Springe nei ynhâld

Nomenklatuer

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Binomiale nomenklatuer)

Nomenklatuer (fan it Latynske nomen, "namme", en calare, "neame") betsjut yn 'e regel nammejouwing. Yn 'e wittenskip wurdt de term nomenklatuer brûkt foar it op stelselmjittige wize beneamen fan alderhanne saken. Sa wurde bygelyks troch dêrta machtige ynternasjonale organisaasjes dúdlike, ûndûbelsinnige nammen jûn oan planten, bisten, gemyske stoffen, planetoïden, ensfh. Faak wurdt dêrfoar it Latyn brûkt, dat fan âlds de taal fan 'e wittenskip is. It doel fan sa'n nammejouwing is it mooglik meitsjen fan simpele kommunikaasje tusken minsken dy't ferskillende memmetalen hawwe. As dit systeem goed wurket, hat in wittenskiplike namme foar eltsenien dy't der beropsmjittich mei te krijen hat, deselde unike betsjutting. Wittenskiplike nomenklatuer wurdt by útstek in protte brûkt yn 'e taksonomy, de yndieling fan libbensfoarmen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.