Unmeilydsumens

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Unmeilydsumens is in gemoedstastân of karaktereigenskip wêrby't men neat jout om 'e gefoelens, de belangen en/of it lichaamlik wolwêzen fan oaren. It is it tsjinstelde fan begrutsjen.[1] It byhearrend eigenskipswurd is ûnmeilydsum. Synonimen dêrfan binne: herteleas, hertlau, hurd, hurdhertich, strûs of strús, strúsk, ûnbarmhertich, ûnferbidlik, ûngefoelich, ûnmeigeand, ûnmurfber of ûnmorfber en ûnoandwaanlik. Unmeilydsumens is net itselde as ûnferskilligens of wredens, hoewol't it dêr wol reitsflakken mei hat.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 2189.