Jenna Coleman
Jenna Coleman | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jenna-Louise Coleman | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 27 april 1986 | |
berteplak | Blackpool (Ingelân) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
jierren aktyf | 2005 – no | |
offisjele webside | ||
Jenna Coleman op Twitter |
Jenna Coleman (folút: Jenna-Louise Coleman; Blackpool, 27 april 1986) is in Ingelsk tillefyzje-, film-, toaniel- en stimaktrise. Hja is benammen bekend wurden troch har tillefyzjerollen as Jasmine Thomas yn 'e soapsearje Emmerdale, Clara Oswald yn 'e science fictionsearje Doctor Who, keninginne Fiktoaria yn 'e biografyske dramarige Victoria en de santjinde-iuwske aventoersfrou Johanne Constantine yn 'e Netflix-searje The Sandman. Op it wite doek wie Coleman ûnder mear te sjen yn in byrol yn it romantysk drama Me Before You.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Coleman waard yn 1986 berne yn Blackpool, yn it greefskip Lancashire, as de dochter fan Keith Coleman en dy syn frou Karen. Se hat in âldere broer dy't Ben hjit. Har foarnamme waard betocht troch har beppe, dy't har ferneamde nei it personaazje Jenna Wade (spile troch Priscilla Presley, yn 'e bekende Amerikaanske soapsearje Dallas. Coleman folge fuortset ûnderwiis oan 'e Arnold School yn Blackpool, dêr't se lid wie fan it toanielselskip In Yer Space. Dêrmei fierde se it toanielstik Crystal Clear op ûnder it Edinburgh Festival, dêr't se in priis wûn foar har rol.
Aktearkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't Coleman yn 2005 op audysje gie by ferskate toanielskoallen, waard har de rol fan Jasmine Thomas oanbean yn 'e Britske soapsearje Emmerdale. Se gie dêr op yn en spile dy rol 168 ôfleverings lang, fan 2005 oant 2009. Yn 2006 waard se nominearre foar de National Television Award yn de kategory populêrste nijynkommeling, en yn 2007 waard se by de útrikking fan 'e British Soap Awards útroppen ta bêste nijynkommeling. Yn 2009 waard se fierders nominearre foar de British Soap Awards yn de kategoryen bêste aktrise, meast seksy frou en bêste aktearprestaasje.
Yn 2009 hie Coleman in haadrol yn 'e Britske jongereinsearje Waterloo Road, as de ûnmeilydsume tiner Lindsay James. Mei't se doedestiden 23 jier wie, fertelde Coleman letter dat se it spyljen fan in skoalfamke "surreälistysk" fûn hie. Yn desimber 2010 waard bekendmakke dat Coleman de rol fan Susan Brown spylje soe yn 'e BBC-tillefyzjesearje Room at the Top, nei in roman fan John Braine. It wie oarspronklik de bedoeling dat dy rige yn april 2011 útstjoerd wurde soe, mar dat stûke doe't der in skeel oer de auteursrjochten ûntstie tusken de makkers en de erven Braine. Nei't de ûnienichheid yn 2012 bylein waard, koe de twadielige minysearje yn septimber fan dat jier dochs noch útstjoerd wurde.
Underwilens hie Coleman doe yn 2011 har debút op it wite doek makke, mei in hiel lyts roltsje yn 'e Amerikaanske superheldefilm Captain America: The First Avenger. Datselde jiers liende se har stim oan it personaazje fan prinsesse Melia Antiqua yn 'e Ingelsktalige adaptaasje fan it Japanske fideospultsje Xenoblade Chronicles. Yn 2012 fertolke se de rol fan Annie Desmond yn 'e fjouwerdielige minysearje Titanic. Ek wie se yn 2012 as stimaktrise belutsen by de koarte film Imaginary Forces.
Yn maart 2012 waard Coleman yn ien fan har bekendste rollen cast as Clara Oswald, de selskipsfrou fan 'e Alfde Dokter (spile troch Matt Smith) en de Tolfde Dokter (spile troch Peter Capaldi), yn 'e populêre science fiction-searje Doctor Who. Coleman spile dy rol oant en mei 2015, yn 'e sânde oant en mei de njoggende searje fan Doctor Who, hoewol't se yn 2017 noch foar in kameo weromkearde yn Twice Upon a Time, de krystôflevering fan 2017. Foar de rol fan Clara Oswald waard Coleman yn 2015 nominearre foar in Saturn Award yn 'e kategory bêste byrol fan in aktrise op 'e tillefyzje. Dêrnjonken wie Coleman yn 2013 ek te sjen yn 'e tillefyzjesearjes Death Comes to Pemberley, in moardmystearje nei de roman mei deselde namme fan P.D. James, en Dancing on the Edge, oer it wol en wee fan in swarte jazz-band yn 'e 1930-er jierren. Datselde jiers begûn Coleman, dy't har oant doe ta 'Jenna-Louise Coleman' neamd hie, as artystenamme de ferkoarte foarm 'Jenna Coleman' te brûken.
Yn 2016 wie Coleman op 'e tillefyzje te sjen as de njoggentjinde-iuwske Britske keninginne Fiktoaria yn 'e biografyske kostúmdramarige Victoria. Yn in fraachpetear joech Coleman letter ta dat se net alhiel op 'e hichte wie mei it Fiktoriaanske Tiidrek doe't se yn 'e rol fan 'e foarstinne cast waard, en dat se harsels by de tiid bringe moatten hie troch har yn 'e rol yn te lêzen. Ek sei se dat de rol fan Fiktoaria har einlik útbriek út it fakje fan "fanke út 'e arbeidersklasse út Noard-Ingelân" dêr't se troch har rol yn Emmerdale yn bedarre wie. Victoria waard in grut súkses, net inkeld yn it Feriene Keninkryk, mar ek dêrbûten. Coleman wûn der sadwaande ynternasjonale bekendheid mei. Produsint ITV besleat yn 2016 om in twadde seizoen fan Victoria te meitsjen, en yn desimber 2017 waard besletten ta in trêde seizoen. Foar har rol as keninginne Fiktoaria wûn Coleman yn 2017 in Golden Nymph Award foar bêste aktrise yn in dramasearje, en waard se yn 2017 en 2018 nominearre foar in National Television Award foar bêste optreden yn in dramasearje.
Ek yn 2016 spile Coleman de byrol fan Katrina Clark, de suster fan haadpersoan Lou Clark (spile troch Emilia Clarke), yn 'e romantyske dramafilm Me Before You. Fierders wie Coleman yn 2016 as stimaktrise belutsen by in ôflevering fan de animaasjerige Thunderbirds Are Go. Yn 2018 fersoarge se de voice-over foar in reklamekampanje fan Royal Caribbean International. Datselde jiers spile se ek yn 'e BBC-minysearje The Cry, nei in roman fan Helen FitzGerald út 2013. Yn 2019 stie Coleman op 'e planken yn it Londenske Old Vic Theatre mei in produksje fan it toanielstik Al My Sons. Coleman spile yn 2022 de santjinde-iuwske aventoersfrou Johanne Constantine yn 'e Netflix-searje The Sandman.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Coleman hat foar it One To One Children's Fund, dêr't se ambassadrise foar is, in protte goeddiedichheidswurk dien yn Súd-Afrika, op it mêd fan it bewust meitsjen fan 'e befolking fan 'e gefaren fan it HIV-firus. Hja is ek ambassadrise foar Place2Be, in goed doel dat psychoterapy op skoallen yn it Feriene Keninkryk fersoarget foar learlingen dy't dêr ferlet fan hawwe.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as aktrise | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
2005–2009 | Emmerdale | Jasmine Thomas | fêste rol |
2009 | Waterloo Road | Lindsay James | weromkearende rol |
2012 | Titanic | Annie Desmond | weromkearende rol |
2012 | Room at the Top | Susan Brown | tillefyzjefilm |
2012–2015 | Doctor Who | Oswin Oswald / Clara Oswald | fêste rol, searje 7–9 (38 ôfl.) |
2013 | Dancing on the Edge | Rosie Williams | weromkearende rol |
2013 | The Five(ish) Doctors Reboot | harsels | in Doctor Who-parody ta gelegenheid fan it 50-jierrich bestean fan 'e searje |
2013 | Death Comes to Pemberley | Lydia Wickham | haadrol |
2016 | Thunderbirds Are Go | Baines | gastrol; as stimaktrise; ôfl. Earthbreaker |
2016–2019 | Victoria | keninginne Fiktoaria | titelrol; 25 ôfl. |
2017 | Doctor Who | Clara Oswald | tillefyzjespecial |
2018 | The Cry | Joanna Lindsay | haadrol |
2020 | Inside No. 9 | Beattie | ôfl. Death Be Not Proud |
2021 | The Serpent | Marie-Andrée Leclerc | haadrol |
2021 | Billion Pound Bond Street | n.f.t. | fertelster |
2022 | The Sandman | Johanna Constantine I / Johanna Constantine II | weromkearende rol; 3 ôfl. |
2022 | The War Rooms | Joan Bright | haadrol; ek útfierend produsinte |
2023 | Wilderness | Liv Taylor | haadrol |
films | |||
2011 | Captain America: The First Avenger | Connie | tige lyts roltsje |
2016 | Me Before You | Katrina Clark | |
2019 | Corporate Monster | Ellen | koarte film |
2022 | Klokkenluider | Flo | |
2023 | Jackdaw | Bo | |
fideospultsjes | |||
2005 | Drakengard 2 | Manah | |
2010 | Xenoblade Chronicles | prinsesse Melia Antiqua | Ingelsktalige neisyngronisearring |
2015 | Lego Dimensions | Clara Oswald | haadspultsje en Doctor Who-expansion |
2020 | Xenoblade Chronicles: Definitive Edition | prinsesse Melia Antiqua | Ingelsktalige neisyngronisearring, mei nije Future Connected-epilooch |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Jenna Coleman op Twitter
- (in) Folsleine filmografy fan Jenna Coleman yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|