Pixar Animation Studios
Pixar Animation Studios | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | filmstudio (tekenfilms) | |
haadkertier | Emeryville (Kalifornje) | |
oprjochte | 1986 | |
oprjochter | Edwin Catmull Alvy Ray Smith | |
eigner | The Walt Disney Company | |
mem | The Walt Disney Studios | |
offisjele webside | ||
pixar.com |
De Pixar Animation Studios, ornaris koartwei Pixar neamd, is in Amerikaanske filmstudio dy't him taleit op 'e produksje fan tekenfilms dy't mei de kompjûter makke wurde. It haadkertier fan it bedriuw is fêstige yn Emeryville, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Pixar waard yn 1986 oprjochte en is sûnt 2006 in dochterûndernimming fan The Walt Disney Company. De studio stiet bekend om sokke populêre produksjes as Toy Story, Finding Nemo, The Incredibles, Ratatouille en Brave.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pixar giet tebek op 'e Graphics Group, dy't yn 1979 oprjochte waard as ûnderdiel fan 'e kompjûterdifyzje fan Lucasfilm. Yn 1986 waard it in selsstannich bedriuw ûnder de namme Pixar Animation Studios, oprjochte troch Edwin Catmull en Alvy Ray Smith mei finansjele stipe fan Apple-foarman Steve Jobs, dy't it meastepart fan 'e oandielen yn besit krige. Yn 't earstoan die Pixar benammen wurk dat oan harren útbestege wie troch oare tekenfilmstudio's, wêrûnder net yn it lêste plak de Walt Disney Animation Studios. Ek waard in protte tiid en enerzjy stutsen yn 'e ûntwikkeling fan nije helpmiddels foar it meitsjen fan tekenfilms, lykas de Pixar Image Computer en de software fan it Computer Animation Production System (CAPS).
De earste lange tekenfilm dy't Pixar hielendal sels produsearre, wie Toy Story, dat yn 1995 útkaam en de earste kompjûter-animearre film ea wie. It waard in ûnbidich súkses, en neitiid soene noch mear as tweintich oare bekende lange animaasjefilms folgje, wêrûnder Toy Story 2 (1999), Monsters, Inc. (2001), Finding Nemo (2003), The Incredibles (2004), Cars (2006), Ratatouille (2007), WALL-E (2008), Up (2009), Toy Story 3 (2010), Cars 2 (2011), Brave (2012), Monsters University (2013), Inside Out (2015), The Good Dinosaur (2015), Finding Dory (2016), Cars 3 (2017), Coco (2017), Incredibles 2 (2018), Toy Story 4 (2019), Onward (2020), Soul (2020), Luca (2021), Turning Red (2022), Lightyear (2022), en Elemental (2023). Dêrnjonken hat Pixar ek tsientallen koarte tekenfilms makke.
Yn 2006 waard Pixar oernommen troch The Walt Disney Company foar in priis fan nei skatting $7,4 miljard, troch elts oandiel fan Pixar om te setten yn 2,3 oandielen fan Disney. Steve Jobs waard dêrtroch doe de grutste partikuliere oandielhâlder fan The Walt Disney Company. Pixar waard neitiid yndield by de difyzje fan The Walt Disney Studios, dêr't û.m. ek Walt Disney Pictures, de Marvel Studios, de Walt Disney Animation Studios en Lucasfilm by ûnderbrocht binne.
Resultaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Anno augustus 2018 hiene de lange films fan Pixar allinnich al wrâldwiid mei-inoar likernôch $13 miljard opbrocht, wat delkaam op trochinoar $634 miljoen de film. De films Finding Nemo en it ferfolch dêrop, Finding Dory, hearre yn 'e mande mei Toy Story 3 en Incredibles 2 ta de top 50 meast opbringende films aller tiden. Incredibles 2 stiet (anno 2018) sels op it twadde plak op dy list, mei in bruto-opbringst fan $1.117.000.000. Yn 'e top 50 meast opbringende tekenfilms aller tiden steane (anno 2018) 15 fan 'e produksjes fan Pixar.
Fierders hat Pixar mei syn films (anno 2018) 19 Oscars, 11 Grammy Awards, 8 Golden Globes en in ferskaat oan oare prizen wûn. Finding Nemo, The Incredibles, Ratatouille, WALL-E, Up, Toy Story 3, Brave, Inside Out en Coco wûnen allegear de Oscar yn de kategory bêste (lange) tekenfilm, de heechste priis dy't foar tekenfilms te krijen is. Yn 2009 krigen Pixar-bestjoerders John Lasseter, Brad Bird, Pete Docter, Andrew Stanton en Lee Unkrich op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje de Gouden Liuw útrikt foar it hiele oeuvre fan harren bedriuw.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|