Springe nei ynhâld

Prêrjehinnen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 8 jan 2024 om 01.29 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
prêrjehinnen
In lytse pêrjehin (Tympanuchus pallidicinctus).
In lytse pêrjehin (Tympanuchus pallidicinctus).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: goes- en hineftigen
   (Galloanserae)
skift: hineftigen (Galliformes)
boppefamylje: fazantfûgels (Phasianoidea)
famylje: fazanteftigen (Phasianidae)
ûnderfamylje: echte fazanten (Phasianinae)
tûke: rûchpoathinnen (Tetraonini)
skaai: prêrjehinnen (Tympanuchus)
Gloger, 1841

De prêrjehinnen, ek stavere as prêryhinnen of prairiehinnen, (wittenskiplike namme: Tympanuchus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it boppeskift fan 'e goes- en hineftigen (Galloanserae), it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de boppefamylje fan 'e fazantfûgels (Phasianoidea), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de ûnderfamylje fan 'e echte fazanten (Phasianinae) en de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini).

Beskriuwing

Dit skaai omfettet trije soarten lytsere rûchpoathinnen, dy't foarkomme yn Noard-Amearika en benammentlik op 'e prêrje libje. Eltse soarte is oanpast oan in oar type prêrje. By de balts meitsje de hoannen toetsjende lûden en dûnsje mei de kop útrutsen nei foarren ta, de sturt omheech en harren kleurrike halspûden opset mei lucht. De wittenskiplike namme fan it skaai, dat yn 1841 troch de Dútske soölooch Constantin Wilhelm Lambert Gloger yn 'e taksonomy yntrodusearre waard, kombinearret de Aldgrykske wurden tympanon of tumpanon, dat "pauk" betsjut mei echeo, dat "leven meitsje" betsjut.

Soarten

De útstoarne heidehin fan 'e eastkust fan 'e Feriene Steaten wurdt ornaris beskôge as in ûndersoarte fan 'e prêrjehin, mar guon autoriteiten behannelje dat bist as in selsstannige soarte.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.