naturæ | ||
De omslach fan 'e 10e edysje fan Linnaeus syn Systema Naturæ út 1758. | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Carolus Linnaeus | |
taal | Latyn | |
foarm | neislachwurk | |
sjenre | non-fiksje (biology) | |
1e publikaasje | 1735, Leien |
De Systema Naturæ (Latyn foar "Natuerlik Stelsel") is it magnum opus fan 'e Sweedske biolooch Carolus Linnaeus (1707–1778). Yn dit wurk, dat oan 'e basis stie fan 'e moderne taksonomy, waard it systeem foar de yndieling fan bisten (hoewol net fan planten) yntrodusearre dat (mei oanpassings) no noch altyd yn gebrûk is. Underdiel dêrfan foarmen de wittenskiplike nammen yn it Latyn, dy't no bekend steane as de binomiale nomenklatuer. Dy wie dan wol ûntwikkele troch de bruorren Gaspard en Johann Bauhin, mar Linnaeus wie de earste dy't him konsekwint trochfierde. De earste edysje fan 'e Systema Naturæ waard yn 1735 publisearre yn Leien. Neitiid ferskynden om 'e safolle tiid nije edysjes, wêrfan't de tsiende, út 1758, as fierwei it wichtichste beskôge wurdt, om't dy it begjin fan 'e soölogyske binomiale nomenklatuer befette. Fan 1766 oant 1768 kaam de gâns ferbettere tolfde edysje út, dy't de lêste wie ûnder it auteurskip fan Linnaeus. In trettjinde edysje, op 'e nij gâns ferbettere, waard fan 1788 oant 1793 publisearre troch Johann Friedrich Gmelin. Sûnt de iere tweintichste iuw beskôget de biology dat as de lêste edysje fan 'e rige.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Carolus Linnaeus (berne as Carl Linné, letter Carl von Linné, nei't er yn 1761 yn 'e adelstân ferheft wie) wie in foaroansteand Sweedsk soölooch, botanikus en dokter dy't in bysûndere ynteresse hie foar de wittenskiplike yndieling fan bisten en planten. Yn 1735, doe't er yn 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen ferbleau om gebrûk te meitsjen fan 'e fasiliteiten fan 'e Universiteit fan Leien, publisearre er yn it Latyn, de doetiidske taal fan 'e wittenskip, de earste edysje fan 'e Systema Naturæ. Yn dat wurk beskreau er syn ideeën om te kommen ta in hierargyske yndieling fan 'e natoer, dy't er ferdiele woe yn in diereryk (regnum animale) foar bisten, in planteryk (regnum vegetabile) foar planten en in "mineraleryk" (regnum lapideum) foar mineralen en stienten.
De Systema Naturæ fan Linnaeus neamt mar sa'n 10.000 soarten organismen, wêrûnder likernôch 6.000 planten en 4.236 bisten. Neffens de botanyhistoarikus William T. Stearn wie Linnaeus der sels yn 1753 noch fan oertsjûge dat der yn 'e hiele wrâld noch gjin 10.000 ferskillende planten wêze koene (yn it echt binne dat der 300.000 oant 315.000). Yn syn hiele karriêre foarseach er likernôch 7.700 planten fan in wittenskiplike namme.
Linnaeus ûntwikkele syn klassifikaasje fan soarten om te besykjen en begryp de logika fan 'e skepping fan 'e natoer troch God. Hy leaude oan 'e letterlike wierheid fan it joadsk-kristlike skeppingsferhaal. Syn yndieling wie dêrom neffens him in handich neislachwurk foar wittenskippers, mar yn 'e grûn keunstmjittich. Want God hie alle organismen los faninoar skepen, dus der koene gjin neiere ûnderlinge bannen tusken ferskillende organismen bestean. Neffens in gauris oanhelle sitaat soed er sein hawwe: "Deus creavit, Linnaeus disposuit" ("God skoep, Linnaeus dielde yn").
Foar it planteryk foege Linnaeus oan 'e Systema Naturæ syn 'seksueel systeem' ta, wêryn't plantesoarten mei itselde oantal moaltriedden behannele waarden as hearrend ta deselde groep. De basis fan 'e wittenskiplike yndieling fan planten sa't dy tsjintwurdich noch yn gebrûk is, lei Linnaeus fêst yn in oar wurk, syn Philosophia Botanica. De yndieling fan it bisteryk yn 'e Systema Naturæ wie natuerliker en foarme de basis fan 'e moderne taksonomy fan bisten.
As resultaat fan 'e populariteit fan it wurk, alteast yn wittenskiplike fermiddens, waarden Linnaeus allegeduerigen preparearre eksimplaren fan nije bisten tastjoerd fan oer de hiele wrâld. Fan gefolgen moast er de Systema Naturæ hieltyd by de tiid bringe en útwreidzje, fan 11 tige grutte siden yn 'e earste edysje fan 1735 oant 2.400 siden yn 'e tolfde edysje út 1766–1768. Geandewei ferbettere er ek flaters út eardere edysjes. Sa hied er de walfisken oarspronklik yndield by de fisken, mar op basis fan it wurk fan syn freon Peter Artedi, de grûnlizzer fan 'e ichtyology, ferpleatste er de walfisken yn 'e tsiende edysje fan 1758 nei de sûchdieren. Yn dyselde edysje yntrodusearre er ek de twadielige Latynske wittenskiplike namme foar bisten, eat dat er foar planten yn 1753 al dien hie yn syn Species Plantarum.
Nei't Linnaeus oan it begjin fan 'e 1770-er jierren yn 'e minnichte rekke, waard syn wurk oernommen troch twa oare biologen. De Sweed Johan Andreas Murray joech yn 1774 fan it part oer it planteryk in aparte nije edysje út, de Systema Vegetabilium, dy't er, nochal betiizjend, de trettjinde neamde. In trettjinde edysje fan 'e hiele Systema Naturæ waard troch de Dútser Johann Friedrich Gmelin fan 1788 oant 1793 yn njoggen ûnderskate dielen publisearre.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wurk en ynfloed
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn syn Imperium Naturæ hie Linnaeus foar de natuerlike wrâld trije riken fêstige: it bisteryk (Regnum Animale), it planteryk (Regnum Vegetabile) en it "mineraleryk" (Regnum Lapideum). Twatrêde part fan dy oanpak is noch altyd jildich, mar it ryk fan 'e mineralen is al lang lyn nei de foddekoer ferwiist. De riken waarden op hierargyske wize neier opdield yn 5 legere rangen: klassen, skiften, skaaien en soarten. Dat systeem is yn 'e hjoeddeistige taksonomy ek noch yn gebrûk, hoewol't dêr letter de haadrangen fan stamme en famylje noch oan tafoege binne tusken ryk en klasse, resp. tusken skift en skaai. Nei ferlet wurde tsjintwurdich ek withoefolle bykommende rangen tafoege, lykas tuskenskift, ûnderskift, boppefamylje, ûnderfamylje en tûke.
Linnaeus seach de rangen fan soarte en skaai as natuerlik en troch God skepen, mar de rangen dêrboppe beskôge er as keunstmjittige konstrukten. Syn bedoeling wie om in fêststeand stelsel te meitsjen dat op alle organismen en mineralen tapast wurde koe en boppedat maklik te ûnthâlden wie. De measte saakkundigen oangeande biology en taksonomy fine dat him dat slagge is. Syn wurk hie in ûnbidich grutte ynfloed op 'e lettere biology. Twa fan syn publikaasjes, de earste edysje fan 'e Species Plantarum út 1753 en de tsiende edysje fan 'e Systema Naturæ út 1758, wurde rûnom akseptearre as de basis fan 'e hjoeddeistige taksonomy en it stelsel fan wittenskiplike nammen, dat offisjeel bekend stiet as de binomiale nomenklatuer. Tsjin 'e ein fan 'e achttjinde iuw wie dat systeem de standert foar de biologyske wittenskip wurden.
Om't er ien fan 'e earsten wie dy't mei wittenskiplike nammen wurke, hawwe de nammen dy't Linnaeus foar soarten betocht oer it algemien foarrang op oare nammen dy't troch lettere biologen betocht waarden (om't se net goed op 'e hichte wiene fan it wurk fan Linnaeus of om't se in al beneamd organisme oanseagen foar ien dat noch net bekend wie). Yn 'e soölogy is op dy regel ien útsûndering, en dat is in tekst oer spinnen dy't yn Sweden foarkomme, Svenska Spindlar, publisearre troch Carl Alexander Clerck yn 1757. De wittenskiplike nammen fan Clerck hawwe dêrom foarrang foar de nammen dy't Linnaeus in jier letter foar deselde bisten betocht.
Bisten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Linnaeus dielde it bisteryk yn seis klassen yn:
- Classis 1. Mammalia (sûchdieren) (Yn 'e earste edysje fan 'e Systema Naturæ wiene de walfisken en de seekij noch by de fisken yndield, in flater dy't Linnaeus letter ferbettere.)
- Classis 2. Aves (fûgels) (Linnaeus wie de earste dy't de flearmûzen by de fûgels weihelle en by de sûchdieren yndielde.)
- Classis 3. Amphibia (amfibyen) (Hjirby wiene ek de reptilen, de kreakbienfisken en de kaakleaze fisken yndield.)
- Classis 4. Pisces (fisken) (Allinnich de bienfisken.)
- Classis 5. Insecta (ynsekten) (Hjirby wiene ek alle oare lidpoatigen yndield, mei dêropta de kreefteftigen, spineftigen en tûzenpoatigen.)
- Classis 6. Vermes (wjirms) (Alle oare bisten, wêrûnder alle soarten wjirms, mar ek de weakdieren, kwabben en stikelhûdigen.)
De manear dêr't Linnaeus de bisten op yndielde, is, sa't men hjirboppe sjen kin, tsjintwurdich sterk efterhelle, mar dat wol net sizze dat syn wurk datoangeande fan gjinderlei wearde wie. Krektoarsom: hy lei de basis dêr't lettere biologen op fuortbouwe koene. De ferbetterings oan 'e taksonomyske yndieling geane oant hjoed de dei troch. Sa moasten omtrint 2010 de walfisken yndield wurde by de evenhoevigen (Artiodactyla), nei't by nij ûndersyk bleken wie dat de nylhoarsen nauwer oan 'e walfisken besibbe binne as oan 'e oare evenhoevigen.
Minsken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Linnaeus wie ien fan 'e earste wittenskippers dy't de minske klassifisearren as in soarte dy't ta de primaten (Primates) hearde (doe noch bekend ûnder de wittenskiplike namme Anthropomorpha, wat "minskfoarmigen" betsjut). Dat joech doedestiden frijwat opskuor om't er minsken dus as in bistesoarte behannele en net as boppe de natoer steand, sa't de Bibel hawwe wol en it kristendom fan dy tiid dêrom ek. Nettsjinsteande it feit dat er dêrfoar mar in bytsje bewiis fine koe, makke Linnaeus fierders ûnderskie tusken de moderne minske (Homo sapiens) en Homo troglodytes (letterlik: "hoalebewenners"). Dat soe in minskesoarte west hawwe mei oerdreaune net-minsklike lichemseigenskippen.
Homo sapiens sels waard troch Linnaeus opdield yn fjouwer fariëteiten, dy't oerienkamen mei de fjouwer doe bekende wrâlddielen (Jeropa, Aazje, Afrika en Amearika) en de fjouwer temperaminten. De earste edysje neamde Europæus albescens ("witige Jeropeänen"), Americanus rubescens ("rodzige Amerikanen"), Asiaticus fuscus ("taankleurige Aziaten") en Africanus nigriculus ("swartige Afrikanen"). Yn 'e tsiende edysje waard dy yndieling solidifisearre troch it efterheaksel -ens en it tuskenheaksel -ul- (beide oer te setten as "-ige") fuort te heljen, sadat it waard: Europæus albus, Americanus rubus en Africanus nigrus. Asiaticus fuscus waard omneamd ta Asiaticus luridus ("bleekgiele Aziaten"). Yn guon edysjes waarden dêr noch de fariëteiten ferus en monstrosus oan tafoege foar wylde bern, resp. minsken mei lichaamlike oanpassings oan ekstreme libbensomstannichheden. It moderne Linneesk Genoatskip erkent dat Linneaus mei dizze yndieling en de bygeand fermelde skaaimerken oangeande hâlden en dragen en kultuer in pseudowittenskiplike grûnslach lein hat foar ynstitúsjonalisearre rasisme.
Planten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De taksonomyske rangen foar it planteryk yn it Seksueel Systeem, dy't Linnaeus oan 'e Systema Naturæ tafoege, wiene nea bedoeld om natuerlik besibbe kloften wer te jaan, oars as de Natuerlike Oarder dy't er beskreau yn syn Philosophia Botanica. It Seksueel Systeem wie net mear as in soarte fan iere deteminaasjegids dy't bedoeld wie om planten identifisearje te kinnen. Yn dy sin waard it oant djip yn 'e njoggentjinde iuw brûkt. De Linneeske klassen foar planten yn it Seksueel Systeem wiene:
- Classis 1. Monandria
- Classis 2. Diandria
- Classis 3. Triandria
- Classis 4. Tetrandria
- Classis 5. Pentandria
- Classis 6. Hexandria
- Classis 7. Heptandria
- Classis 8. Octandria
- Classis 9. Enneandria
- Classis 10. Decandria
- Classis 11. Dodecandria
- Classis 12. Icosandria
- Classis 13. Polyandra
- Classis 14. Didynamia
- Classis 15. Tetradynamia
- Classis 16. Monadelphia
- Classis 17. Diadelphia
- Classis 18. Polyadelphia
- Classis 19. Syngenesia
- Classis 20. Gynandria
- Classis 21. Monoecia
- Classis 22. Dioecia
- Classis 23. Polygamia
- Classis 24. Cryptogamia
Mineralen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De taksonomy dy't Linneaus foarstelde foar mineralen is al hiel lang yn ûnbrûk. Dizze yndieling wie it logyske gefolch fan Linnaeus syn útgongspunt dat de Ierde mei alles derop skepen wie troch God en dêrom ûnferoarlik wie. Dus mineralen en ek fossilen wiene troch God skepen sa't se no wiene en koene krekt as bisten en planten yndield wurde. De klassen foar mineralen út 'e tsiende edysje fan 'e Systema Naturæ wiene:
- Classis 1. Petrae ("stienten")
- Classis 2. Minerae ("mineralen") (hjirby wiene ek de ertsen yndield)
- Classis 3. Fossilia ("fossilen")
Edysjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1735 – Systema Naturæ edysje 1 troch Carolus Linnaeus, útjûn te Leien
- 1740 – Systema Naturæ edysje 2 troch Carolus Linnaeus, útjûn te Stockholm
- 1740 – Systema Naturæ edysje 3 troch Carolus Linnaeus, útjûn te Halle
- 1744 – Systema Naturæ edysje 4 troch Carolus Linnaeus, útjûn te Parys
- 1747 – Systema Naturæ edysje 5 troch Carolus Linnaeus, útjûn te Halle
- 1748 – Systema Naturæ edysje 6 troch Carolus Linnaeus, útjûn te Stockholm
- 1748 – Systema Naturæ edysje 7 troch Carolus Linnaeus, útjûn te Leipzig
- 1753 – Systema Naturæ edysje 8 troch Carolus Linnaeus, útjûn te Stockholm
- 1756 – Systema Naturæ edysje 9 troch Carolus Linnaeus, útjûn te Leien
- 1758 – Systema Naturæ edysje 10, folume 1 troch Carolus Linnaeus, útjûn te Stockholm
- 1759 – Systema Naturæ edysje 10, folume 2 troch Carolus Linnaeus, útjûn te Stockholm
- 1760 – Systema Naturæ edysje 11 troch Carolus Linnaeus, útjûn te Halle
- 1766 – Systema Naturæ edysje 12, folume 1, diel 1 troch Carolus Linnaeus, útjûn te Stockholm
- 1767 – Systema Naturæ edysje 12, folume 1, diel 2 troch Carolus Linnaeus, útjûn te Stockholm
- 1767 – Systema Naturæ edysje 12, folume 2 troch Carolus Linnaeus, útjûn te Stockholm
- 1768 – Systema Naturæ edysje 12, folume 3 troch Carolus Linnaeus, útjûn te Stockholm
- 1767 – Systema Naturæ edysje 12A ("13"), folume 1, diel 1 troch Carolus Linnaeus, útjûn te Wenen
- 1767 – Systema Naturæ edysje 12A ("13"), folume 1, diel 2 troch Carolus Linnaeus, útjûn te Wenen
- 1770 – Systema Naturæ edysje 12A ("13"), folume 2 troch Carolus Linnaeus, útjûn te Wenen
- 1770 – Systema Naturæ edysje 12A ("13"), folume 3 troch Carolus Linnaeus, útjûn te Wenen
- 1772 – Systema Naturæ edysje 12B, folume 1 troch Carolus Linnaeus, útjûn te Göttingen
- 1772 – Systema Naturæ edysje 12B, folume 2 troch Carolus Linnaeus, útjûn te Göttingen
- 1788 – Systema Naturæ edysje 13, folume 1, diel 1 troch Johann Friedrich Gmelin, útjûn te Leipzig
- 1789 – Systema Naturæ edysje 13, folume 1, diel 2 troch Johann Friedrich Gmelin, útjûn te Leipzig
- 1789 – Systema Naturæ edysje 13, folume 1, diel 3 troch Johann Friedrich Gmelin, útjûn te Leipzig
- 1790 – Systema Naturæ edysje 13, folume 1, diel 4 troch Johann Friedrich Gmelin, útjûn te Leipzig
- 1790 – Systema Naturæ edysje 13, folume 1, diel 5 troch Johann Friedrich Gmelin, útjûn te Leipzig
- 1791 – Systema Naturæ edysje 13, folume 1, diel 6 troch Johann Friedrich Gmelin, útjûn te Leipzig
- 1792 – Systema Naturæ edysje 13, folume 1, diel 7 troch Johann Friedrich Gmelin, útjûn te Leipzig
- 1791 – Systema Naturæ edysje 13, folume 2, diel 1 troch Johann Friedrich Gmelin, útjûn te Leipzig
- 1791? – Systema Naturæ edysje 13, folume 2, diel 2 troch Johann Friedrich Gmelin, útjûn te Leipzig
- 1793 – Systema Naturæ edysje 13, folume 2, diel 3 troch Johann Friedrich Gmelin, útjûn te Leipzig
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|