Abdinghôfkleaster
Abdinghôfkleaster | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Noardryn-Westfalen | |
plak | Paderborn | |
koördinaten | 51° 43' N 8° 45' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | oant 1803 roomsk-katolyk sûnt 1863: protestantsk | |
oarde | Benediktinen | |
oprjochting | 1031 | |
opheffing | 1803 | |
Ynformaasje bou | ||
hjoeddeiske funksje | protestantske tsjerke | |
Webside | ||
www.abdinghof.de | ||
Kaart | ||
It Abdinghôfkleaster fan Sint-Petrus en Sint-Paulus wie in benediktynsk kleaster yn Paderborn, Dútslân. It kleaster bestie sûnt de stifting yn 1015 troch de yn Renkum berne biskop Meinwerk fan Paderborn oant de sekularisaasje op 25 maart 1803. Nij argeologysk ûndersyk hat lykwols útwiisd dat it Abdinhôfkleaster pas tsjin 'e ein fan ' e 11e iuw boud waard en dat soe betsjutte dat biskop Meinwerk (975-1036) net de earste stien fan it kleaster lein hawwe kin.
Yn 'e tiid fan syn bestean telde it kleaster meiïnoar 51 abten. Mei in bibleteek, in skoalle, in hospys, in boekebinerij, in skriptoarium en tsjerkeskatten hat it kleaster in wichtich kultureel sintrum west. Boppedat hie it kleaster in soad grûn yn it Wesergebiet, oan 'e Nederryn oant yn Nederlân. De tsjerke wurdt hjoeddedei troch de protestantsk-lutherske gemeente fan Paderborn brûkt.
Stifting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al foar it jier 1000 hat der in foargonger op 'e lokaasje west, dêr't oan it begjin fan 'e 11e iuw it Abdinghôfkleaster stifte waard. De grutte stedsbrân yn 1000 ferneatige net allinne de domtsjerke mar ek it oansletten kleaster mei de argiven fan it bisdom, sadat der hast gjin oarkondes oer de skiednis fan 'e stêd en it bisdom fan foar dy tiid bewarre bleaun binne.
Hindrik II beneamde yn it jier 1009 syn freon Meinwerk as nije biskop fan Paderborn. Hy wurdt nei Hathumar (760-815) as de twadde stifter fan it bisdom beskôge. De ûnder Meinwerk's foargonger yn gong sette bou fan 'e domtsjerke liet er ôfbrekke en troch in monumintale nijbou ferfange, dy't er yn 1015 ynwijde. Yn 1016 waard útein set mei de bou fan it Abdinghôfkleaster en sa ûntstie oant 1031 in benediktynsk kleaster mei abdijtsjerke. Op 2 jannewaris 1023 wijde biskop Meinwerk earst de krypte oan de martler Stefanus en yn 1031 de abdijtsjerke. Nei syn dea op 5 juny 1035 waard Meinwerk neffens syn winsken yn 'e krypte fan 'e tsjerke byset. Syn sarkofaach is hjoed-de-dei yn 'e Busdorftsjerke (Busdorfkirche) fan Paderborn te finen.
Midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei de stedsbrân fan 1058 waarden de dom en ek de Abdinghôftsjerke ferneatige. Yn 1078 waard de nijbou op 'e nij ynwijd. Fan it kleaster bestiet út dy tiid noch it Evangeliarium fan Abdinghôf, dat hjoed-de-dei yn it it Kupferstichkabinett yn Berlyn bewarre wurdt. Tusken 1105 en 1125 waarden de Annales Patherbrunenses skreaun, de ierste systematysk opsette beskriuwing fan 'e skiednis fan Paderborn. Ek út de earste helte fan 'e 12e iuw stamt de Paderborner bloedsegen (Blutsegen).
It westlike diel fan Paderborn waard yn 1165 op 'e nij troffen troch in slimme stedsbrân. De kleastergebouwen waarden neitiid ferfongen troch nijbou en ek waard in nije abtskapel boud.
Under foarstbiskop Simon III slette it Abdinghôfkleaster yn 1477 him by de herfoarmingsbeweging fan de Bursfelder Kongregaasje oan.
Reformaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan it begjin fan de reformaasje om 1525 hinne bleau it kleaster roomsk, wylst de Sint-Pankratius en dielen fan it domkapittel sympatisearren mei it protestantisme.
Op 14 oktober 1577 keas de protestantske mearderheid fan it domkapittel de protestant Hindrik fan Saksen-Lauenburg as biskop Hindrik IV fan Paderborn. Alhoewol't er him oan it katolisisme hold, tolerearre er ek de lutherske Confessio Augustana. Syn tsjinstanner, Diderik fan Fürstenberg, sammele in katolike minderheid om him hinne dy't him dêrtsjin fersette. Hja wisten it yn 1580 foar inoar te krijen dat tenei elts lid fan it domkapittel de roomske belidenis neffens it Konsylje fan Trente ôflizze moast. De lutherske dûmny fan 'e domtsjerke waard ferfongen troch twa jezuïten en ien dêrfan, Leonhard Ruben, waard letter benediktyn en abt fan it Abdinghôfkleaster.
Nei de dea fan Hindrik IV keas it domkapittel op 5 juny 1585 unanym Diderik as nije prinsbiskop, dy't nei Hathumar en Meinwerk as de tredde stifter fan it Paderborner bisdom beskôge wurdt. Tegearre mei de abt fan it kleaster makke Diederik as prinsbiskop mear gebrûk fan it troch de Frede fan Augsburg fan 1555 fêstleine rjocht om de religy yn syn foarstendom te bepalen.
Sekularisaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de sekularisaasje fan it Paderborner kleaster op 25 maart 1803 waard it kleaster konfiskearre en as kazerne brûkt. De Frânske besetter brûkte it kleaster as pakhûs en stâl foar de hynders fan 'e soldaten. Mei de ynfiering fan it Reichsdeputationshauptschluss kaam ek in definityf ein oan it heechstift Paderborn.
De reliken fan 'e biskoppen Meinwerk en Poppo ferhûzen doe nei de Busdorftsjerke. De grêfplaten krigen ynearsten in plak yn 'e Bartoloméuskapel en letter yn it biskoplike museum, oant se yn 1936 mei dielen fan 'e reliken nei de krypte fan 'e Paderborner dom oerbrocht waarden.
Nei 1815 waard it kleaster troch Prusen wer as kazerne brûkt en de tsjerke, dy't brûkt waard as stiengroeve, rekke slim yn it neigean. Yn it jier 1863 waard de kleastertsjerke oan 'e protestantske gemeente oerdroegen, dy't de tsjerke rekonstruearre. Mei it op 25 april 1871 yn gebrûk nimmen wie dat de earste protestantske tsjerke yn it katolike Paderborn. Yn 'e jierren 1869-1870 krige de tsjerke trije klokken dy't troch de Bochumer Verein getten wiene.
Flak foar de ein fan 'e Twadde Wrâldkriich fernielden op 22 maart en 27 maart 1945 in loftmyn en brânbommen de tsjerke en de kleastergebouwen. Yn 1952 waard de measte kleastergebouwen ôfbrutsen en ferfongen troch in nij stedhûs. De weropbou fan 'e tsjerke wie mooglik troch de feriene help fan protestanten en katoliken en op 17 maart 1951 waard de tsjerke op 'e nij ynwijd. De wijing fan 'e krypte fûn op 25 desimber 1957 plak. Op 14 maaie 1961 hie de tsjerke ek wer in oargel.
Hjoed-de-dei is de Abdinghôftsjerke de belangrykste tsjerke fan 'e protestantske gemeente Paderborn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Abdinghofkloster
|