Springe nei ynhâld

Anke Bijlsma

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 jan 2024 om 07.44 troch Frou Watzema (oerlis | bydragen) (referinsje)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Anke Bijlsma
akteur
persoanlike bysûnderheden
berne 8 maart 1971
berteplak Brantgum
jierren aktyf 2002 - no

Anke Bijlsma (Brantgum, 8 maart 1971) is in Frysk aktrise, regisseur, koreograaf, organisator en teäterûndernimster. [1]

Nei Brantgum wenne se yn Driezum, Damwâld en Ternaard en bedarre úteinlik op in 18de-iuwske boerepleats yn Nes. Mei har man Gerrit Breteler (1954-2023) hat se twa bern, Hylke en Anne-Goaitske. [2][3] Nei har oplieding oan de PABO 'De Bouhof' waard se ûnderwizeres mar joech ek aerobics en dûns by it Bodde Bouman Sportsintrum yn Dokkum.

Sûnt 2002 spilet se yn ferskate foarstellings. Moortje, in oersetting en bewurking fan Bredero syn Moortje. Fierders spile se yn Lier fan 't Tricht, skreaun troch Gerrit Breteler. Doe 't Tryater har 40-jierrich jubileum hie, waard it 'It Dreamlabfûns' oprjochte. Dat fûns wol benammen jonge akteurs en teatermakkers om Tryater hinne in kâns jaan. Sa spile Anke Bijlsma tegearre mei Marijke Geertsma yn it stik Oer Him.

Mei Gerrit Haaksma spile se yn Katarsis, in kroechteäterstik dat mear as 170 foarstelings yn Fryslân hân hat. Se regisearre de beide ienakters Katarsis II - De Bedimmer dy't troch Gerrit Breteler skreaun binne. Fan him regisearre se ek it teatrale rekwiëm Oer de seedyk, in oade oan de bewenners fan it fiskersdoarp Peazens-Moddergat nei oanlieding fan de Ramp.

Anke Bijlsma is aktrise en produksjeliedster fan teätergroep Ach Mea Culpa. Dy groep makke fjouwer kroechteäterstikken: Katarsis, Kredo, Krimp en Kredyt. Yn de foarstelling Krimp spile se mei Gerrit Haaksma neist harren rol as kroechbaas en taapster fan kafee ‘De Bûnte Bok’ yn Ljussens noch tsien oare karakters.[4] It stik soe mear as twahûndert kear opfierd wurde. [5] De produksje betsjutte foar kabaretier Jan Jaap van der Wal syn toanielrezjydebút.[6]

Fanút it bedriuw 'Grut Winia' dat se tegearre mei Gerrit Breteler hat, ûntwikkelet se alle keunstuterings omtrint skilderijen, teater en dûns. Bijlsma hat in metodyk ûntwikkele foar it tapassen fan dûns yn it ûnderwiis. Sy jout kursussen en workshops oan dosinten en learkrêften. Foar koaren en brassbands makket sy teätrale bewurkings foar konserten. Ek presintearret sy bedriuwsgearenkomsten en konserten.[7] Foar 2021 produsearre se mei David Lelieveld en dirigent Arnaud Oosterbaan de Waadopera Peter Grimes yn Paezens-Moddergat.[8] Sintraal stiet de fisker Peter Grimes. De Waadopera toant it benaude en bytiden benypte libben yn in lytse fiskersmienskip.

Rollen (karút)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De Man fan dyn Libben; tragikomeeedzje (2019)
  • Kredyt (2016, 2019) [9]
  • Krimp – as Eelkje (2011)
  • De triennen fan Katarsis (2009)
  • Kredo (2009)
  • Oer Him (2006)
  • Lier fan ’t Tricht (2005)
  • Moortje (2002)

Kultureel ûndernimster

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 2017 oant 2019 makke se as programmeur foar it eardere garnalefabryk en lettere museum yn Moddergat in aktyf sintrum mei kulturele aktiviteiten. [10]

As ynwenster fan it krimpgebiet Noardeast Fryslân set Bijlsma har yn foar ynvestearring yn kulturele dynamyk om de leefberens yn de regio te befoarderjen.[11] Yn 2018 waard se programmeur fan teätertsjerke yn Nes. [12] It tsjerkje wie yn dat jier folslein omboud ta lokaasje foar kongressen, eveneminten en rou- en troufeesten.[13]

Sûnt 2018 is hja útfierend en riedjouwend lid fan de wurkgroep Twirre mei as doel 'in sûne Waadrâne foar moarn!'. De groep wol de eigen omjouwing sûner en moaier meitsje troch it fergrutsjen fan sûnens en bioferskaat. Se fersoarget foar Twirre enammen de kommunikaasje en it organisearjen fan gearkomsten.

Yn 2017 wûn se de Kultuerpriis fan Noardeast-Fryslân.[14]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Theaterondernemer en actrice Anke Bijlsma: "Er is meer dan Tryater!" Omrop Fryslân, 9 desimber 2018
  2. Zonder cultuur geen ontwikkelde samenleving, Nieuwe Dockumer Courant, 14 novimber 2005]
  3. De rollercoaster van Anne-Goaitske Breteler, yn: Friesland Post, jannewaris 2024
  4. Weergaloze voorstelling Krimp van Achmea Culpa, zuidoostfriesland.nl, 16 febrewaris 2015
  5. Komische voorstelling Krimp van Gerrit Haaksma en Anke Bijlsma, Friesland Post, 14 novimber 2014
  6. Achmea Culpa speelt ‘Krimp’ twee keer in De 2 Gemeenten, www.jirnsum.nl, 21 jannewaris 2014
  7. Actrice Anke Bijlsma presenteert Spavo Spring Concert, 8karspelennieuws.nl, 5 april 2019
  8. wadopera.nl
  9. Première van de voorstelling Krediet in het Nederlands, rtvnof 21 maart 2019
  10. Toekomst Garnalefabryk in Moddergat staat op losse schroeven, Omrop Fryslân, 27 desimber 2018
  11. Anke Bijlsma maakt van Theaterkerk Nes kloppend hart voor de regio, friesjournaal.nl, 20 maart 2020
  12. De Nachtwacht komt naar Nes, maar niet de echte, Ljouwerter Krante, 2 septimber 2020
  13. thearterkerknes.nl
  14. Noordoost-Fryslân reikt sport- en ondernemersprijzen uit, Omrop Fryslân, 20 jannewaris 2018