Springe nei ynhâld

Tiroal (dielsteat)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 3 feb 2024 om 01.47 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Keppeling om utens: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Tiroal
Tirol
Flagge Wapen
Lokaasje
Geografy
Soarte gebiet dielsteat (Bundesland)
Lân Eastenryk
Haadstêd Innsbruck
Oerflak 12.648,37 km²
Befolking
Ynwennertal 757.634 (2020)
Befolkingstichtens 60 / km²
Bûtenlanners 16,4% (2020)
Amtlike taal Dútsk
Polityk
Landeshauptmann Günther Platter (ÖVP)
Regearjende partijen ÖVP en Grüne
Ferdieling sitten yn
   dielsteatsparlemint

   (Landtag, 36 sitten)
ÖVP: 17
SPÖ: 6
FPÖ: 5
Grüne: 4
NEOS: 2
FRITZ 2
Lêste ferkiezings 25 febrewaris 2018
Folgjende ferkiezings 2023
Sitten yn Federale Ried 5
Oar
Stifting 1945
Folksliet Zu Mantua in Banden
ISO 3166-2 AT-7
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Webside www.tirol.gv

Tiroal (Dútsk: Tirol) is in dielsteat fan de federale republyk Eastenryk. De haadstêd fan it Eastenrykske Tiroal is Innsbruck, dat tagelyk de grutste stêd fan de dielsteat is.

Eartiids bewennen Retiërs en Illyriërs it hjoeddeiske Tiroal. Dêrnei hearsken de Romeinen, de Bajuwaren en de Longobarden oer de kontrijen. Lang bleau it grutste diel fan Tiroal ûnderdiel fan it hartochdom Beieren, oant it yn 1363 oan de Habsburgers foel. De Habsburgers hiene net de measte ynteresse yn it gebiet, sadat it in beskieden foarm fan autonomy en syn eigenens behâlde koe.

It oarspronklik 12e-iuwske kastiel Weissenstein yn East-Tiroal

De reformaasje sloech ynearsten ek yn Tiroal goed oan. Under de oanhing wiene ek de radikaal-reformatoaryske werdopers, lykas de út it Pustertal (it yn it tsjintwurdige Itaalje lizzende Val Pusteria) stammende Jakob Hutter, dy't yn 1528 de Hutteriten-beweging stifte. Fanwegen de ferfolgings moasten hja flechtje, ynearsten nei Moraavje en letter nei Noard-Amearika, dêr't noch jimmeroan it neiteam in Tiroalsk dialekt prate. Ek Tiroal waard yn 1525 belusten by de Dútske Boerenkrigen. De opstân yn Tiroal stie ûnder lieding fan Michael Gaismair, mar waard al gaueftich delslein. Dêrnei helle keizer Ferdinand I de jezuïeten nei Tiroal, dy't in begjin makken mei in súksesfolle kontrareformaasje.

Kaart mei de ôfsûnderlike dielen fan Tiroal

Yn de Earste Wrâldkriich wie Itaalje polityk neutraal, mar lang om let keas it lân de kant fan de alliearre krêften. Itaalje makke oanspraak op de wetterskieding tusken de Middellânske See en de Swarte See as de noardlike grins fan it lân, ek al lei de Italjaansk-Dútske taalgrins in stik súdliker. Yn ruil foar it Italjaanske oerrinnen nei de alliearre kant ûnthieten de alliearren Itaalje Súd-Tiroal. Yn it Fredesferdrach fan Saint Germain fan 1919 waarden de alliearre tasizzings oan Itaalje fêstlein. Itaalje twong de Dútsktalige befolking fan Tiroal dêrnei te feritaljaanskjen en der ûntstie ferset ûnder befolking foar in autonoom of selsstannich Tiroal of oansluting by it Dútske Ryk.

Nei de machtsoername troch de faksisten yn Itaalje en de Nasjonaalsosjalisten yn Dútslân en de Anschluss fan Eastenryk waard de kleau tusken it noarden en súden fan Tiroal noch djipper. Hitler en Mussolini leine de grins by Brenner fêst, wêrby't foar Tiroal in ferhûzing fan Dútsktalige ynwenners regele waard, dy't lykwols troch de kriich mar foar in part útfierd waard. Ek nei de Twadde Wrâldkriich bleau Tiroal ferdield, de grinzen fan it fredesferdrach fan 1919 bleaune oant de dei fan hjoed ûnferoare. It krewearjen nei de Twadde Wrâldkriich om yn alle gefallen de Dútsktalige befolking wer te ferienigjen mei Eastenryksk Tiroal mislearre. Nei jierrenlange Eastenrykske ynset slagge it al de kulturele en taalrochten fan de Dútsktalige Súd-Tiroalske befolking yn de Italjaanske wetjouwing fêst te lizzen.

De dielsteat Tiroal bestiet út de twa ôfsûnderlike dielen Noard- en East-Tiroal. De Eastenrykske dielsteat Tiroal en it Italjaanske autonome Trentino-Súd-Tiroal wurkje tsjintwurdich gear as de Europeeske regio Tiroal.

De Großglockner yn East-Tiroal

Mei in oerflak fan 12.648,37 km² is Tiroal de op twa nei grutste dielsteat fan Eastenryk. De dielsteat grinzget oan de dielsteaten Karinsje, Vorarlberg en Salzburg en de buorlannen Dútslân, Switserlân en Itaalje. Fan alle dielsteaten hat Tiroal mei 719 kilometer de langste bûtegrinzen fan it lân en mei 12,44% it lytste oandiel yn it oerflak dat bewenne wurde kin.

De heechste berch (en tagelyk ek de heechste berch fan it lân) is de Großglockner yn East-Tiroal. De Großglockner is 3.798 meter heech. De heechste berchrige is de Wildspitze yn Noard-Tiroal mei in hichte fan 3.768 meter. It leechste punt is 465 meter by it doarp Erl oan de Inn, fyftjin kilometer noardlik fan Kufstein net fier fan de grins mei it Dútske Beieren.

Yn Tiroal wurde fral súd-beierske dialekten praat. Yn dielen fan Außerfern yn it noardwesten wurde boppedat Alemaanske dialekten praat. De dialekten yn West-Tiroal hawwe ynfloeden fan Allemaanske en Swabyske dialekten.

Lykas yn de rest fan Eastenryk binne de measte ynwenners fan Tiroal katolyk. De dielsteat hat sels it heechste oandiel katoliken fan it lân. Dêrnjonken binne der protestantske, otterdokse en islamityske minderheden. Neffens in folkstelling fan 2001 wie likernôch 5% sûnder leauwe. It oandiel katoliken en protestantsen is lykas yn de rest fan it lân de lêste dessinia ôfnommen, wylst it oandiel moslims, otterdoksen en minsken sûnder leauwe dúdlik tanommen is.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1869 1890 1910 1934 1951 1961 1971 1981 1991 2011 2018
Ynwennertal 236.426 249.984 304.713 349.098 427.465 462.899 544.483 586.633 631.410 710.048 751.140

Stêden en gemeentes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tiroal is ûnderferdield yn ien selsstannige stêd (Statutarstadt) en acht politike distrikten (Bezirke), dy't wer yn 279 polityk ôfhinklike gemeentes binne ûnderferdield.

Innsbruck
Kufstein
Kappl

Stêden binne yn dikke letters oanjûn.

Alle gemeentes fan Tiroal mei mear as 5.000 ynwenners
Rang Stêd- / markt- / gemeente Ynwenners (01.01.2020) Distrikt
1. Innsbruck 131.961 Innsbruck
2. Kufstein 19.527 Kufstein
3. Telfs 16.046 Innsbruck-Land
4. Hall in Tirol 14.153 Innsbruck-Land
5. Wörgl 14.059 Kufstein
6. Schwaz 13.791 Schwaz
7. Lienz 11.905 Lienz
8. Imst 10.765 Imst
9. St. Johann in Tirol 9.547 Kitzbühel
10. Rum 9.271 Innsbruck-Land
11. Kitzbühel 8.225 Kitzbühel
12. Zirl 8.110 Innsbruck-Land
13. Wattens 8.010 Innsbruck-Land
14. Landeck 7.633 Landeck
15. Absam 7.311 Innsbruck-Land
16. Jenbach 7.230 Schwaz
17. Völs 6.938 Innsbruck-Land
18. Reutte 6.918 Reutte
19. Axams 6.048 Innsbruck-Land
20. Kirchbichl 5.858 Kufstein
21. Ebbs 5.645 Kufstein
22. Hopfgarten im Brixental 5.630 Kitzbühel
23. Vomp 5.235 Schwaz
24. Kirchberg in Tiroal 5.230 Kitzbühel

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Dielsteaten fan Eastenryk
Burgenland Karinsje Neder-Eastenryk Opper-Eastenryk Salzburg Stiermarken Tiroal Vorarlberg Wenen
· · Berjocht bewurkje