Gaspard Bauhin

Ut Wikipedy
Gaspard Bauhin
Gaspard Bauhin
Gaspard Bauhin
persoanlike bysûnderheden
oare namme Caspard Bauhin
nasjonaliteit Switsersk
berne 17 jannewaris 1560
berteplak Bazel
stoarn 5 desimber 1624 (64 jier)
stjerplak Bazel
etnisiteit Frânsk
wurkpaad
berop/amt dokter, heechlearaar
aktyf as botanikus
bekendste
  wurk(en)
Pinax theatri botanici (1623)

Gaspard Bauhin of Caspar Bauhin, (Bazel, 17 jannewaris 1560 – dêre, 5 desimber 1624) wie in Switsersk botanikus en dokter. It troch him skreaune Pinax theatri botanici (1623) is ferneamd. Yn dat wurk beskreau er tûzenen planten, dy't er foar in grut part nammem joech dy't in protte lykje op de nammen dy't Linnaeus letter joech neffens syn binominale nomenklatuer. Hy wie in neifolger fan de ferneamde Italjaanske dokter Girolamo Mercuriale en wurke ek oan de minsklike anatomyske nomenklatuer.

Johann Bauhin, syn broer, wie ek medikus en botanikus en syn soan, Johann Caspar Bauhin, gie ek yn de fuotleasten fan syn heit.

Gaspard wie in soan fan de Frânske dokter Jean Bauhin, dy't út Frankryk wei moast hie út reden fan syn leauwe; hy wie in Hugenoat.[1] Gaspard studearre medisinen oan de Universiteit fan Bazel, yn Padûa, Montpellier en yn Dútslân. Doe't er yn 1580 werom gie nei Bazel waard er beneamd ta dokter en sette er út ein mei it lesjaan yn botany en anatomy. Yn 1582 waard er beneamd ta perfester Gryksk.

Linnaeus eare Gaspard en syn broer mei it ferneamen fan it skaai Bauhinia.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Pinax theatri botanici [oersjoch fan planten mei yllustraasjes] beskriuwt sa'n 5.640 soarten en klassifisearret dy. It klassifikaasjesysteem is tradisjoneel en dielt de planten yn yn de groepen "beammen", "strûken" en "krûden". Hy brocht in protte planten, lykas gerzen biïnoar yn groepen sa't dy hjoed de dei noch weromkend wurde. It wichtichste fan syn wurk is de beskriuwing fan soarten en skaaien. In protte fan de nammen died er joech waarden letter troch Linnaeus oernaam en wurde dêrom no ek noch brûkt.
  • Gaspard Bauhin wie fan doel om nei Pinax theatri botanici noch in wurk te skriuwen, nammentlik Theatrum botanicum. Der soene tolve dielen komme, mar hy hat der mar trije dien krige en dêrfan is mar ien (postúm) publisearre (yn 1658).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Plantaardigheden.nl